In held op klompen
Pake syn hobby is ynbrekken. Omdat er frijwat steksjoch is, wurdt er gauris pakt en hat sadwaande in kear as wat fêstsitten. As dit stik spilet, brekt er earst by it molkfabryk yn dêr’t er in mei syn namme murken klomp ferspilet, en dan by syn soan, om de plysje te ûntrinnen. De plysje hat lykwols al by dy soan west, mar dy koe de boat ôfhâlde troch de plysje dronken te fuorjen. It ûnderdûken fan pake mei syn kostgonger-hantlanger by syn soan, jout dêr ek problemen, foaral as pake him foar de buorfrou oer foar dokter útjout. As de plysje dêr dan noch komt, giet it op ‘e nij op in sûpen. Wylst de plysje dêrnei syn rûs útsliept, docht de kostgonger it unifoarm oan en giet der fan troch.
It docht bliken dat de kostgonger in tige ‘swiere jonge’ is, dy’t allang troch de plysje socht wurdt. As de plysjeman dêr yn ‘e hûs wekker wurdt, smite hja it meiïnoar op in akkoartsje. Hy kriget fan pake it jildkistke dat hja by it molkfabryk stellen hawwe en ek it adres fan de swiere jonge en de plysjeman sil pake bûten skot litte as dy en syn soan it drankgebrûk fan de plysje yn tsjinsttiid foar harren hâlde.