Bedobbe

Dodge en Halie wenje op in ferfallen pleats earne yn Illinois. Se hawwe twa soannen, Tilden en Bradley. Nei jierren rekket Halie noch in kear yn ferwachting. Neffens Dodge kin dat net fan him wêze, want se hawwe al seis jier net yn itselde bêd sliept. It bern wurdt berne op ’e pleats, mar Dodge kin net sette dat it net fan him is. Hy fermoardet it bern en begraaft it op it hiem. It wurdt in lang bewarre geheim, mar it fernielt ek de relaasje man/frou en heit/mem/bern. It geheim hinget boppe harren hollen as in grutte swarte tongerbui dy’t elk momint losbarste kin.

Heit rekket swier oan de drank en húsmannet op in bank yn ’e keamer, mei allinne in âld televyzje, syn drankflessen en in pear potten mei pillen. Mem wennet earne boppe.
Soan Tilden, dy’t troud west hat en neffens Dodge gjin 100 punten hat, sit in bulte yn ’e keuken. Dan komt de soan fan Tilden, Vince, om ’e hoeke, mei Shelly, syn freondinne. Shelly ûntfytmannet Tilden it grutte geheim oer it deade bern. Dan docht bliken dat ek Vince him net fan dizze ferknipte famylje losskuorre kinnen hat. Shelly naait út.

De God fan de Hel

It stik fertelt it ferhaal fan Frank en Emma, dy’t yn Wisconsin in molkfeebedriuw ha. Se liede in rêstich libben yn isolemint. Frank libbet foar syn inters (kij) en Emma soarget foar har man, it hûs en foaral foar alle planten dy’t yn harren hûs dominearje.
Harren fredige bestean wurdt fersteurd as Haynes, in âld maat fan Frank, midden yn’ e nacht by harren komt en him dêrnei skûl haldt yn harren kelder. Net lang dêrnei stiet in menear Welch by Emma oan de doar. Hy docht him foar as ferkeaper fan patriottysk guod, mar al gau wurdt dúdlik dat hy oare bedoelingen hat. Der folget in proses van yntimidaasje . Wat wol dizze man en wat stiket der noch mear efter?

De mem fan Ikarus

In groepke freonen is oan it picknicken en stoarret nei de loft. Se wachtsje op it fjoerwurk dat komme sil. Se sjogge in fleanmasine en fantasearje oer wa’t yn it fleantúch sit. It duorret Pat en Jill te lang en se geane efkes nei it strân. Frank moat pisje en giet ek nei it strân. Howard en Bill seine mei reekwolken nei it fleantúch. As Frank werom komt hâlde se gau op, hy mei it net witte. Se besykje om him fuort te krijen. As Frank einliks fuort is, komme Pat en Jill wer werom. Se besykje om harren fuort te krijen troch te sizzen dat it fleantúch op it strân delstoart is. Frank komt wer werom en hat as iennige it fjoerwurk sjoen. De fammen komme werom en fertelle dat it fleantúch echt delstoart is.

Bloed fan ‘e hongerlijers

In ferfallen buorkerij yn in gebied dat oan de râne fan ‘e woestijn leit. Der is hast neat mear te iten. De heit is oan ‘e drank en al dagenlang fuort, nei’t hy de doar yntrape hie. Mem wol net dat soan Wesley de boel oprommet, mar dy fielt him as iennichste roppen om te besykjen noch eat fan it bedriuw te meitsjen. Syn skoalgeande suster dreamt fan fuortgean en in skoan libben hawwe, krekt as de mem dy’t mei de bern nei Europa ta wolle soe. Hja hat plannen om de boel te ferkeapjen, nei’t hja it oanlein hat mei in ûnbetroubere abbekaat, dy’t wurket foar projektûntwikkelers. Wesley wol dit tefoaren komme en fertelt it oan syn heit as dy werom is. Dy hat it huis yn in kroech al oan in oar tasein om syn skulden te beteljen.
As de kroechbaas, mei it jild en de keapakte ferskynt en de abbekaat tsjin komt, komt de saak ta in útbarsting. Dy beweart dat de ferkeap net rjochtsjildich is. Underwylst slept de heit ûnbekommere syn rûs út op ‘e tafel. Dan komt in plysje ferheljen dat de dochter de kroech fan de kroechbaas fernield hat, hja sit no yn ‘e sel. Poerrazend ferdwynt de kroechbaas, folge troch Wesley dy’t it jild weromhelje wol.
De oare moarn is de heit wer sa warber as in bij. No is it de mem dy’t skjin oanein yn sliep fallen is. Wesley beseft lykwols dat der neat mear te rêden falt. Hy makket it laam dea dat hy earst fersoarge hie, proppet him fol mei iten en lûkt de klean fan syn heit oan. In pear hantlangers fan de kroechbaar ferniele de auto út wraak. Om’t hy wit dat hja weromkomme sille, bliuwt Wesley ferdôve efter.
KOMMINTAAR:
In rau, realistysk stik, mei in tal symboalyske aspekten, lykas it laam dat Wesley fersoarget en dat symboal stiet foar syn eigen lot. Troch de útsprutsen karaktertekenings, de subtile symbolyk en de humor dy’t der hjir en dêr ek wiswol yn sit, stiket it stik fier út boppe it platte realisme.
It tema fan it stik is in gesin dat oan alle kanten út elkoar skuord wurdt. Yn ’t foarste plak wurdt dat feroarsake troch de stikken rûne relaasje tusken de heit en de mem, twa útienrinnende, mar heftige karakters. Op de eftergrûn fan dy mislearre libbens, steane lykwols driigjende maatskiplike krêften, dy’t der mei foar ferantwurlik binne dat it gesin him net hanthavenje kin. Sintrale figuer yn it stik is de yn himsels kearde sean Wesley. Hy fielt it bêste oan wat der mis is, mar is net by steat om it ferfal te kearen.
It stik spilet yn ‘e ein jierren fyftich yn it súdwesten fan de Feriene Steaten. Oft men de hanneling no nei dizze tiid of dit plak oerbringe soe of net – it stik is by steat om in grut publyk oan te sprekken.

HB