Antigone

Antigone, dochter fan de foarige Kening Oidipous, freget oan har suske oft hja meidwaan wol oan in ferbeane ûndernimming: it symboalysk begraven fan harren broer.
Dizze broer wie nammentlik nei harren bertestêd ta set, om’t hy neffens in ûnderlinge ôfspraak de hearskippij oer Thebe opeaske. By it belis binne de broers yn in twakamp omkommen. De nije kening Kreon hat ferbean om it lyk fan de earste broer, dy’t as lânferrieder beskôge waard, te begraven. As it suske Ismene it net oandoart om it ferbod te oertrêdzjen, seit Antigone dat hja it allinne wol dwaan sil.
Yn it dêropfolgjende diel sjogge wy de nijbakken hearsker Kreon in soarte fan regearingsferklearring ôflizzen, dêr’t hy yn ferklearret dat hy him tsjin eltsenien keare sil dy’t it algemien belang skea docht. Fuortendaliks dêrnei fertelt in soldaat, dat immen sân oer it
lyk útstruid hat, sadat Kreon syn earste ferbod al oertrêde is. De oertrêder blykt syn eigen nichtsje Antigone te wêzen, dy’t fersein is oan syn soan.
Ta argewaasje fan Kreon is hja ek noch grutsk op har died. Om’t hy syn gesach net ûnderwrot sjen wol, feroardielt hy har ta de fêststeld straf. Ek Ismene wurdt ta de dea feroardiele.
De âlde sjenner en profeet Tiresias wârskôget Kreon. Dy kin him lykwols net yntinke dat hy ferkeart hannelet en hy fertinkt de sjenner der fan op persoanlik gewin út te wêzen.
Yn in folgjende konfrontaasje tusken Antigone en Kreon ferhurdzje de stânpunten harren allinne mar. Wol ûntsjocht Kreon no Ismene en ûnder druk fan de âldsten fan de stêd (dy’t it koar fan de trageedzje foarmje) beslút hy om har net libbend te begraven. Op dy wize kin hy syn maatregel útfiere en dochs syn hannen net brâne oan de oertrêdings tsjin de ‘ûnderierdske’ wetten dêr’t Antigone him fan beskuldige.
Antigone nimt no ôfskie. Nettsjinsteande har iensumens en wanhoop fan har net ferfolle libben, hat hja gjin spyt.
Yn de folgjende sêne sjogge wy hoe’t de soan Haimon syn heit Kreon op oare tinzen besiket te bringen. Noch hieltiten kin Kreon net tajaan.
Krekt as de sjenner Theresias mei allegear ûngeunstige foartekens oan komt setten, jout Kreon ta dat hy mooglik te fier gien is. Hy jout opdracht om Antigone te befrijen. Dan blykt lykwols net allinne dat hja sels al in ein oan har libben makke hat, mar dat ek syn soan Kreon himsels by har lyk fan kant makke hat.

Kommintaar:
Dit prachtige stik lit de konfrontaasje sjen tusken twa minsken. De iene is in farske ‘politikus’ dy’t tinkt dat hy him yn’e letterlike sin fan it wurd tsjin eltsenien keare moat dy’t him tsjin it belang fan de stêd keart, en dat persoanlike foarkar of besibbens dêrby gjin rol spylje mei. De oare is in jong famke dat har ynstinktyf keart tsjin it net begraven fan in broer, ek al soe it in misdiediger wêze. Dat is foar har in kwestje fan respekt, fan it rjocht fan de libbenen, dy’t oergeane ta de deaden. Dat rjocht moat garandearre wurde troch de famylje en omdat ek har âlders fan it toaniel ferdwûn binne, tinkt Antigone dat hja dizze plicht ferfolje moat, ek al kostet dat har libben.
‘Antigone’ hannelet dus om in konflikt fan de ‘steat’ tsjinoer dat fan de ‘famylje’. Dat dêrby ek ferskillende goaden oanroppen wurde, makket it stik foar ús amper minder tagonklik. It stik is hiel helder fan taal en like simpel as doeltreffend wurdt it ferteld.
Allinne de koargedieltes kinne noch wolris swierrichheden opleverje.

HB

Oidipoes yn Kolonos

Oidipoes komt oan ‘e ein fan syn swalkjen werom yn it Attysk gea fan Kolonos en kriget der syn grêf. Syn dochters binne him yn need trou bleaun; syn soannen wurde ferflokt.

Aias

Yn ‘e oarloch fan de Griken tsjin Troje is de Grykse oanfierder Aias (Ajaks) poerlilk wurden om’t syn striidmakkers it wapentúch fan de ferstoarne held Achilles net oan him, mar oan Odysseus jûn hawwe. As it stik begjint hjit de goadinne Athena har beskermeling Odysseus wolkom en lit him sjen wat se mei Aias dien hat: doe’t dy fan doel wie om him te wreken op de Grykse oanfierders hat se him dwylsinnich makke, werop’t Aias yn it fee begûn om te slaan. Odisseus is tankber dat hy de dea ûntkommen is, mar ek ferbjustere troch de waansin fan Aias. As dizze de oare moarn ûndekt wat er krekt dien hat, wit hy fan skamte net mear wat er dwaan moat. Nettsjinsteande de smeekbedes fan syn frou en syn soldaten deadet er himsels. De bruorren Menelaos en Agammemnon (de heechste generaal fan de Griken) wolle syn lichem yn it sân rotsje litte, fanwege it ferrie dat Aias fan doel wie. Mar dan komt Odysseus werom en slagget deryn om Agammemnon te oertsjûgjen dat sa’n beslût tige min is foar in man dy’t eartiids ek in held wie. Aias broer Teukros krijt tastimming om it lichem fan Aias te begraven.

Filoktêtês

Filoktêtês, op in iensum eilân efterlitten, wurdt troch de smjunt Odysseus en de griene, earlike Neoptolemos weromhelle, om’t hy en syn bôge nedich binne foar it ynnimmen fan Troje. It is in karakterdrama, dêr de ienfâldich te mislieden Neoptolemus yn hifke wurdt op syn earlikheid.

Kening Oidipoes

It ferhaal fan de tragyske omkear yn it lot fan de grutske hearsker fan de stêd en de steat Thebe. Oidipoes, dy’t it folk ferlost hat fan it meunster Sfinks, wurdt ferballe as bliken docht dat er sels de oarsaak is fan de pest. Hy hat, hoewol’t hy dat net wit, syn heit deade en is mei syn mem troud (bloedskande). Dit stik, dêr’t de term ‘oedipuskompleks’ wei komt, is in masterwurk fan dramatyske en lyryske krêft en hat de spanning fan in moderne detektive.

Antigone

Antigone, dochter fan de foarige Kening Oidipous, freget oan har suske oft hja meidwaan wol oan in ferbeane ûndernimming, it symboalysk begraven fan harren broer. Dizze broer wie nammentlik nei harren bertested ta set om’t hy neffens in ûnderlinge ôfspraak de hearskippij oer Thebe opeaske. By it belis binne de bruorren yn in twakamp omkommen. De nije kening Kreon hat ferbean om it lyk fan de earste broer, dy’t as lânferrieder beskôge waard, te begraven. As it suske Ismene it net oandoart om it ferbod te oertreedzjen, seit Antigone dat hja it allinne wol dwaan sil. Yn it dêropfolgjende diel sjogge wy de nijbakken hearsker Kreon in soarte fan regearingsferklearring ôflizzen, der’t hy yn ferklearret dat hy him tsjin elkenien keare sil dy’t it algemien belang skea docht. Fuortendaliks dêrnei fertelt in soldaat, dat immen sân oer it lyk útstruid hat, sadat Kreon syn earste ferbod al oertrêde is. De oertreder blykt syn eigen nichtsje Antigone te wêzen, dy’t fersein is oan syn soan. Ta argewaasje fan Kreon is hja ek noch grutsk op har died. Om’t hy syn gesach net underwrotten sjen wol, feroardielet hy har ta de feststelde straf. Ek Ismene wurdt ta de dea feroardiele. De âlde sjenner en profeet Tiresias warskôget Kreon. Dy kin him lykwols net yntinke dat hy ferkeart hannelet en hy fertinkt de sjenner der fan op persoanlik gewin út te wêzen. Yn in folgjende konfrontaasje tusken Antigone en Kreon ferhurdzje de stânpunten harren allinne mar. Wol ûntsjocht Kreon no Ismene en ûnder druk fan de âldsten fan de stêd dy’t it koar fan de trageedzje foarmje beslut hy om har net libben te begraven. Op dy wize kin hy syn maatregel útfiere en dochs syn hannen net brâne oan de oertreedingen tsjin de ûnderierdske wetten der’t Antigone him fan beskuldige. Antigone nimt no ôfskie. Nettsjinsteande har iensumens en wanhoop fan har net ferfolle libben, hat hja gjin spyt. Yn de folgjende sêne sjogge wy hoe’t de soan Haimon syn heit Kreon op oare tinzen besiket te bringen. Noch hieltiten kin Kreon net tajûn. Krekt as de sjenner Theresias mei allegear ûngeunstige foartekens oan setten komt, jout Kreon ta dat hy mooglik te fier gien is. Hy jout opdracht om Antigone te befrijen. Dan blykt lykwols net allinne dat hja sels al in ein oan har libben makke hat, mar dat ek syn soan Kreon himsels by har lyk fan kant makke hat. Kommentaar: Dit prachtige stik lit de konfrontaasje sjen tusken twa minsken. De iene is in farske politikus dy’t tinkt dat hy him yn ‘e letterlike sin fan it wurd tsjin elkenien keare moat dy’t him tsjin it belang fan de stêd keart, en dat persoanlike foarkar of besibbens dêrby gjin rol spylje mei. De oare is in jong famke dat har ynstinktyf keart tsjin it net begraven fan in broer, ek al soe it in misdiediger wêze. Dat is foar har in kwestje fan respekt, fan it rjocht fan de libbenen, dy t oergeane ta de deaden. Dat rjocht moat garandearre wurde troch de famylje en omdat ek har âlders fan it toaniel ferdwûn binne, tinkt Antigone dat hja dizze plicht ferfolje moat, ek al kostet dat har libben. Antigone hannelet dus om in konflikt fan de steat tsjinoer dat fan de famylje. Dat dêrby ek ferskillende goaden oanroppen wurde, makket it stik foar ús amper minder tagonklik. It stik is hiel helder fan taal en like simpel as doeltreffend wurdt it ferteld. Allinne de koargedieltes kinne noch wolris swierrichheden opleverje. HB