De Wisse Hân kontra It Nije Riden

De bruorren Chris en Wytse Henk ha beide in autorydskoalle. Se bekonkurrearje elkoar dan ek wakker. Rydskoalle De Wisse Hân fan Wytse Henk sponsort de jongereinskoalle It Roeketoaniel. Yn ruil foar jild om apparatuer te keapjen, makket de toanielploech reklamespots foar autorydlessen.
Beatrijs, lid fan ‘e jongereinskoalle hat rydles by De Wisse Hân, mar kriget in ûngemakje mei de auto. It docht bliken dat de remmen net goed wurken. Dit is fansels gjin goeie reklame foar Wytse Henk. Der binne sels kursisten dy ’t ôfheakje en nei de rydskoalle fan Chris oerstappe. De problemen foar Wytse Henk wurde sa grut dat it sponsorjild foar it Roeketoaniel yn gefaar komt.
As de lesauto fan Beatrijs ris goed besjoen wurdt, blykt dat de remmen sabotearre binne. De plysje fynt út dat de rol fan Chris hjiryn net sa fraai is. By eintsjebeslút wurdt de dieder oppakt, dûkt sels de rydskoalle fan Chris op en alle klanten komme werom by De Wisse Hân.

Karel ende Elegast

It ferhaal fan Karel de Grutte, dy’t yn’e nacht oant trije kear ta fan in ingel de opdracht kriget dat er stelle moat. Hy moetet syn eardere freon en fazal Elegast, dy’t er – beskuldige fan ferrie – fan it hôf ferballe hat. Elegast hat neat yn’e rekken en se geane tegearre op rôf út. It stellen giet Karel net botte handich ôf, mar dochs wurdt er yn dy nacht gewaar dat net Elegast, mar syn eigen sweager Eggeric de ferrieder is, dy’t him nei’t libben stiet.

Kening Floaris hat fertriet

Snokkerjend sit Kening Floaris dei út dei yn op syn troane. Der is mar ien ding dêr’t er altyd gek op wie: autoriden, mar hy is te lider slein no’t de oalje yn syn lân sa goed as op is. Alleman besiket him oer syn fertriet hinne te helpen, mar it liket allegearre om’e nocht en ynearsten fynt er allinne noch wat treast yn it boartsjen mei syn boartersguodautootsje. As op it lêst Teake, de útfiner, der by roppen wurdt, liket der útkomst te wêzen: syn komjûter hat him de oplossing oan’e hân dien: in oaljefabriek bouwe! Ja, mar wêre? It sportfjild biedt romte genôch en dêr sil’t dan mar oangean; de feart der bylâns sil moai foar kuolwetter brûkt wurde kinne. Ja, it is allegearre moai úttocht, mar…

Frisia Ave

Kening Freark en Keninf Melle, wenje mei frou en bern op in terp yn it noarden fan Fryslân. Se kinne mei muoite de fuotten droech hâlde. Eins is it gjin wurk. Se wolle dan ek graach earne oars wenje. Fan hearren en sizzen witte se dat der net ien yn it Goai wennet. De Romeinen ha dit stik lân beset. Net ien mei der wenje. Freark en Melle beslúte nei keizer Nero yn Rome te gean, om him te freegjen oft se yn it Goai wenje meie. Us friezen gean nei Rome. Dêr treffe se Ceasar Nero. Fan him hearre se dat it net tastien is yn it Goai te wenjen. Allinne as se better sjonge kinne, meie de friezen in stikje eigen grûn. Fansels winne de friezen Frisia cantat! Se sjogge letter pas dat se tastimming krigen ha om oan’e Boarn te wenjen, it lân dat se al koenen.

NB
Opfierd as Berne-iepenloftspul; première 16 juny 1995 yn Winsum.

It pompeblêd-net

It stik giet oer de machtstriid tusken trije t.v. netten. Alle trije wolle se hiel graach dat Manina, in soarte fan alternatyve dokter, in rubryk docht op harren net. Elk wolle se dat se it kontrakt tekent om’t se it measte te bieden ha. De minsken fan de trije netten, it wite-, it blaue- en it reade net, dogge dit mei in eigen flair en brûke hjoeddeiske útdrukkings: Tsjakkaa!, tiid is jild, Hoppa!
Troch dit ferhaaltsje hinne spilet it ûngemak fan Beppe Romkje, beppe is sa ferjitlik de lêste tiid en Manina moat har helpe fine de beppesizzers. It gefjocht om Manina smyt úteinlik foar read, wyt en blau neat op, want se kiest net. Se lit se allegear opdrave want it monopolyspultsje, dêr’t Manina, Elke en Jelke sa graach mei spylje is fuort. Alle trije woene se graach ” it monopoly” ha. It is werom fûn yn’e reade studio en wat hat dat te betsjutten wolle Manina, Elke en Jelke witte! Manina beslút, dat se mar om har monopoly spylje moatte. Wa’t dat wint krijt har rubryk. Beppe wol de “bank” wol wêze. Se wurde sa wurch en kinne de kop dernet mear byhâlde en beslúte lang om let om mar ien net te meitsjen, mei trije kleuren. Elk sjocht dit sitten en de taken en rubriken wurde fuort ferdield. It gehiel wurdt opfleure mei ferskes troch in soarte fan “omropkoar”.

It BBB wurdt better

Prof. Hans de Boer wol jild fertsjinje mei it meitsjen fan Turbo-bisten. Dit binne bisten mei in ekstra DNA fan himsels. Se wurde “turbo” troch it DNA en it iten fan spesjale paddestuollen. Mei help fan robots en de fee besykje de kabouters, de bisten en de bern de professor oars te programearjen sadat er mear om’e natuer jaan sil. Fansels slagget dit.

De spegel en de prúk

Tovener Pier wol alles wat libbet yn’e bosk yn syn macht ha. Dat slagget yn’t earstoan: beammen, blommen, bisten en kabouters kinne net mear gewoan prate, mar allinne mar getallen útbringe. As de tovener dan ek noch de spegel fan de elfenkeninginne te pakken kriget, kin sy ek neat mear út’e wei sette. By tafal rekket de tovener syn prúk – en dermei syn toverkrêft – kwyt en dan komt alles noch goed. In tal lietsjes fleuret dit stikje op.

De trui fan de kening

De kening breidet himsels in trui, mar alle nachten helje ûnbekenden it wurk fan de foarige deis wer út. Prins Alez en Piter, de soan fan de túnman, hâlde stikem nachts de wacht, en ûndekke, dat trije mûzen de dieders binne. As hja yn’e mûzehoalle geane, hearre se, dat de mûzekening siik wurden is troch it fergif, dat Piter syn heit op’e griente spuitet. It útheljen fan it breidzjen is in protestaksje tsjin dit spuitsjen. De jonges sizze ta, dat hja alle war dwaan sille derfoar te soargjen, dat it fergifspuitsjen ophâldt. Hja helje stikem de fleskes fergif út it fergifkastke, mar as se it spul dan yn’e sleat smite wolle, komme de kikkerts yn opstân om’t it harren dea betsjutte soe. Bedobjen meitsje de mollen beswier tsjin en de fûgels beswarre de jonges it guod net te ferbarnen, om’t de loft dan fergiftige wurdt. Gelokkich wit dokter Dik rie mei’t spul, wylst er tagelyk de túnman útleit, dat sûnder spuitsjen de natuerlike fijannen fan it ûngedierte derfoar soargje sille, dat net al syn griente opfretten wurdt. Gefolch: alles en elkenien bliid, de kening kin syn trui ôfbreidzje en de iisbaandisko, dêr’t it truibreidzjen om begûn wie, kin trochgean.

De wundere nacht

It stikje spilet yn’e krystnacht. Twa famkes, Sjoukje en Marije, wurde kjel en ferheard wekker fan in opfallend grutte stjer dy’t harren yn’e eagen skynt en alles bûtendoar yn’t ljocht set. Dit moat wat bysûnders wêze, ornearje se, mar wat? Op har freegjen nei it geheim komt de stjer fan syn plak om harren foar te gean en by te ljochtsjen de kant út fan it blide barren. Underweis moetsje se ridlik gau in kamiel, dy’t harren – sjongende- fertelt fan it wûnder dêr’t er fan dreamd hat: de berte fan in bysûnder berntsje, ” in nije kening” is him troch de Ingel oansein. Benijd swalkje se fierder; by in krusing geane se elk in kant út. Mar lang om let en nei allerhande frjemde moetingen en goede ried fan hoeders komme se dochs tagelyk op it plak dêr’t it geheim har iepenbiere wurdt en dêr’t Joazef en Maria harren by de krêbe it wolkom tasjonge.

De kaai fan de trije hynders

Hanneke hat spul mei de bern dy’t in museum iepenje sille op it doarp. Dan fynt se in kaai, dy’t op’e doar fan it âld hok by de herberge “De Trije Hynders” past. Dy doar hat ieuwen lang net iepen west. As er no iepen giet, komme der allegearre bern út dy’t efternei sitten wurde troch de woeste smid Geart Gosses. Njonkenlytsen docht bliken dat dy doar tagong jout ta it ferline. Dêr wol de archeologe Tsjits Lodde fan profitearje, mar dat bekomt har net sa bêst. Se hie wol in leske fertsjinne, want sa’t sy har helpster Gepke Skepke behannele roaide ek kant noch wâl. Fansels komt alles wer op syn poatsjes telâne en dan wurdt it museum feestlik iepene.

Gaos yn de knalhal

Direktrise Mayolynke hat as baas fan’e iisfabryk de wyn der goed ûnder. De iisfabryk moat mei faasje nije produkten op’e merk bringe en de konkurrinsje is swier. Fandêr in strakke produksje mei minsken dy’t sawat as robots funksjonearje. As der in opdracht komt om yn in tiidsbestek fan ien wike in nije iisko út te finen, komt de saak tige ûnder spanning te stean. De útfierders Scholten en syn dochter Ykje slagje deryn dizze nije iisko te meitsjen en hja teste de iisko jûns yn’e kantine fan de fabryk. In knal-iisko mei fonken is it risseltaat! Mei gauwens moat de produksje op gong komme, mar… masines en minsken ûntbrekke. Underwilens binne bûtenlânske boufakkers dwaande mei de lêste putsjes op’e bou njonken de iisfabryk. Hja binne drok dwaande in nije put wurk te krijen want as dit wurk dien is, moatte hja it lân ferlitte. Wurk jout no ienris ek de ferbliuwsfergunning. Wy sjogge dúdlik op hokker wize twa kultueren mei harren wurk omgeane; by eintsjebeslút wurdt dúdlik dat gearwurking fan beiden liede kin ta eat dêr’t hja allegearre profyt fan ha.