De lêste snie fan de winter

Troch in atoomoarloch binne der op ierde mar inkelde minsken mear oer. Harren earste ferlet is om yn libben te bliuwen. It stik bringt ús yn ‘e kunde mei trije manlju dy’t de ramp tafallich oerlibbe hawwe. Se binne alhiel op mekoar oanwiisd en as der ien fan in útstapke yn de fernielde wrâld, net werom komt, reitsje de beide oaren hast yn panyk. Se tinke dat er earne in frou fûn hat en dat er dy foar him sels hâlde wol.
As der in frou by harren komt dy’t de ramp ek oerlibbe hat, begjinne de manlju om har te tsieren. Dêr docht út bliken dat de minske, ek nei de ramp, noch neat leard hat en dat de wrâld, as er bewenber bliuwt deselde wêze sil as foar dy tiid: In wrâld fan hawwen en krijen!

It gesicht

Ferdinand kin it yn dizze wrede wrâld geastlik net foarinoar hâlde. Hy byldet him yn dat er in ferneamd moardner is en dat giet sa fier dat er syn eigen identiteit ferliest. Húsdokter en psychiater besykje al it mooglike, mar it wurdt hieltyd slimmeroan. Syn identifikaasje mei de moardner wurdt sa sterk dat er fan gesicht hieltyd mear op him begjint te lykjen.
It is op it lêst sa slim dat er fan twa plysjes ophelle wurdt.

Bleekerroad

Fred Bleeker en syn frou Dee sette har nei wenjen yn Kanada en bouwe dêr alhiel op ‘e romte in skieppefarm op. Fred set alles op alles en it slagget him wol aardich, mar Dee is dêr ûnwennich. Se kinne spitigernôch gjin bern krije.
Op in dei biedt him immen oan as feint, dy’t Fred oannimt. Dee en dizze feint groeie nei elkoar ta en it rint der op út dat se swier fan him wurdt. Dat ropt by beide grutte spanningen op. Dan komt it berjocht dat se der wei moatte omdat it regear it fjild foar militêre doelen brûke moat. Dee giet no wer alhiel neist Fred stean.
Wylst de beide manlju slaande deilis om Dee binne, sjit se yn it militêre kamp in hege ofsier dea. Justjes letter wurdt se troch de militêre plysje fan hûs helle en meinommen.

De dwerslizzer

In dissidint, dy’t it skriuwn ferbean is, kin geastlik net mear tsjin de druk fan it systeem op. Yn syn ferbylding komme der feilichheidsplysjes by him, dy’t harren ta dizze steat brocht hat. Wylst syn frou om kalmearjende middles út is komme der, wer yn syn ferbylding, twa sikebruorren yn om him mei te nimmen nei in ynrjochting.
Hy krûpt dan troch it iepen rút en giet oan ’t finsterbank hingjen.
As syn frou werom komt en him sa oantreft, besiket se him wer yn ‘e keamer te krijen. Dat slagget har net, se hat sels muoite om net mei nei ûnderen te fallen.

It foarum

Trije gelearden út it rike westen en in swarte Afrikaan út in hongerlân hawwe in yngeand petear oer de ynfloed fan ‘e televyzje op ‘e minske.
De tsjinstelling tusken it rike westen en de tredde wrâld fan Afrika rint yn ‘e diskusje nei in hichtepunt en dan docht bliken dat west en súd mekoar net mear begripe.
De lieder fan it televyzjepetear konkludearret dat de diskusje mislearre is, mar de Afrikaan tinkt der oars oer: der is net om hinne wynd en alles wat der yn siet is der út kommen. Se geane lykwols as frjemden út elkoar.

It lintsje

De frou yn dit stikje is, lykas safolle oare froulju, húsfrou. Man en bern geane moarns de doar út en behalve it gewoane húshâldelike wurk, moat de frou foar de iene dit dwaan en foar de oare dat.
Op in dei dat der foar de frou wer hiel wat te dwaan is, komt der in amtner fan it Ministearje fan Emansjepaasjesaken dy’t har in lintsje opspjeldet út wurdearring foar alles wat sy en alle oare froulju as húsfrou prestearje.
As de man en de bern thúskomme, fine se mem yn in djippe sliep. Se wurdt wekker en sil harren it lintsje op ‘e skelk sjen litte, mar…. it is der net.