De favoryt

De Favoryt is in bysûnder luchtige bewurking fan it ferhaal fan Job. It stik spilet him ôf op Long Island yn de filla fan in rike, suksesfolle sakeman mei in frou, in ‘ferlerne’ soan en in net al te snoade twilling. Op in jûn krijt de famylje besite fan in ‘boadskipper fan God’ as sadanich te herkennen oan in grutte ‘G’ op syn sweater. Us moderne Job wegeret God te fersaken en dus wurdt er fan dat momint ôf achterfolge troch rampspoed. Syn fabryk baarnt oan de grûn ta ôf, hy krijt alderlei mysterieuze sykten en syn famylje ferlit him. Al dy tiid wegeret er om syn God te fersaken. At er alles kwyt is krijt er fia de boadskipper (dy’t syn baantsje kwytrekke is) antwurd fan God. De boadskipper jout ta dat er ferlern hat en de ferlerne soan komt wer thús.

In frjemd stel

It appartemint fan Olive Madison is it plak wêr’t in groep freondinnen elke freedtejûn by elkoar komme om Triviant te spyljen. Olive is skieden en liket har, ôfsjoen fan it feit dat se neat op oarder hat, redelik goed allinne rêde te kinnen. At ien fan de freondinnen, Florence Unger, ek skiede sil, noeget Olive har út om salang mar by har te wenjen. Alle freondinnen, ynklusyf Olive sels, binne nammentlik bang dat Florence de skieding net oan kin en rare dingen dwaan sil. Gruttere tsjinpoalen as Florence en Olive binne der net en it duorret dan ek net lang as de bom barst tusken it neuroatyske kasplantsje Florence en de rommelige stoere Olive. De direkte oanlieding hjirta foarmje de twa Spaanske broers dy’t yn itselde gebou wenje. Olive hat har sinnen op beide manlju set, mar wurdt hjiryn danich dwers sitten troch Florence. Uteinliks is by Olive de maat fol en se set Florence der út. Hoe kin it ek oars as dat Florence no leafdefol opnommen wurdt troch gjinien minder as..de beide Spaanske broers. Dit is de frouljus ferzje fan de ferneamde en ek ferfilme komeedzje fan Neil Simon.

Praatsjes

Fjouwer stellen bin útnoege op it tsien jierrich houliksfeest fan harren freonen, de loko-boargemaster fan New York en syn frou. It feest giet net troch, want de jubilaris hat himsels foar de kop sketten (it is mar in lichte ferwûning oan it ear) en syn frou wurdt fermist. Syn advokaat beslút dat it net ferstannich is om de saak útlekke te litten (hoewol ‘t er gjin idee hat fan wat er him no eins werklik ôfspile hat) en it iene ferlechje lokket de oare leagen út. De saak wurdt hieltyd yngewikkelder nei dat mear gasten komme. Op ‘t lêst wit gjin ien mear wa ‘t by wa no hokker ferhaal op ‘e mouwe spjelde hat en wêrom. It falt te begripen dat de gasten op ‘t ein fan de jûn in bytsje trochdraaid en oan raapsein binne.

De show fan Max Prins

It is 1953. It skriuwersteam fan de Max Prins show, in hiele populêre televyzjeshow yn Amearika, komt ûnder druk te stean, at NBC bepaalt dat se minder stjoertiid krije en dat de satire minder bitend wurde moat. Se moatte harren oanpasse oan it grutte publyk. Dat hâldt yn dat it nivo fan de show omleech moat. Max Prins, foar wa’t de show syn libben is, rekket yn alle staten, ferheget syn pillen en alkoholkonsumpsje hjirtroch noch mear en giet regelmjittich mei syn skriuwers yn konklaaf om manieren te betinken om NBC werom te pakken.

Ferdwaald yn New York

New York, 1942. Beppe Kurnitz wennet mei har dochter Bella fan fiifentritich, dy’t yn har ûntwikkeling wat achterbleaun is, yn in komfortabel appartemint. At is stik begjint stiet Eddie, har soan, mei har beide beppesizzers, Arty en Jay, by har foar de doar. Eddie sit djip yn de skulden en moat in lange reis meitsje om jild fertsjinje te kinnen. De jonges komme dêrom foar langere tiid by beppe en harren muoike Bella ûtfanhûs. Beppe is in hurde, strange frou, Bella hat in geheime leafde. Noch in oare muoike, Gert, praat frjemd en omke Louie blykt in gangster te wêzen. Geandewei komme de jonges der achter dat it gesin wêryn’t harren heit grutbrocht is, emosjoneel totaal ferknipt is. Sy binne mar tydlik ferdwaald yn New York, de rest fan de grappige, drôvige famylje liket it paad definityf kwyt te wêzen.

Op wei nei rom

Bernie en Zelda driuwe al jierren mei hert en siel in teaterkafee yn it Broadway Teater Distrikt. Gol en gastfrij lette en sette se harren gasten en stimulearje deselden dy’t in goai dwaan wolle nei de ivige rom. Yn harren bar-restaurant komme de meast útienrinnende figueren, dy’t allegearre harren winsken en idealen koesterje. De Súdafrikaanseke Soloman Mantutu hopet bygelyks in bekend skriuwer te wurden en Megan Woods is fan doel as aktrise yn it fuotspoar fan har mem te treden, mei dit ferskil, dat sy hopet wol troch te brekken as aktrise. de eksintrike Rayleen en har swijsume partner Charles komme ek geregeldwei yn it restaurant en de bekende komyk Mickey Fox fiert der syn saaklike besprekkingen. Hy is oan it kafee ferslingere, dat neat ha moat fan glamour en opkloppe hip gedoch. Mar alle gasten ha sa wol harren redenen om harren oan dit bysûndere plakje yn it Broadway Distrikt te hechtsjen.

Lestige leafde op in lette middei

Barney Cashman is sânenfjirtich jier en hat him de lêste trijentweintich jier gedroegen as in treflike heit en echtgenoat. Hy wol lykwols ek wol es de fruchten plukke fan de seksuele revolúsje en noeget achter elkoar in oan roken, drinken en seks ferslaafde frou, in flipte wurkleaze nachtklupsjongeres en de depressive frou fan syn bêste freon út yn it appartemint fan syn mem. It slagget him net om mei ien fan dizze trije froulju yn bêd te bedarjen. Alle ôfspraken rinne dea yn einleas gepraat en tsjin de tiid dat er genôch ûnderfining opdien hat om in frou te fersieren, bliuwt er noch mar ien frou oer dy’t er útnoegje kin: Thelma, syn eigen frou.

It dilemma fan Rose

Yn har lúkse filla oan it strân fan East Hampton stiet skriuwster Rose Steiner op in kearpunt yn har libben. Se hat al jierren neat mear skreaun en har jild rekket op. Har eardere minnaar, de literêre reus Walsh McLaren, biedt har – fan út syn grêf – de kâns miljoenen te fertsjinjen. In boek moat ôfmakke wurde, dan is se ryk. Dat sil net maklik wêze en se moatte der in spookskriuwer foar brûke. Dy is net maklik te finen. Rose mei de kandidaat, Gavin Clancy, dêr’t Walsh mei oankomt, net snuven hearre. Mar it boek sels ôfmeitsje kin se ek net. Hoe moat it dan? Dit is in oandwaanlik, grappich, romantysk en ûnfoarstelber toanielstik, skreaun troch Amearika’s favorite blijspulskriuwer en winner fan de Pulitzer priis.

Finzen op fjirtjin heech

Mel sjocht it net mear sitten. Hy is syn baan kwyt en fjochtet as in dwylsinnige tsjin de dingen dy’t der om him hinne gebeure. De luchtfersmoarging hat alle planten op syn balkon fermoarde; de muorren fan syn appartemint bin sa tin dat it leafdesleven fan de beide Dútske stewardessen neist him in iepen boek is, en syn appartemint wurdt leechstellen at syn frou even nei de winkel is. Syn psychiater giet dea wylst er foar de man syn konsulten al 23000 dollar delteld hat. Wat dogge je yn sa’n gefal. Je krije in senuwynsinking. En dat oerkomt Mel dus ek. Mar tegearre mei syn frou Edna sil Mel fjochtsjen bliuwe tsjin de delgong fan de maatskiplike wearden.

Oan’ e ein fan de simmer

Burt Hines, dy’t in hertkwaal hat, bringt mei syn dochter Josie en syn húshâldster Clemma foar de lêste kear de simmer troch yn syn twadde húske yn Pennsylvania. Hy hat al ferskate hertoanfallen achter de rêch en gjinien hat dan ek de yllúzje dat er noch lang libje sil. Josie nimt dit har mem kwea ôf, omdat sy tinkt dat de hertoanfallen feroarsake wurde troch in brutsen hert. At har mem op fersyk fan Burt it wykein útfanhûs komt, ferwyt Josie har in kâld spultsje mei har eks – man te spyljen, mar de werklikheid is wol wat komplekser. Yn itselde wykein komme der ek noch wat potinsjele houlikskandidaten del foar Josie, en Clemma, dy’t foar dit hieltyd grutter wurdende selskip it iten organisearje moat, wurdt konfrontearre mei de man dy’t har sân jier ferlyn sitte litten hat. Doch hat se nettsjinsteande de drokte de tiid om Josie, dy’t se as in dochter beskôget, it setsje te jaan dat noadich is om it mei har mem yn ‘t lyk te breidzjen

Suite Kalifornia

Dit stik bestiet út fjouwer koarte toanielstikjes dy’t harren ôfspylje op de keamers 203 en 204 fan it Beverly Hills Hotel.
As earsten binne dêr Hannah en William Warren. Se binne njoggen jier lyn by elkoar weigongen. Hannah is yn New York wenjen bleaun en is no allinne op besite by William om te praten oer de takomst fan harren dochter Jenny. Wat earst in wrange toulûkerij om in bern liket te wurden, krijt in ferrassende draai at de skerpe, sarkastyske Hannah ta grutte ferwûndering fan William in hiel oare kant fan harsels sjen lit.
Marvin Michaels skrikt ‘m de pleuris at er moarns wekker wurdt mei in dronken hoerke by him yn ‘t bêd. Hy hat ‘m fersliept en syn frou kin elk momint oankomme. Hoewol’t er in bysûnder lokkich houlik hat, koe hy foar ien kear de ferlieding net wjerstean, en no sit er dus mei de brokken. Hy besiket it fanke de keamer út te krijen, mar se is sa stomdronken fan de nacht dêrfoar, dat it him net iens slagget om har út it bêd te krijen. Marvin wringt ‘m yn alderlei bochten om foar te kommen dat syn frou der achter komt, mar fertelt har út einlings doch fan syn misstap.
Diana Nichols is in aktrise út Londen. Se is hjir tegearre mei har man Sidney om de útrikking fan de Oscars by te wenjen. Se hopet te winnen, mar dat hat de noadige tsjinslaggen. Sa hat se in piperdjoere jurk oan, wêr’t se har net lekker yn fielt, en ek hat se gjin man dy’t op stjerren leit, wat de sjuery posityf beynfloedzje kinne soe. Se krijt gjin Oscar, en at se midden yn de nacht beide stomdronken en segrinich thúskomme, fiert Diana har lilkens en teloarstelling bot op har man. It liket der op dat harren houlik der oan giet. Frustraasjes dy’t jierrenlang ferswijd binne wurde no einlings útsprutsen.
Twa stellen dy’t trije wike mei elkoar op fakânsje west binne befolkje as lêsten de suites 203 en 204. At Beth by it tennisjen in blessuere oan de foet krijt, wyt Mort dit oan it gedrach fan harren freonen. De freonen biede harren help oan, mar dit wurdt net bjuster op priis steld. Alle ergernissen fan de fakânsje komme derút, en op ‘t lêst rint de rûzje sa heech op, dat er slein, skopt en sels biten wurdt. Oan ‘e ein fan it stik lizze se alle fjouwer ferwûne en útteld op dokter te wachtsjen

It fanke fan hjirneist

jAndy en Norman jouwe tegearre it tiidskrift ‘Fallout Magazine’ út. Norman skriuwt de teksten, Andy is de útjouwer en soarget foar de abonneminten. Allinne rint it net sa bêst. Se ha grutte jildsoargen en ek ha se al yn gjin tiden hier betelle. Dêrom moat Andy ferplicht hast alle jûnen mei de húsbaas út, frou Mackininee. Dan komt der in moaie blonde jonge blom Sophie yn it appartemint neist harren te wenjen, wêrtroch’ t alles feroaret. Mei Norman is gjin lân mear te besilen sûnt sy der wennet. Hy skriuwt net mear en rjochtet syn hiele libben op har yn, alhiel tsjin de sin fan Andy fansels. Norman rjochtet sels de teleskoop dy’t op harren keamer stiet, op it rút fan Sophie, sadat neat him ûntkomt. Dit rint fansels út op bargebiten, want Sophie is al ferloofd en sil meikoarten trouwe mei Luitenant Burt Fenneman. Dan blykt dat Sophie har lichaamlik oanlutsen fielt ta Andy. Krekt as se elkoar de earste tút jouwe komt Norman der yn. It draait út op fjochtsjen. Dêrnei ha se beide in seare earm en giet Sophie werom nei wêr’t se weikommen is. Mar net echt. By eintsje beslút geane se mei syn trijen fierder mei it útjaan fan ‘Fallout’.

Praatsjes

Fjouwer stellen binne útnoege op it tsienjierrich houliksfeest fan harren freonen, de loko-boargemaster fan New York en syn frou Myra. It feest giet net troch want de jubilaris hat himsels foar de kop sketten (it is mar in lichte ferwûning oan it ear) en syn frou wurdt fermist. Syn advokaat beslút dat it net ferstannich is om de saak útlekke te litten (hoewol’t er gjin idee hat wat er him no eins werklik ôfspile hat) en de iene leagen lokket de oare út. De saak wurdt hieltyd yngewikkelder mei dat der mear gasten komme. Op it lêst wit gjin ien mear wa’t by wa no wat ferhaal op’ e mouwe spjelde hat en wêrom. It falt te begripen dat de gasten op it ein fan de jûn in bytsje trochdraaid binne.

It dineetsje

In aparte romte fan in eksklusyf restaurant yn in kastiel yn ‘e buert fan Parys. Klassike muorreskilderingen, kroanluchters en in ryklik dekte tafel foar seis minsken.
Achter elkoar meitsje trije mânlju, strak yn ‘t pak, harren yntree. Se kinne elkoar net en al ridlik gau blykt dat se troch harren mienskiplike advokaat útnoege binne foar dit sjike itentsje.
De mannen taaste elkoar ôf, sykjend nei eventuele raakflakken, om der efter te kommen wat it doel fan dit riedseleftige byinoar wêzen wêze kin.
Dan komme der koart nei elkoar trije tige sjarmante en mei smaak klaaide froulju yn.
Unferwachte wendingen en konfrontaasjes folgje. De dinner party rekket yn in streamfersnelling en der ûntspint him stap foar stap in ferrassende yntrige. Yn dizze oangripende relaasjekomeedzje wit Neil Simon syn publyk te boeien en te amusearjen troch in subtile ôfwikseling fan mysterieuze suspens, oprjocht oangripende konfrontaasjes en soms slapstikeftige mominten. En dat allegear trochrûn mei syn briljante oneliners.

In nuver stel

Oscar Madison, goed fjirtiger, is sûnt frou en bern by him weigien binne, allinne wenjen bleaun yn it lûks appartemint fan in flat yn New York. Alle freedtejûnen komt in ploechje maten by him te pokerjen.
It skynt dat Oscar, hoewol’t er tige gaotysk is, him aardich goed rêde kin allinne. Nei’t ien fan de freonen, Felix Ungar, ek by de frou wei rekket, is Oscar daliks ree dy by him yn ‘e hûs te nimmen.
Syn flat mei acht keamers is grut genôch, n’t wier? En alle freonen binne it der oer iens dat Felix better net allinne litten wurde kin. Hy soe him sels ris wat oandwaan kinne.
Mar, Oscar en Felix lykje likefolle op elkoar as nacht en dei. Dat giet dus mis. Ek al mei om’t yn itslede flargebou twa Ingelske susters wenje, moaie jonge froulju, dêr’t Oscar wol wat mei op hat. Yn syn besykjen it mei de dames oan te lizzen, fynt er Felix op syn paad.
Nei’t Oscar it bloed sawat ta sûpe wurden is, kin er net oars as Felix de doar ut sette. Dy fynt, hoe kin it ek oars, in waarm ûnthaal by, jawol, de Ingelske susters.
Dit is de heareferzje fan de (ek ferfilme) komeedzje fan Neil Simon, ûnder oaren ferneamd om syn izersterke dialogen.
Yn dizze oersetting prate de manlju(Amerikanen) wâlsfrysk, wylst de beide Ingelske dames klaaifrysk, suver hast boekefrysk, prate.
(Dizze oersetting is utjûn troch en te bestellen by VINK BV yn Alkmaar)

De memoires fan Eugene

Eugene is fytjin en giet noch nei skoalle. in pear jier ferlyn is syn omke, de man fan de suster fan syn mem, ferstoarn, en doe binne syn muoike Blanche en de beide dochters, Laurie en Nora by harren yn’e hûs kommen. Dit jout nochal wat spanningen omdat syn heit no dus foar twa gesinnen ynkommen fertsjinje moat. Syn broer Stanley wurket al en eins sjocht hy heech by syn âldere broer op. Dêrby hâldt Eugene ek noch syn memoires by, hy wol letter skriuwer wurde. Hy praat mei syn broer oer fan alles en noch wat, seks, hoe’t famkes der neaken út sjogge en nog mear. Omdat Stanley op in kear syn wyklean fergokt en it eins net tsjin syn heit doart te sizzen, rint Stanley fan hûs. Dan rinne de spanningen heech op. Heit krijt lêst fan syn hert, muoike Blanche wol mei de beide dochters fuort en op harsels wenje, wat eins net kin omdat se gjin ynkommen hat. Se sil in baan sykje en wol dan de bern oerkomme litte. Stanley komt dochs wer thús en tsjin syn heit wat der bard is. De frede wurdt tekene en sa kin de húshâlding fierder, no dus sûnder muoike Blanche en de bern.

Suite London

Alle 4 tafrielen (mei ferskillende minsken) spylje har op deselde keamer ôf, te witten suite 402 en 404 fan in hotel yn London.
It earste tafriel giet oer Brian en Billy. Billy hat jierren it jild fan Brian, dy’t in suksesfol skriuwer is, ûnder syn behear hân, omdat Brian him der net foar ynterssearre. No’t de bankrekken fan Brian yn ien kear leech wie, ropt hy Billy op it matsje.
It twadde tafriel giet oer in mem en in dochter dy’t tegearre winkele ha yn London. Mem is al jierren widdo en eins wol de dochter har wol koppelje oan in freon dy’t ek yn it hotel útfanhuzet. Mem giet wol mei him út mar bycht letter oan de dochter op dat se al in freon hat.
It tredee tafriel giet oer Diana en Sidney, dy’t earder man en frou wiene. Hy is biseksueel en de lêste jierren mear de homoseksuele kant it neist. Hy wennet al in hiel skoft yn Grikelân. Hy freget Diana om jild foar syn slim sike freon, mar geandewei komt Diana der achter dat it om Sidney sels giet.
It lêste tafriel giet oer Mark en Annie. Sy ha kaartsjes foar Wimbledon en it liket allegear tige te slagjen. oant se op de keamer komme en blykt dat de kaartsjes wei binne, se binne net te finen. De iene jout de oare de skuld. Annie rint lilk fuort en it sjit Mark yn de rêch. Hy kjirmet it út en Annie is der net om him te helpen. Der komt in dokter by, mar dy sjit it ek yn’e rêch. By eitsjebeslút fynt ien de kaartsjes, mar se ha der neat oan omdat Mark op bêd bliuwe moat fanwege syn rêch.
NB Sjoch ek nei ‘Suite hotel’ fan Neil Simon.

Suite hotel

Dit stik bestiet út fjouwer tafrielen mei ferskillende minsken, mar se pylje har wol allegear op deselde keamer ôf, te witten suite 402 en 404 fan in hotel yn London.
It earste tafriel giet oer Diana en Sidney. Se sille nei de priisútrikking fan de bêste akteur en aktrise en Diana hat in nominaasje… Mar se wint gjin priis en is at se thús komme wakker lilk.
It twadde giet oer Marvin en Milly, in troud stel. Se sille nei de trouwerij fan de soan fan de broer fan Marvin. Marvin is al fêst foarút reizge omdat er ek noch wat oars te dwaan hie. At er moarns wekker wurd, leit der in jong frommiske yn syn bêd en Milly is op kommende wei. Milly is der earder dan dat it frommiske fuort is en dat jout in soad swierrichheden.
It tredde giet oer Diana en Sidney, dy’t earder man en frou wiene. Hy is biseksueel en meer de homo kant it neist de lêste jierren. Hy wennet al in hiel skoft yn Grikelân. Hy freget Diana om jild foar syn slim sike freon, mar geandewei komt Diana der achter dat it om Sidney sels giet.
It lêste giet oer Norma en Roy, harren dochter Mimsey sil mei Borden trouwe, mar hat har yn de badkeamer opsluten en is foarearst net fan doel om der út te kommen. Heit en mem besykje om bar om har te bepraten, mar it slagget net. Dan roppe se Borden derby dy ropt nei Mimsey dat it tiid is om te trouwen en dan komt Mimsey der samar út. NB Sjoch ek nei ‘Suite London’ fan Neil Simon.

In goede dokter

In skriuwer fertelt oer syn ideeen welke at er faaks noch wolris op papier sette wol. Hy spilet sels yn ferskate sênes mei en jout kommintaar. It dekor is net sa dreech, it kin gewoan yn gerdinen spile wurde. Allinne lytse dingen om de lokaasje oan te jaan binne noadich. Der binne 9 manlju’s en 11 froulju’s rollen, mar mei dûbeljen kin it spile wurde troch 5 manlju en 5 froulju. Om der achter te kommen wêr’t de sênes oer hannelje kin men it mar it bêste gewoan lêze. It is wol werris hiel wat oars, foar in ploech dy’t ek echt ris wat oars wol!

De comeback fan de Sunshine Boys

In eks-vaudeville-team, Louis van Os en Willy Bogaard libje al jierren op foet fan oarloch mei-inoar, ek al ha se tegearre 43 jier oanien sketskes dien foar de radio. As in televyzje-stasjon in retrospektive meitsje wol oer de revu’s fan eartiids, wurdt harren frege om tegearre nochris wer de ferneamde “dokterskets” te dwaan. Willy Bogaard hâldt him de lêste tiid dwaande mei it ynsprekken fan reklameboadskippen en Louis van Os docht it noflik kalm-oan op syn âlde dei. Der moat dan ek fan alle kanten gâns op’e hearen ynpraat wurde om harren ta gearwurkjen te krijen. Lang om let slagget dat al, mar dan komme ek âld sear en skeel wer boppe.