Woartels

Yn in monolooch sprekt Barbara har út oer wat sy fielt nei it ferlies fan har súske Loesje. Tuskentroch hearre we Loesje sels, pratend fan út har grêf. Dat is it poëtyske begjin fan dit koarte stik wêryn’t Barbara, in famke fan 13 jier, har âlden en de freondinne fan heit wrakselje mei it ferlies fan Loesje en wat dat mei harren docht. Heit is boer en kin hast allinnich mar oer syn woartels krimmenearje, want it reint altiten, foaral ‘fan binnen’. Om te ûntsnappen út de deistige, benearjende sfear hâld hy der in freondinne op nei, mar ek dizze Mariska kin sa stadichoan net mear oer de swarte wolk dy hieltiid driigjende boppe hiet syn holle hinget. It docht bliken dat Loesje ferûngelokke is doe ‘t heit te hurd ride.
Oan’e keukentafel fiert mem Carla lilke petearen mei har man Hans – dy’t der net is. Yndirekt wurdt dúdlik dat it de trije folwoeksene net slagget om mei-elkoar te kommunisearjen en sa harren fertriet te ferwurkjen en de iensumens te trochbrekken. Allinnich dochter Barbara is op it ein ree om de dea fan har suske as in feit te akseptearjen, ek al bliuwt Loesje (letterlik) as in skaad oer alles hinne hingjen.