Fred

It is oarloch en boere-arbeider Foeke en syn frou Gelske, krije in ûnderdûker: Fred. Fred is studint yn ’e rjochten. Fred rekket befreone mei dochter Minke. Mem Gelske is dêr net sa bliid mei.
Op in dei wurdt Fred oppakt troch 2 NSB’ers en nei Amersfoort brocht.
Syn mem keapet Fred frij mei in tas fol drank, en dan komt Fred as ûnderdûker by de boerinne, dêr’t Minke oan it wurk is.
Yn syn ûnderdûktiid is Fred drok dwaande mei it meitsjen fan in astronomysk oerwurk. As Amsterdam befrijd is, wol er earst nei syn âlders yn Amsterdam en dêrnei wol er weromkomme om it astronomysk oerwurk ôf te meitsjen. Hy wol sjen dat it oan ’e tsjerketoer hinget

Heksesabbat

Fjouwer froulju binne om en by de fyftich, fit en modern. Se probearje twa kear yn ’t jier in kear byinoar te kommen, mar de perioade wurdt gauris wat langer. Dizze kear wie de beurt fan Marchje.
Johannes, Marchje har man, is yn earsten stoarsinder en lûkt him fan regels, fan gastfrijens neat oan. Hy is oan ien side ferlamme troch in attaque en dat hat syn karakter, dat dochs al erchtinkend en de noartske kant neist wie, noch fierder negatyf beynfloede.
De froulju hawwe it drok mei harsels, fine Johannes in klier, hawwe in protte wille, binne in bytsje tè oerstjoer miskien, te lakerich, te obsternaat, tè fan fan alles. Geane ek oerein om wat te besjen as dat yn har opkomt, se ha út en troch ris in opstiging, se fiele har thús by har freondinne.

De kwestje Jellema

It spilet yn 1751/52 nei de dea fan Johannis Jellema, ien fan de fjouwer behearders fan it Poptagasthus. It poptagasthus foar allinnesteande alde froulju waard stichte troch de eigner fan Heringastate (is Poptaslot) dr. Hendrikus Popta. ( 3 maaie 1635-1712)
Dizze dr. Popta is al 39 jier wei as bliken docht dat der nochal wat unregelmjittichheden yn de administraasje sitte. Al dy jierren wie Jellema rintmaster en allinne hy hold de boeken by. No docht it bliken dat hy nochal aardich nei himsels ta rekkenje koe.

De reade hoanne op Lautastate

Yn it jier 1748 giet Lauta State te Wier yn flammen op. Oanstutsen troch it folk, dat yn opstân komt. Se kinne de belestingen net mear opbringe wylst de eallju mar troch feestfiere.

Blau-Oranje Rottweilers

Yn in studintehûs wenje 4 minsken. As it stik begjint komt Helène deryn, in nije bewenster. Se kriget de keamer fan Marije. Marije spilet in grutte rol, mar jo komme har net te sjen. De ferhâlding tusken dizze 4 minsken is in leafde-hate ferhâlding. De persoanen wurde hjirtroch dúdlik foar it publyk; jo witte gau wa’t wa is en hoe sy of hy ynelkoar stekt. Bgl. Martin sit bot mei himsels yn’e knoop en fynt gjin oplossing. Nick is in fantast, schrizofreen hast, betinkt in ferhaal foar Helène oer syn djoere hûnen, Rottweilers. Kim is frij naturel en Helène besiket in eigen plakje te finen. Oan de ein fan it stik hat se frede sluten mei har heit en wol him wol wer moetsje.
In tige nijsgjirrich stik.

Tusken wal en skip

‘Tsjerk Vermaning – libben en wurk’ is de ûndertitel fan dit stik. It lit de bernetiid fan dizze ferneamde amateur-archeolooch sjen. Tsjerk Vermaning wie de soan fan in skippersfamylje. Ek sjocht men sênes út de tiid fan de 2e wrâldoarloch en dêrnei, doe’t Vermaning wichtige fynsten die. It hichtepunt foarmet it proces fanwege ferfalsking út de jierren fyftich.

It spoar op Hatsum

Ynspiraasje-boarne fan dit stik wie ‘Menanchii’ (De Twalingbroers) fan de Romeinske skriuwer Plautus.
Fierder (noch gjin beskriuwing).

de Likedielden

Undertitel: “By it Brette Botsje op Bosterharne”. Ferhaal út de tiid fan de Skieringers en de Fetkeapers. Fierders
(noch gjin beskriuwing)

Ferrie yn Ferwert

Stik út de tiid fan de Hertoch fan Saksen. Skreaun foar Ferwert.
Fierders (noch gjin beskriuwing).

De santekream fan menear Ungemak

Yn de poppewinkel fan menear Ungemak ha hjoed net folle klanten west. As der tsjin slutingstiid noch in rike sheik komt om in djoere poppe foar syn dochter te keapjen wurdt de dei dochs noch goed. Mar yn de nacht komt der in dief. Hawar, mearkes lykas dit rinne lokkich altyd goed ôf.

In klasse apart

Yn de kantine fan it Broere-Kolleezje wurde de diploma’s útrikt. De frou fan de direkteur is oan’t befallen, dêrom nimt de konrektor de honneurs waar. De konrektor har gjin oerwicht. De brutale leerlingen falle him te pas en te ûnpas yn’e reden. Sels de heiten en memmen bemuoie har der mei. Yn de rin fan it stik komme der hiel wat problemen oan’e oarder. Sa as wol of net roke, wannear hearre jo der by? It sjantearjen fan de konrektor. It proletarysk winkeljen fan de leerlingen. It mislik fersteuren fan de les, in leerling dy’t yn ferwachting is en noch folle mear. De diploma-útrikking rint as in reade tried troch de sênes. De problemen fan de leerlingen binne hjoeddeisk.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Wylde Rixt fan ’t Oerd

Rixt bewennet mei har oerwûne soan Sjoerd in âlde klinte op it Oerd.
De hate tsjin de minsken, dy’t har om de oerwûne jonge útband hawwe, behearsket har libben. Se sjocht der net tsjinoan om by in fûle stoarm in fjoer te barnen om skippen, dy’t in haven sykje, op ‘e kust fergean te litten. Se hellet in stikmannich streupers oer om har te helpen. Sjoerd lykwols wegeret.
Ienris komt der op har ljocht in skip ôf, dat op ‘e kust fergiet. Sjoerd rêdt de kaptein it libben en Rixt hellet in jongfaam út it wetter. Dizze jongfaam wol se oan Sjoerd bine. Dat slagget har, mar it slagget har net om Sjoerd op it eilân te hâlden.
As de kaptein Sjoerd en de jongfaam ophellet en Rixt belies jaan moat, bringt se it skip op in dwaalspoar, sadat it fergiet.

## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.

As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.

Betizing

Mefrou Bonvivant hat in praktyk iepene as paragnoste en wachtet op har earste klant. Dy komt al gau en wylst mefrou mei de behanneling dwaande is, tsjinnet de twadde klant har oan. De problemen fan de beide froulju hawwe dúdlik te krijen mei deselde manspersoan. Dizze man hat der lykwols net ûnder te lijen en nimt wat him oanbean wurdt.

De tuskendoar

Yn dizze ienakter, dy ’t út in tal tafrielen bestiet, dy ’t somtiden in pear jier útinoar rinne, komt de hate ta utering tusken in skoanmem en har skoandochter. Dy hate wurdt foar de skoandochter suver ta in obsesje. It slimste is, dat gjinien fan de famylje, begryp foar har geastlike need opbringe kin. Ek nei de dea fan it âld minske wurket dy obsesje noch troch.

De ierde-ingel

Marike hat swierrichheden, sy fielt har net goed en is dwers en ferkeard, mar kin har foar heit en mem oer net uterje. Sy wol sneins ek net mear mei nei tsjerke, soks is har folk slim yn ’t wei. Har muoike, dûmny’s mefrou, wol wolris mei har prate, mar heit is fan betinken dat se der sels mei rêde moatte.
As omke út tsjerke wei by Marike komt, is se allinne thús. Dan komt syn wiere aard boppe: Marike is dûmny syn “ierde-ingel”!