Leave Lita mei ried en died

De ferwikkelingen fan in krûdedeskundige en in fraachbaak/ columniste.
As Ton en Lita op fakânsje geane, ferhiere hja harren hús, sadat it yn betroude hannen is. No ja, betroude hannen? Geart en Anna nimme de boel sa deskundich as mooglik oer. Dat hja der by inkele foutsjes by meitsje, sil jo dan ek net ferwûnderje. En as Pake dan ek noch op visite komt, dan is it spul kompleet, en allegearre fertsjinje. Dat de dochter har ferkearing yn de tize rint is in ferhaal yn it ferhaal. Yn it koart in stik wer by de taskôger rjochtop fan de spanning en slop fan it laitsjen sitten bliuwt.

Reboelje yn de âlde jachthaven

Wat in reboelje yn de âlde jachthaven, wêr’t it altyd sa rêstich en gesellich wie. De minsken hawwe troch krigen, dat it spul ferkocht wurde sil. Grutte konsternaasje as dan ek noch blykt dat der in kontroleur ûnderweis is en nimmen wit hoe hy der útsjocht. In havenmaster dy’t net swimme kin, in direkteur fan in grut bedriuw, dy’t ferdwûn is en sels syn sekretaresse wit net wêr ‘t hy is. Wat in drokte dêr yn de “FEILIGE HAVEN” en komt it allegearre wol wer goed???