Ik kin net oars

In stik oer it libben fan Fedde Schurer. It beskriuwt syn libben fan syn berte oant syn ferstjerren. We sjogge hoe’t hy gryt wurdt by syn heit en mem. As hy fan skoalle kin, wurdt er timmerfeint. Hy wol graach skoalmaster wurde, mar syn heit en mem riede it him ôf. Letter kiest hy dêr dochs foar en hy kriget in oanstelling op ‘e Lemmer. Hy trout mei Wil. Syn leafde foar boeken bloeit op en hy begjint te dichtsjen. Ek hat hy in grutte leafde foar de Fryske Taal en de Fryske tradysjes. Troch syn eigensinnige wize fan tinken oer it Kristendom en de oarlaoch wolle de minsken op ‘e Lemmer him net mear as skoalmaster op haren skoalle hawwe. Hy giet nei Amsterdam en hat dêr in moaie tiid. Hjir wurde syn gedichten en syn politike stikken wurdearre. Mar Fryslân lûkt altyd en hy giet werom nei syn Heitelân.
NB Rollen kinne dûbbele wurden.

Snipperdei

Hindrik, dy ’t sjauffeur is by de Frico, hat op in moarn gjin nocht om oan ’t wurk te gean. Gryt, syn frou, prottelet wat op him om mar stekt dan dochs allinne ôf, ek nei har wurk by de Frico. Hindrik makket him klear op in noflike dei fan omstipjen yn eigen hûs, as der in tillefoantsje komt fan in skarreltsje út it ferline, dat delkomme wol en hja meitsje in ôfspraak foar dyselde middeis. Dan komt der in beropskollektant oan ‘e doar, dy ’t himsels der ynnoeget en dy’t al mar frjemder wurdt yn syn hâlden en dragen. Buorfrou komt der ynfleanen om help te sykje tsjin har man, dy ’t har slein hat. Hja besiket Hindrik op ‘e lije side oan te kommen, mar leit it, yn stadichoan absurdistyske wurdscènes, yn de keuken, mei de kollektant oan. Middeis komt Hendrina, neffens ôfspraak. It is har jierdei en se wol dy jierdei mei âlde kunde wat ynhâld jaan. Al lient se in ryksdaalder fan Hindrik om in pear taartsjes te keapjen en al hinget Hinderik ûnderwilens slingers op, it slagget harren net om de eardere sfear fan it thúsbringen wer op te roppen. Mei ferwiten oer en wer geane hja út elkoar.
De skriuwer hat alle koarte scènes út de chronologyske folchoarder helle en trochelkoar brûkt sa dat dêr in frjemde sfear fan út gean kin. It is lykwols ek mooglik om wòl de chronologyske folchoarder oan te hâlden.

Jierdeifeest

In man en in frou besykje de dea fan har handikapte bern te oanfurdigjen troch syn jierdei te fieren. Projeksjes fan de man en de frou komme op besite; dy akseptearje har bern wol. Man en frou krije dêrtroch de romte harren wer op inoar te rjochtsjen.

Afke D.

In montaazje fan groteske sênes, dêr ’t yn sjen litten wurdt hoe ’t Afke Dafke fan har berte oant har dea, it slachtoffer is fan it systeem dat troch Fabryk yn stân holden wurdt. Sy wurdt berne mei in medysk eksperimint. Har mem ferliest hjirby it libben. Dan wurdt se doopt mei jild. Op skoalle wol in net sa bêst. Afke D. is foarbestimd om yn it Fabriek te wurkjen fan in man dy’t ‘Fabriek’ hjit.
In harsesspieling en in ûndersyk nei har seksuele geskiktheid mislearje. Dan trout se mei Jehannes, mar ek dat is gjin sukses.
‘Partnerruil’ helpt ek net en ûnder twang fan Fabriek skiedt se fan
Jehannes en trout mei Fabriek. Dy wol in bern fan har, mar dat moat
makke wurde troch in man mei in goede oplieding en libben sied. Afke
rekket yn ferwachting en har bern moat krekt sa berne wurde as sy
sels. Ek sy ferliest hjirby it libben, Fabriek wurdt dea sketten sadat
der op ‘e ein twa liken binne.
Afke D. ferbyldet de striid foar in eigen identiteit tsjin in op jild rjochte systeem. Afke ferset har wol, mar se wurdt twongen mei te draven mei de massa. Har ‘rêding’ fan de bedriging troch it systeem is: de geunst sykje fan Fabryk, mar dat helpt har dus krekt net.

Sa fijn en sa fredich

Dit stik toant in stikje doarpslibben sa’t elk dy’t op in doarp opgroeid is dat ken. Sa op ’t each in fredige rêstige boel, mar bytiden mei in benearjende sosjale kontrôle. Dat lêste ûnderfynt foaral de figuer fan Zus mei har dochter Janneke, dy’t nei har skieding út ‘e stêd wei “flechte” is nei dit doarp, en ferlet hat fan rêst. De dochter is ferslave oan drugs, de mem hat wurk foar heale dagen en is fierders oanwezen op bijstân. Yn ’t earstoan liket it oft se aardich troch de buorlju opfongen wurdt, mar oan ‘e ein beslút se
wer út it doarp wei te gean. Se kin dêr net aardzje. De autochtoane bewenners fan it doarp kinne sa’t skynt o sa goed meielkoar, se bouwe
feestjes en geane te farren, komme byelkoar om fakânsjedia’s te besjen, ensf., mar ek dêr is in bulte rabberij te bespeuren. Benammen as de froulju fine dat de manlju wat tefolle oandacht jouwe oan oaren as de eigen froulju.
Nei’t it publyk yn ‘e earste sêne yn ‘e kunde kommen is mei de beide troude stellen, wurdt yn in pear flash-backs sjen litten hoe’t sy as jongelju oanelkoar kommen binne. (stoer gedoch mei brommers, feestjes bouwe en plaatsjes draaie ensfh.).
KOMMINTAAR:
In stik mei aardige sfearbylden, goed foar in noflike jûn sûnder al te folle djipgong. Likegoed net maklik te spyljen. Wat technyk (dekor) oangiet freget dit stik in bulte “vindingrijkheid”, mar mei ienfâldige, suggestive middels (en muzyk) moat der wol wat fan te meitsjen wêze.

TZ