In wintersprookje

‘A Winter’s Tale’ is in nuveraardich stik. It falt eins yn twa parten útinoar.
Yn it iene diel beskriuwt Shakespeare hoe’t twa hertsfreonen, kening Leontes fan Sicilië en kening Polyxenes fan Bohemen harren freonskip ferspylje troch deselde oergeunst dy’t letter Othello nei de ûndergong fiere sil. It ferstjitten fan in bern dat foar de wolven lein wurdt, de dea fan de keninginne fan Sicilië en de skieding fan in hoveling, binne it gefolch derfan.
Yn it oare part sjogge we dat de soan fan de iene kening en de fan de wolven sparre dochter fan de oare kening fan elkoar hâlde. Mar it stânsferskil stiet har houlik yn it paad. Earst besiket de prins him as gewoan minske foar te dwaan, nei in flecht wurdt besocht it famke as prinsesse (wat se eins ek is) te presintearjen, mar hieltyd rint it mis. Oant de keninginne wer yn it paleis ta libben komt, nei ’t se
achttjin jier in stânbyld west hat, it keninklik komôf fan it famke bekend wurdt en it jonge pear trouwe kin.

‘Wa’t te folle nei oaren sjocht ferliest himsels’, sil yn ‘e nije foarstelling in wichtige tematyk wurde. It stik wurdt in kombinaasje fan lokaasjeteater, breakdance, maskerfoarmjowing en ferskeidene soarten musyk.

De Fekke yn ‘e Fûke (bewurking)

Katarina Molina fan Padua wurdt stapelsljocht fan alle opleine patroanen en holle sjabloanen om har hinne. Se wurdt der ferskriklik opsternaat fan. Se stiet dan ek rûnom bekend as haaibaai, fekke. Ek de jongkeardel Petrucio fan Verona wol him net skikke nei de ferwachtingen dy’t oaren fan him hawwe. Hy sjocht yn Katarina in frou dêr’t er miskien in ‘lykweardige relaasje’ mei opbouwe kin, as twa frije folwoeksen minsken dy’t har net bekroadzje om regels en klisjees. Dêr set Petrucio him folslein foar yn; hy brûkt dêrta wol hiel ûnortodokse middels. Katarina komt der dan ek mar hiel stadich achter wat syn werklike driuwfearren binne. De minsken om har hinne begripe der absolut neat fan en wolle it ek net begripe, fêstruske as se binne yn har eigen wetmjittichheden.

Hamlet

Nei it hommels ferstjerren fan syn heit is Hamlet, prins fan Denemarken, werom kaam nei it hof. Like hommels is no ek syn mem hertrouwd en wol mei in omke fan Hamlet. Dit noarsket him hielendal net. Troch de geastferskining fan syn heit, begrypt Hamlet dat syn heit fermoarde is troch syn broer, Hamlets omke Claudius. Hamlet krijt opdracht om syn dea te wreken, mar mei lykwols neat ûndernimme tsjin syn mem.
Hamlet is ûnwis en betrout no net ien frou mear. Op rûge wize makket er de ferkearing út mei Ophelia, de dochter fan earste minister Polonius. Dy hat de taak om út te sykjen wêrom’t Hamlet sa mankelyk is en wat er krekt wit oer it ferstjerren fan syn heit. Hamlet krijt dat troch en stekt Polonius de gek oan.
Troch in toanielstik fan in ploech reizigjende spilers te feroarjen besiket er wissichheit te krijen oer de rol fan syn omke by de dea fan syn heit. Mar as er dy ien kear hat, duort er him dochs net te deadzjen. It is yn it foarste plak de miening fan syn mem dy’t him tsjinhâldt. Hamlet krijt wurden mei syn mem. Hy deadet Polonius as er fernimt dat sy ôflústere wurde. Claudius fynt dat er no mar fuort moat nei Ingelân. Hy jout syn feinten opdracht Hamlet ûnderweis te fermoardzjen. Mar Hamlet fermoardet de feinten en komt werom. By it grêf fan de dwylsinnich ferstoarne Ophelia krijt Hamlet spul mei har broer. Claudius sjocht no in kâns om troch in duel tusken Hamlet en dizze broer mei him ôf te weven. Om wis te wêzen wurdt de punt fan de degen yn in drankje fergiftige. It rint oars. Hamlet wurdt lykwols deadlik rekke, mar de degens wurde ferwiksele en de mem drinkt by fersin it fergif. No pas doart Hamlet it oan en fermoardet de moardner fan syn heit.

De fekke yn’e fûke

Katarina Molina fan Padua wurdt stapelsljocht fan alle opleine patroanen en holle sjabloanen om har hinne. Se wurdt der ferskriklik opsternaat fan. Se stiet dan ek rûnom bekend as haaibaai, fekke.
Ek de jongkeardel Petrucio fan Verona wol him net skikke nei de ferwachtingen dy’t oaren fan him hawwe. Hy sjocht yn Katarina in frou dêr’t er miskien in ‘lykweardige relaasje’ mei opbouwe kin, as twa frije folwoeksen minsken dy’t har net bekroadzje om regels en klisjees. Dêr set Petrucio him folslein foar yn; hy brûkt dêrta wol hiel ûnortodokse middels. Katarina komt der dan ek mar hiel stadich achter wat syn werklike driuwfearren binne. De minsken om har hinne begripe der absolut neat fan en wolle it ek net begripe, fêstruske as se binne yn har eigen wetmjittichheden.

Richard III

Richard is in man dy’t der alles foaroer hat om oan ‘e macht te kommen.
Nei dat hy de “war of the roses” foar it hûs fan York wûn hat, rjochtet hy syn geweld tsjin syn eigen famylje. Yn in besykjen, wêryn ‘t er neat en nimmen ûntsjocht, om de troan foar himsels op te easkjen lit hy op in slûchslimme manier syn twa bruorren en harren twa soannen fermoardzje. Dernei likwidearret hy oare minsken dy’t him yn it paad rinne, helpt syn frou nei gychem, fermoardet syn hânlanger en wit de dochter fan syn âldste broer krekt oan him te ûntkommen. Uteinlik wurdt dizze “moardmasine” op it slachfjild steande holden.

De Tolfte Nacht of Wat jo wolle

Hartoch Orsino hat it knap te pakken. Hy is fereale op de rike en moaie Olivia dy’t neat fan him witte wol. Sy seit dat sy sân jier lang de neitins oan har ferstoarne heit libben hâlde wol, mar eins hâldt se gewoan net fan Orsino. Cesario, de nije feint fan Cesario mei Olivia de leafdesboadskippen fan de hartoch oerbringe. Olivia is gek op Cesario. Cesario hat ien probleem: hy hjit eins Viola, in ferklaaide jonkfrou en sels tige fereale op Orsino. De poppen binne hielendal oan it dûnsjen as Viola’s broer, Sebastiaan, yn deselde stêd oankomt. De as man ferklaaide Viola en har twillingbroer lykje as twa drippen wetter op inoar en it iene misbegryp folget op it oare.

Dreame by midsimmernacht

In mearkeëftige komeedzje, mei tal fan ferhaallijnen. In fjouwertal fereale jongelju falt yn hannen fan elfen dy’t harren ferealens op ‘e nij yndiele wol troch middel fan in krûd.

De fleurige froulju fan Windsor

John Falstaff, in ridder hat syn hiele libben yn de bordelen sitten. Hy giet nei Windsor en docht dêr krekt as is hy in echte “Don Juan”. Hy komt yn kontakt mei frou Fluth en frou Page. Hy stjoert harren brieven dêr’t hy al syn winsken en ferlangens ynset. Dêr binne de beide froulju net oer te sprekken. Sy wolle him te pakken nimme. Se fine fan alles mei him út. Se slute him op yn ‘e waskoer en goaie him yn ‘e feart. Se litte him in nacht yn it bosk omrinne ferklaaid as frou. Sa leare se John Falstaff om syn leafdesferlangens wat mear foar him te hâlden.

Romeo en Julietta

De eftergrûn fan dit stik wurdt foarme troch in al lange tiid duorjend skeel tusken twa begoedige famyljes yn it Verona fan de 13de ieu: de Montagues en de Capulets. Fieden troch haat fan de âlderen befjochtet it jongfolk elkoar aldegeduerigen op strjitte. In fersoenjend feestje by de Capulets mislearret hast. Nettsjinsteande de fijânskip wurdt Romeo, de soan fan Montegue fereale op de dochter fan de Capulets, Julietta. De leafde is fan wjerskanten, hoewol’t Julia wit dat har âlden in graaf Paris foar har as man útsocht hawwe. De twa beminden witte in pater Lorenzo oer te heljen om harren stikem
trouwe te litten, wêrnei’t se út de stêd flechtsje sille. De striid tusken de jongerein jaget de boel yn’e bulten lykwols. De neef fan Julia mislediget Romeo, wêrnei’t har freon Mercuto yn de oanfal giet. Tybalt deadet Mercutio en no kin Romeo him net langer ynhâlde en
stekt Tybalt del. Romeo sil no flechtsje moatte. Noch ien nacht hat hy mei Julia, wêryn it houlik ynseine wurdt. Julia, dy’t ûnder druk stiet om mei graaf Paris te trouwen, nimt op oanrieden fan pater Lorenzo in drankje dat har skyndea meitsje sil. Pater Lorenzo sil in
geheim bryfke nei de útnaaide Romeo stjoere om Julia op te heljen út it famyljegrêf bûten de stêd. It rint oars. Romeo kriget allinne in berjocht fan har dea. Boppe de opbiere Julia stekt Romeo himsels dea. As Julia wekker wurdt, sjocht hja gjin oare útwei dan om syn foarbyld te folgjen.

Kommintaar:
It tema fan dit stik is fansels frij bekend. Tink mar oan de film The West Side Story, wêryn it ferhaal oerbrocht is nei it New York fan de jierren sechtich.
Dochs binne der nei myn betinken net in soad minsken dy’t it echt sjoen hawwe. It is in prachtich stik mei spektakel, (fjochtsênes), tragyk, leafdessênes, ôfskiedssênes, ensafh.
Geskikt foar gruttere produksjes, bygelyks in iepenloftspul.
Foar de stikken fan Shakespeare komt hiel wat te sjen, mar mei in ynventive regisseur en dekorploech is it grif geskikte stof foar amateurs, dy’t ris in bysûndere produksje bringe wolle.

HB