Equus

In jonge wurdt opnaam yn in psychiatrysk sikehûs nei’t dy by in stikmannich hynders de eagen útstutsen hat. De behanneljende psychiater ferdjippet him hieltyd mear yn ‘e jonge. De jonge wol yn earste ynstânsje allinne ‘jingles’ fan reklames sjonge, stadichoan kriget de psychiater him safier om fia ferskillende techniken antwurden te krijen op krusiale vragen. As de psychiater him fierder yn de jonge ferdjippet wurdt hy hieltyd mear konfrontearre mei syn libben en syn berop.
KOMMINTAAR:
It is in meinimmend ferhaal mei in grutte spanningsbôge dy’t fanôf it begjin oant it ein ta spand stiet. De teksten binne gâns aktueel om’t der djip op guon fasetten fan it libben yngien wurdt. It dekor en de rezjy oanwizings binne yngewikkeld mar ôfgryslik moai.

DS