Ai ai ai Caramba

Wolkom op Ibiza! Wolkom yn Hotel Mirador!
In stel Friezen, Geart en Berta Bonkema, hat dit âlde hotel kocht, neidat Berta har baan as bewarder kwytrekke troch sluting fan de finzenis. De omskeakeling fan sipier nei gastfrou is lykwols dreech, Berta falt noch geregeld werom yn âlde gewoanten.
It hotel hat in protte achterstallich ûnderhâld en dêrom ha se oannimmer Kobus – Krekt – Kerkstra oerkomme litten. Mar it sjit net op, want Kobus nimt al gau de Spaanske maňana-mentaliteit oer. Dêrby begjint it jild dat se liend ha fan Berta har tante Lydia no op te reitsjen en de ynkomsten falle ôf. In faillissement driget. Ta oermaat fan ramp krije se ek noch stevige konkurrinsje fan in bekende hotelketen.
Der moat wat barre en gau ek. Tafallich treft it dat âld-buorlju Piter en Sjouk op besite komme. Geart-en-dy hiene se útnûge en hoewol se noch noait yn it bûtenlân west ha, doarre se de reis oan. Se binne lykwols noch mar amper oankaam, of de hel brekt los.
Hoe dat sa? Gean der mar ris goed foar sitten, dan sille jim it sjen.

Yn ‘e prizen

Geart Bonkema is net te benijen. Hy sit stevich ûnder de plak by syn frou Berta. Sy fertsjinnet de kost as sipier, hy is húsman. Geart moat it húshâlden dwaan neffens in strak skema dat Berta him opdroegen hat.
Wy komme yn ‘e kunde mei dit stel as se krekt de strjitpriis yn ‘e Postkoadelotterij wûn ha. Tenminsten, as Geart net fergetten hie harren op te jaan. Hy doart dat net op te bychtsjen oan Berta. En dy is al begûn it jild út te jaan, dat der dus net is. Sa hat se al in oannimmer besteld, dy’t in nije badkeamer meitsje moat. Dizze man, Kobus ‘Krekt” Kerkstra, lit der ta ôfgriis fan Geart gjin gers oer groeie. As Berta har tante Lydia, in rike widdo, op besite komt, rûkt Geart syn kâns. Mei de entûsjaste help fan syn buorman Piter besiket er Lydia in flink bedrach oan jild ôf te sjongen. Hy tinkt dat dat samar slagje sil, mar tante is fansels ek net achterlik. Boppedat goait Sjouk, Piter syn frou, sûnder dat se der erch yn hat, hieltyd wer roet yn it iten. Net foar neat neame se har de ûnnoazele buorfrou. Midden yn alle perikels kriget Geart ek noch ris te meitsjen mei in lyk.
It wurdt noch in hiele toer om dit goed ôfrinne te litte. Oft it slagget?

Wat in skrik

Berend (Benny foar freonen) Faber is al hast fiifentweintich jier troud mei Sippy. Mar ek oare froulju ha altyd al op syn belangstelling rekkenje kinnen. Ut in eardere ferhâlding hat er in dochter, Maaike, dêr’t er neat fan ôf wit. Dy is no nei har heit op syk gien mei help fan it tv programma Spoorloos. Se ha, sûnder dat Berend der erch yn hat, regele, dat Maaike in keamer hiert by Sippy, dy’t by harren oan hûs in Bêd en Brochje hat.
As Berend in brief kriget fan Spoorloos, dêr’t yn stiet dat in frou him nei al dy jierren moetsje wol,brekt by him de panyk út, want Sippy mei der út noch yn wat fan witte. Mei help fan syn freon en kollega Sjoerd besiket er te rêden wat der te rêden falt. Hy wurket himsels lykwols hieltyd fierder yn’ e nêsten. Sil er him der noch út rêde? Dat spant der om. Wês mar bliid dat jim net yn syn skuon stean.

It doarpshûs ticht? Oer myn lyk!

Akke Kaastra is behearder fan doarpshûs ‘ Yn’ e mande’ . It doarpshûs giet har foar alles. Mar der binne problemen, want der is efterstallich ûnderhâld en de sinten binne op. It bestjoer, ûnder lieding fan de warbere foarsitter Kees Leegwater docht syn bêst mar kriget it jild net by inoar. As in amtner fan de gemeente driget om de doar op slot te dwaan komt Akke yn aksje. Har ûngewoane oanpak liket lykwols mear kwea as goed te dwaan. Durk, de man fan Akke hat syn eigen reden om it doarpshûs te rêden. Mei syn maat Douwe hâldt er him dwaande mei tsjustere saakjes, mar dat giet net tegearre mei de aksje fan Akke. Akke moat har libben op it spul sette om te rêden wat der te rêden is.