Kleasterstik (wurktitel)
Foeck, in frou fan tweintich jier sit yn it kleaster. Op eigensinnige wize hâldt sy har dwaande mei it leauwen. Sa oanbid sy it krusifiks yn har keamer, mar dat wurdt har troch it abdis ferbean. Dochs giet se hjir mei troch. Jutte sjocht it, mar seit ta om neat te sizzen tsjin it abdis. Op in goede dei moat Jutte by it abdis komme. Se krijt te hearren dat har foarderings yn it kleasterlibben net al te grût binne. Jutte fielt har yn it nau dreaun. Om wer wat yn in goed bledsje te kommen lit se har ûntfalle dat Foeck noch altyd mei it krusifiks praat. Hjirtroch moat Foeck by Tyetz, it abdis kommem, se moat it kleaster ferlitte. Der wurdt har noch ien geunst j¹n: se mei prate mei hear Wigla. Wigla is ek in freon fan Tyetz en sa besiket Foeck ynfloed út te oefenjen op it beslút fan Tyetz.