Griener gers

Mark en Esther wenje neist Erik en Juliëtte. Njonken dat de fjouwer buorlju fan inoar binne, is der yn de rin fan de tiid ek in freonskip ûntstien. Se komme geregeld by inoar oer de flier.
Ek al liket de freonskip hecht, ûnderhûds spilet ôfgeunst dochs in wichtige rol. Under in itentsje by Erik en Juliëtte thús, skept Erik frijwat op oer djoere auto’s en fakânsjes nei lúkse oarden. Mark wol net foar him ûnder dwaan. En sa bedarje Mark en Esther troch Mark syn opskepperij in wike “op fakânsje” by harren thús yn de kelder…

In komeedzje oer dat it gers oan de oare kant altyd griener liket…

Weeshûs op stelten

Jacky, Tim, Hannah en Ingel wenje yn in weeshûs. Se hawwe gjin heit en mem mear. En hoewol dat fertrietlik is, hawwe se it hiel bot nei it sin by de direktrise miss Fluffy en har help Marie. Se hawwe in protte wille mei inoar, gean nei skoalle en krije alle dagen hearlik iten fan Marie. En miss Fluffy is sá leaf! It is in leafdefol plak, it weeshûs…

 

Mar dan op in dei begjint de ellinde. De eigener fan it weeshûs, mr. Pineapple, komt by miss Fluffy mei de meidieling dat hy, syn frou en harren soan Symon sels yn it weeshûs wenje wolle. Dat betsjut dat miss Fluffy, Marie en de bern derút moatte. Miss Fluffy skrikt bot fan it nijs. Wêr moatte se hinne? Se hawwe noch mar seis wiken om wat oars te finen!

 

Mar, sadree’t de famylje Pineapple yn it hûs lutsen is barre der frjemde dingen. Nachts spûket it! Mar spûken bestean dochs net? Of al?

 

Londen 1994

Dit ferhaal spilet him ôf yn Ingelân, Londen.
Fjouwer manlju, eks-kriminelen op leeftiid dy’t yn it ferline alle fjouwer fêst sitten ha foar bankrôven, beslute om noch ien kear in grutte kreak te setten.
It inisjatyf leit by Albert, dy’t it libben mar ientoanich fynt en de spanning, de sensaasje en it risiko mist.
As Albert it plan foarleit oan syn maten Collin, Brian en Danny ferslite se Albert foar gek.
Hoesa nochris it risiko rinne om pakt te wurden? Dochs slagget it Albert om syn maten oer te heljen.
Fjouwer manlju dêr’t it jongste ôf is, dy’t noch ien kear in kreak sette sille… mar dat plan kriget in kear der’t net ien op rekkene hie.

Memmesiel

Diana is sjoernalist. It hat har altyd yntrigearre: froulju achter de traaljes. Hoe binne se oer de line fan dat wat net kin en mei hinne stapt, en hoe tin is dat lyntsje? Diana beslút har frijwillich yn in frouljus-sellenblok opslute te litten. Har doel is om mei de froulju yn kontakt te kommen, harren ferhaal te hearren en in boek te skriuwen. Dit stuitet foaral by de “snoeihurde” Corine op wjerstân. De oare twa, de kreaze Annet en de eksferslaafde Betty wolle lykwols har ferhaal wol dwaan. In ferhaal oer skuld en boete, oer skamte, mei hurde konfrontaasjes mar ek mei wrange humor.

Hoe is’t mei him?

In man en in frou. Krekt skieden, dy’t ôfsprutsen ha dat se bêst de caravan hâlde kinne en him beide brûek kinne. Krekt as hy him ynstallearre hat foar twa wiken op de camping, komt sy ek mei har koffer oansetten. De caravan diele, jawis! Mar nét tagelyk! Wa bliuwt en wa giet fuort? En dan komt ek noch de nije freondinne fan de man mei in kofferke oansetten. Ferrassing… En wa is dochs dy “him” dêr’t hieltyd nei frege wurdt hoe’t it mei him giet?
In ferhaal mei in protte humor om de faak werkenbere situaasjes, mar ek mei in ûndertoan: it sear fan twa minsken dy’t út inoar dreaun binne troch omstannichheden.

Belje dokter

Toanielferiening ‘Wy ha der nocht oan’bestiet fiifensantich jier. It bestjoer wol dit jubileum net ûngemurken foarby gean litte. Jûn sil de earste gearkomste hâlden wurde by de nije foarsitter thús. Hoewol ’t er him tige goed taret hat, falt it net ta om fjouwer froulike bestjoersleden yn ‘e beage te hâlden. As der ek noch in nij lid bykomt en it heft yn hannen nimt, binne de rapen gear…

De weddenskip

Eksamenfeest 1978. Janne, Hermien, Fenna en Aukje ha der sin oan. Fjouwer freondinnen, fan jongs ôf oan al by inoar. Nei it einfeest sille se elk in oare kant út gean. Mar freondinnen, dat sille se altyd bliuwe…. of doch net? Hoe ’t in weddenskip in freonskip beynfloedzje sil…

Skjin skip

Ien nacht ha se mei elkoar trochbrocht. De ekstraverte sjongeres Hannah en de wat ferlegene seeman John. No, fiifentweintich jier letter, moetsje se inoar wer. Yn deselde hotelkeamer as doe. It sil blike dat beide dy iene nacht ferskillend belibbe ha. John wie foar Hannah net mear as in foarbygonger dy’t se op har libbensreis tsjinkaam. In man dy’t se brûkte as it har útkaam yn de pear koarte moetings dy’t plakfine nei dy iene nacht. John is Hannah lykwols noait ferjitten. Ek al is syn libben trochgien – ek sûnder har -, Hannah is altyd yn syn hert ferankere bleaun. Hoe sjogge beide op dy pear koarte moetings werom? In ferhaal oer wat ien koarte moeting foar in minske betsjutte kin. In jûn fol passy en langstme, fan oanlûken en ôfstjitten, mei ûnmacht en hertsear. Hoe dan ek, beide sille úteinlik skjin skip meitsje!

Dus…hy sûpte

Fenna en Hermien ha inoar by tafal troffen by in fakânsje yn Grikelân. Se ha inoar rom 25 jier net mear sjoen. Skoallefreondinnen wienen se, fan de legere skoalle oant en mei harren sechtjinde jier. Altyd mei syn fjouweren: Janne, Hermine, Fenna en Aukje. De twa froulju prate ôf by thúskomst in reuny op tou te setten yn it stamkafee fan harren berteplak.
Wêr moatte je begjinne nei 25 jier? Pakke se de tried sa wer op of binne se te fier útinoar groeid? En, hoe sjogge se werom op de freonskip fan doe? Wie it wol sa hecht? En dy iene grap, wat foar gefolgen hat dat hân? It wie mar in grapke, mar doch….