Tusken de rails

Kees, dy’t syn wurk hat op’e leanadministraasje fan in grut bedriuw, sit by sa’n nijmoadrige spoarhalte te wachtsjen op’e trein dy’t him elke dei nei syn wurk bringt. Wat oars noait bart, in direksjelid fan itselde bedriuw sil hjoed ek mei de trein nei it wurk. De direkteur hat der gjin weet fan wat der al sa de lêste tweintich jier yn’e spoarwrâld feroare is. Hy mist in sjef, de loketten en in kranteferkeaper. Om de tiid troch te kommen freget er Kees om in stik fan’e krante. Dy wegeret, hy ferlient dy geunst net en as de direkteur yn syn geastlike lytsens om in stikje krante begjint te smeekjen en te paaien, spuit Kees alle galle dy’t yn him opkroppe is. Freonepolityk, baantsjejagerij foar famylje, omslaan mei persoaniel fan’e oare sekse, alles smyt er de direkteur foar de fuotten, oant dy hast oer it perron krûpt en himsels foar de trein smite wol.
Dan slacht it om, dit giet te fier, de sêne draait wer nei it begjin en Kees lit him no net fuortdriuwe op alles wat er yn’e efterholle faaks wol woe, mar hy jout minlik en foarkommend de direkteur in stik fan’e krante.