Takomm’ jier, selde tiid
It stik begjint yn 1951 en spilet him ôf yn seis tafrielen dy’t hieltyd mei sawat fiif jier tuskenromte elkoar opfolgje.
Doris hat George by tafal moete yn in restaurant en se binnen meielkoar op bêd rekke. De oare moarns komt it praat op harren oare helte en harren bern. Sa ûntstiet in bân dy’t beide der ta bringt om ôf te praten elkoar it oare jier, itselde wykein, dêr wer te moetsjen.
Dit giet troch oant 1975. Yn seis tafrielen sjogge wy in fearnsieuw libben op ynkringende wize oan ús foarby gean.
Dit stik hâldt jin fan’t begjin oant ein yn besnijing!