Wa is de breid?

Sjoerd Rollema is in rike frijfeint, dêr’t de froulju tige smucht op hawwe. Fan dat om him hinne draaien fan dy froulju, hat er skjin syn nocht en dêrom makket er in oerienkomst mei syn goed 20 jier âldere húshâldster, dat hja de wrâld kunde dwaan sille fan harren houlik, wat net wier is. Mocht ien fan beide syn mûle foarby prate, dan is dy de oare in heal miljoen gûne skuldich. Sjoerd rekket dat jild neffens himsels net kwyt, omdat er net trouwe wol en de húshâldster Hinke is fan miening dat de jongeman wolris in faam treffe sil dêr’t er sin oan kriget en dan soe hja altyd de kâns hawwe om dy slompe jild yn ‘e wacht te slepen. Rollema moat foar saken nei it bûtelân en as de dochter fan frou Tillema (de húshâldster) mei in freondinne thúskomt út Ingelân, dan witte hja it sa te regeljen, dat mem nei harren fakânsjehúske yn Ingelân giet en hja tegearre fakânsje hâlde kinne yn it hûs fan Rollema.
Om alle oanrin en drokte dy’t efter de publikaasje fan it houlik fan Rollema en har mem weikomt, te mijen sizze de beide froulju dat de dochter mei Rollema troud is, ynpleats fan de mem. Dat bringt kunde en frjemd yn twifel, mar net ien komt it krekte oan ‘e weet. Dan komme der swierrichheden, mar mei help fan in freon en in kranteskriuwster komt alles yn ‘e es en ta einbeslút reitsje Sjoerd èn syn freon beide oan de frou nei har sin.

Under dak

Tema: 3 aktuele maatskiplike problemen, t.w. it omgûcheljen mei jild, it kreakjen fan leechsteande huzen; it saneamde ‘hokjen’. Boer Jelmer Ingelsma syn dochter Geartsje kriget wat ferkearing mei Klaas. Hja mient dat syn suster by him ynwenne. Omdat hja meihelpt op ‘e pleats, hat hja tolve tûzen gûne fan har heit tegoede. Mar heit jout har dêr in sjek foar en mei dyselde sjek lient hja Klaas dat bedrach en sa kin dy syn skuld oan Ingelsma ôfbetelje.
Omdat Ingelsma slim syn eigen sjek by de bank fersulverje kin, lient hy keapman Roukema tolve tûzen gûne en sadwaande kin dy it jild fan de bank barre. Mar Bouke Roukema hat wat gedoente mei it jongfrommeske dat by Klaas ynwennet en omdat dy jongfaam mient dat hja de helte fan it hûs betelje moat oan Klaas (hja mient dat dy helte 12000 gûne is) lient Bouke har dat jild en sa kriget hja de sjek yn hannen.
Klaas kriget de sjek fan har en mei dyselde sjek betellet er dat bedrach oan frou Douwinga, dy’t dat brûke moat om har skuld oan Bouke Roukema lykmeitsje te kinnen. Nei wat strubbelingen tusken Klaas en Geartsje oer it ynwenjen by him fan in frommeske, dat syn suster net is, wurde hja it dochs iens en geane op houliksreis. Yn dy tiid wurdt harren húske kreake troch tsien jongelju. Jelly, dy’t by Klaas ynwenne en by him blau krige, hat de aksje organisearre. De skilderijen yn it húske wol hja net earder weromjaan as dat Klaas har de 12000 gûne werom jûn hat. Wolno, noch in rûntsje mei in sjek en dan komt dat ek klear. It húske bliuwt lykwols beset, mar de jongelju kinne in gruttere keamer krije yn ‘e foarein, dus dat is ek oplost.
Hja tidigje derop dat troch de publikaasje fan de kreakaksje der in protte folk dy kant út komt en dat hja dêr faaks wol wat skilderijen oan kwyt kinne.

De trijekaart op ‘e kofje

Tema: In man wol wolris ‘los fan ’t wiif’ út ‘e bân springe, mar moat dan wolris in earlik ferlechje betinke. Notaris Peetsma wurdt troch syn beide freonen, Koert Holwerda en Kerst Wiersma, útnoege om mei harren in wike nei in ûnderkommen yn it Griene-Stjerplan by Ljouwert. It is dúdlik dat it doel is om dêr de blomkes ris lekker bûtendoar te setten. Omdat syn frou dat nea tastean soe, lit Peetsma him, dêr’t syn frou en dochter by binne, opskilje troch syn klerk, dy’t him útnoeget foar in belangrike notarissenkonferinsje yn Den Haach.
De froulju binne mei dy útnoeging wakker fereare, al bliuwt it fansels spitich dat de frou net mei kin. Yn ‘e rin fan dy wike komme der praatsjes dat de trijekaart yn Ljouwert oan ‘e boemel west hat en dat behalven skea ek in pear fan harren yn it sikenhûs bedarre binne.
Ut Den Haach wei wurdt dy wyks ek in kearmannich om jild frege en dat wurdt troch de klerk daliks oerstjoerd. As Peetsma op it lêst mei in skeinde holle wer thús komt en ek de beide freonen ferskine mei skonk en earm yn ‘e wynsels, dan kin in moai ferhaal de mannen net mear rêde en wurdt ús notaris op syn kantoar troch syn frou efter de typmasine set.
Hjir tuskentroch spilet dan noch in leafdesskiednis fan notaris syn dochter Teatske mei de klerk Sjoerd Berend, dy’t mekoar oan ‘e ein fansels krije. As type docht noch Tryntsje mei, in âldfaam, dy’t de boekhâlding docht.

Leafdes tûkelteammen

Tema: Swierrichheden op it gebiet fan de leafde. Jan Maat, in jongfeint, yt wat de froulju oangiet fan alle wâlen. Hy giet gauris mei Antsje, wolris met harren faam Klaske en dan is Sonja der noch, dêr’t er it as ’t der op oankomt echt mei hâldt. Syn heit hat in freon, Faber, en dy beide wolle der op ta dat Jan winliken trouwe moast mei Faber syn dochter Antsje. Jan hat gjin wurk en dat is syn heit sadanich yn ‘e wei, dat dy regelet foar him in útstjoering nei de Sahel. En as er him dat fertelt, moat er de oare deis al fuort. Under druk jout Jan earst ta, mar dêrnei wurdt er troch syn freon Eabele en troch Sonja ta oar ynsicht brocht. As er syn heit fertelt dat er net nei de Sahel giet, wurdt dy sa poer, dat er de hannen fan him ôf lûkt. Jan rint dan de doar út en wurdt wei. Letter docht bliken, Faber hat him yn it park oppikt en him by him thús by syn dochter Antsje opsluten. Underwilens hat Sonja har yn it plak fan Klaske by heit Maat as tsjinstfaam besteld mei it doel om him te bewurkjen dat er Jan syn dwaan ferjout.
Klaske is yntusken ek op paad giet om Jan te finen. As Maat de fròu yn Sonja sjocht, dêr’t hja mei sin oanlieding ta jûn hat, kin hja him om ‘e finger wine en ûnthjit er har dat er Jan ferjaan sil, as se mei him trout. As Maat dan ek noch in brief fan Jan kriget, dat dy nei de Libanon wol, dan wol M. alles dwaan om tefoaren te kommen dat Jan dêr as kanonnefleis brûkt wurde sil. Dat brief hat Antsje lykwols skreaun om him bang te meitsjen. Neidat Klaske Jan op syn skûlplak fûn hat, komme ek Eabele en Sonja dêre. Maat sjocht op ‘e tiid yn dat Sonja gjin petoer foar him is; hy ferjout Jan syn wurdbrek en dêrmei is it paad foar Jan en Sonja frij. Yn it sok nimme hja dan Eabele en Antsje mei, sadat der oan ‘e ein twa lokkige pearen binne.

Wêr sit mem?

As Marten Bouma mei syn frou en syn skoansuster nei in fakânsje yn Ingelân wer nei hûs sille, doch bliken, dat syn skoanmem, dy’t ek mei wie, nearne te finen is. Boppedat hat hja ek de boatkaartsjes en al it jild, dat der noch oer is, by har. As hja dan tafallich ek noch hearre, dat hja in grouwe priis yn in lotterij wûn hawwe en dat mem blykber ek noch it lot yn ‘e bûse hat is de boat fansels hielendat oan. Sykje helpt neat en fuort kinne hja net! Boppedat komme dan fansels ek noch de nije bewenners fan it húske.
Nei in soad misferstannen, telefoantsjes fan “mem”, dy’t troch de Klavers – de nije bewenners – fuort ferbrutsen wurde, it iens wurden fan in broer fan Klaver mei de skoansuster fan Bouma en in foto yn in krante dêr’t út blykt dat mem de priis yn ûntfangst naam hat (in “dreamhûs”), dan docht mem harren te witten, dat hja de boatkaartsjes omwiksele hat, dat hja kinne mei in lettere boat nei hûs.

Kemeedzjespyljen hat syn útfallen

Twa jongfammen hawwe fakânsje en binne troch ien fan de memmen nei omke Beima prakkesearre om dy wat op te fleurjen. De âldman, dy’t in húshâldster hat, is slim krebintich en kin suver net mear út stee komme. De famylje freget har wolris ôf oft it wier wol sa slim is mei de âldfeint. Hawar, de fammen betinke in plan om omke ris te hifkjen.
Der komt in wyksuster, in dokter en in psychiater oan te pas, mar it measte helpt noch dat ien fan de fammen, as húshâldster ferklaaid, wakker kontsjedraait en flak foar omke har djip foaroer bûcht. Dan begjint by omke de wyn ynienen út in hiele oare hoeke te waaien en as de echte húshâldster der dan ynkomt, dan wurde hja it al gau hielendal iens.
De útfanhûzers hawwe har wurk goed dien.

Goeddwaan leannet himsels

Pake is by it strykjildskriuwen oan in doarpsherberch hingjen bleaun en bewennet dy no mei syn beide dochters. As bliken docht dat der gjin kop yn it kafee komt, set de man de folgjende advertinsje yn ‘e krante: “Foar slimme sykten dêr’t de dokter mei sit is ’t mooglik dat ik wol wat wit.”
Hoewol’t er it om it jild net dwaan hoecht, hopet er sa dochs wat flecht op ‘e koai te krijen. Hoe ’t er mei kommende pasjinten oan moat, sil er dan wol sjen. Dy earste pasjinten binne Wiersma en ‘e frou. Efterôf docht bliken dat Wiersma syn frou in man yn frouljusklean is en dat dat stel troch de plysje socht wurdt.
Pake en syn dochters wurde gewaar dat dy Wiersma’s in protte jild by har hawwe en de grouwe slúf dêr’t dat yn sit kinne hja, as hja wolle, samar naderje. As hja mei mear as fyftich tûzen gûne yn ‘e hannen sitte, wurdt der skille en komt der in resjersjeur yn, dy’t efter twa bankrôvers oan sit.
It einbeslút is, dat de beide bankrôvers ynrekkene wurde en dat Pake en de dochters mei de fyftich tûzen gûne sitten bliuwe dêr’t gjinien weet fan hat.
As de bankdirekteur komt om harren te betankjen, lit dy útkomme dat it kweade straft wurdt en it goede beleanne: hy docht dat mei in oranjekoek en blommen. Dat, Pake konkludearret: goeddwaan leannet himsels. Just, seit de iene dochter. Jawol, seit de oare.
En dan alle trije: Tankewol. Ut.