Trettjin om’e tafel

Madeleine en Antoine Villardier hawwe op krystjûn in oantal minsken útnoege foar in diner. It stik begjint op it stuit dat se harren oanklaaie foar it feest en de list mei gasten noch ris trochnimme. As blykt dat se trettjin gasten hawwe sille rekket Madeleine yn panyk. Dan begjint it iverich sykjen nei in mooglikheid om der noch ien gast by te krijen of ien fan’e gasten fuort te krijen, sadat se mar net mei it ûngelokstal om’e tafel komme te sitten. Op in kluchtige wize wol dit mar net slagje.
It ûngelok hinget harren sowieso boppe de holle; se krije besite fan in frou dy’t eartiids in ferhalding mei Antoine hân hat, doe’t hy foar syn trouwen yn Súd-Amerika wenne. As se alinne mei Antoine is wurdt dúdlik dat se har wreke wol. Hy hat har fan’e de iene op de oare dei ferlitten, mar belangriker noch: hy hat it lântsje ferlitten wêrfan’t hy troch in revolúsjonêre heldendied, president wurden wie. Sy wol him of meinimme of him deadzje. As Madeleine dit geheim te hearren kriget is se ferskriklik grutsk op har man en har leafde foar him libbet hielendal op. Se bellet har minnaar op om him te sizzen dat se fan har man haldt. As de súd-amerikaanse heart dat Antoine’s heldendied einliks in ûngelokje wie, hat se ynienen hielendal gjin ynteresse mear foar him en se giet fuort. It gefaar is foarby en op dat stuit binne der tolve gasten en kinne se einlik oan tafel. Mar.. noch foar dat se oan tafel sitte komt der dochs noch in gast oansetten en binne se wer mei syn trettjinnen.

Moarn komt der wer in dei

Sjef fan it argyf, de Graaf, moat ‘ôffloeie’; 22 jier hat er syn bêste krêften jûn oan it bedriuw. No’t er it hiele argyf reorganissearre hat, is er sels oerstallich wurden… Sa’t de direkteur him witte lit, is der in nije kompjûter kocht dy’t it wurk fan 25 minsken dwaan kin. De Graaf besiket it thús earst stil te hâlden – syn frou is moarn jierdei – mar dat slagget net, fral net om’t soan Bonne poerrazend wurdt oer it ûnrjocht dat syn heit oandien is. Hysels ferwrot him trouwens net, hy is muzikant en lieder fan in bandsje.
En sa moetet er op in feestje de dochter fan de direkteur en nei in soad hottefyljen – Stephanie is ommers ferloofd – sette dy beide dochs tegearre ôf. En as se d’ oare moarns yn in hotelkeamer wekker wurde, ha se daliks wer it groat gear. As Stephanie har heit fan har eskapades heart is ’t hûs te lyts, mar as er trochkrijt ‘dat se har eigen sin dwaan wol en sa net, dan rydt se it wetter yn…”
Dan is de grutte direkteur samar lyts man en komt (hast) alles op syn poatsjes telâne. Dit alderaardichste stik oer ynterminslike ferhâldingen – werkenber foar in protte taskôgers? – sil boarch stean foar in noflike jûn.

NB Tryater hat it stik spile ûnder de titel: ‘In nacht wie genôch’.