De Mûzefalle

Yn it hûs fan de guodlike Jan Klaassen en syn, net altyd like maklike frou, Katryn, soarget in grutte mûs foar in protte oerlêst. Se betinke in plan om it bist te fangen. Dan komt de flotte Richard lâns dy’t in tal núvere saken besiket te ferkeapjen. Syn sjarmante freondinne Natasja is by him.
Katryn fertrout it net, mar de buorfrou falt as in blik foar de nijkommer.
En de polysje siket nei in stel boeven……

Prins, Prinsesse

Der binne 5 famkes dy ’t om beurten oer har libben op dit stuit fertelle. Dat is nochal heftich. Twa jonges, werfan de iene in smjunt is en de boel besoademitert mei drugs. Fjouwer famkes reitsje yn ‘e sel, de fyfde is swanger fan de oare jonge. Der wurdt in famke berne.
In stik dat noeget kreatyf om te gean mei de typkes, it dekor en de omballingen.

Op kamp sûnder leafde

Learaar Theo Suiker en learares Trudy Zoet gean mei 7 jonges en 7 famkes “it bosk yn” om de bern fatsoen by te bringen. Sa wol direkteur Speikamp it. Hy strúnt om it kamp hinne om de boel yn de gaten te hâlden. Alles draait om de (puber)leafde. Op ‘e ein binne de jonges en famkes en Theo en Trudy it iens en Speikamp moat it mar útsykje…

De bushalte

Minsken moetsje elkoar by de halte, guon ha wat meielkoar hân, guon krije wat mei elkoar of reitsje elkoar kwyt. In projektûntwikkeler en wethâlder wolle bouwe op it plak fan de halte. Mar se wolle ek wer net. Jan (swalker) en Annie (hoerke) bliuwe oer yn har hûs dat plat leit (halte).