Werom nei de natuer

Tema: It bestean sa’t ús foarâlden dat hiene, lûkt sommige minsken oan. Oliver Sylvester, dy’t yn Londen in printerij hie, is mei syn húshâlding fan man, frou en trije dochters fan om ende by tûzen wike, ferhuze nei in buorkerijke op it plattelân, dat er fan in ferstoarne muoike erfd hat. Oliver is in idealist en wol lykas syn pake dat yn Amearika dien hat, alhiel ‘selssupporting’ libje. Hy hat in hynder en in ko en tinkt dat er it fierder mei wat de grûn opbringt wol rêde kin. Dat rêdt er net, ek al omdat er gjin ferstân fan buorkjen hat. No hat er it gelok dat er in goede feint treft, dy’t ferstân hat fan alles, mar de kâns net kriget om dat ta te passen, omdat Oliver op ‘e âlde toer wol. Syn frou kin de húshâlding net heal sêd jaan, mar rêdt har troch stikem blikjes itenswaren te smokkeljen.
De trije dochters hawwe allegearre smucht op ‘e feint en besykje elk op har eigen manear dy foar har te winnen. Oliver sels is dagen, wiken, moannen dwaande om it hûs op te knappen, mar it wurk is him frjemd en it eint dus neat. Mar hy hat syn frou in baaikeamer ûnthjitten en dat sil slagje.
Ien fan ‘e dochters is in echte bistefreon en dy docht dy kant út ek it wurk. Tim, de feint, wol har graach ta frou en dat slagget op it lêst ek. Oliver fernimt út brieven dat pake it eartiids ek net oprêden hat en dat is foar him in ûntskuldiging om der op ’t lêst ek mar mei op te hâlden. Hy nimt in oanbod fan it regear oan om op te arbeidzjen mei de printerij en docht de buorkerij oer oan syn dochter Sarah, dy’t trouwe sil mei Tim.
It stik einiget mei it feit dat der poergleon wetter troch it húske spielt, sûnder dat der ek mar in lyts kânske west hat dat dat wetter yn ‘e baaikeamer bedarje koe.