De hite hinnepôle

Richt Rozema wennet allinne yn in hûs dat har sa stadichoan te grut wurdt. Hja wol oan ‘e iene kant wol nei in lyts húske yn ‘e buorren, mar oan ‘e oare kant wit hja foar harsels dat hja har buorlju, de widner Gerben Jonkman en syn pakesizzerAfke, slim komme sil te missen. Dy pakesizzer helpt har gauris yn ‘e hûs en dy wit ek wol, dat frou Rozema gjin nee sizze soe as pake Gerben har freegje soe om by inoar yn wenjen te gean. Mar it slimste is dat net ien fan beiden dêr oer begjinne doar. Sadwaande wol Richt op it lêst dochs mar ferfarre en moat hja har hûs kwyt. Ferkeapje wol hja it net en omdat hja, sa’t skynt, ek gjin neie famylje hat, wol hja it mar weijaan oan ien fan har tije efterneven. Ien fan harren, Harm, is net troud, dus dy sil wol gjin belang by it hûs hawwe en dan koene de beide oaren it om har krije. Hja soene dan sels mar útmeitsje moatte wa’t der yn wenje sil en dy soe de oare dan wat hier betelje moatte. Dat, hja noeget de famylje út. Dy binne fansels tige benijd en miene dat der wat te heljen is en binne op foarhân foarelkoar oer op harren iepenst.
Om dit tema hinne spilet it hiele stik mei as einbeslút, dat Richt en pake Gerben doch byinoar yn reitsje, dat Afke en Harm it tegearre iens wurde en dat de beide oare pearen mei lege hannen op hûs oan moatte.
(Ien fan ‘e spilers, t.w. Gerben, de pake, hat tagelyk de rol fan ferteller en komt sadwaande no en dan, ek midden yn ‘e bedriuwen, oan it wurd.)

Twa yoghurt en ien molke

Jan Heslinga sit op in útstjoerburo, dêr’t ek Antsje, in kreas jongfaam, wurksum is. Jan is troud, mar mei Antsje hiel wol lije. Datselde jildt ek foar harren baas van der Veen. As van der Veen Jan ûntslach jout, is it de fraach oft it tebekrinnen fan it wurk wol echt de reden is foar dat ûntslach.
Om dochs wat om hannen te hawwen smyt Jan him op ‘e stúdzje, mar dêr ferslacht er yn. Dan jout er him alhiel oer oan in geheime stjoerder, dy’t er oanskaft hat. Sa besiket er wat him oandien is te ferjitten. Dat hâldt wol yn dat er in hiel eigen wrâldsje opbout en stadichoan mear ferfrjemdet fan frou en bern.
In stik mei in tragyske ûndergrûn, dat op in tige nijsgjirrige wize de komyske kant oer útarbeide is.

Hands up

Meinte Meintema, dy ’t al in skoft wurkleas is, sjocht syn húshâlding stadichwei nei de bedelte sakjen. Hja kinne net mear fakânsje hâlde, harren auto moat ferkocht wurde en de soan kin syn stúdzje net ôfmeitsje. De galle rint him oer as er by de bank gjin jild opnimme kin, omdat er yn ’t read stiet. Hy docht sabeare oft er in oerfaller is. Hy sprekt omraken op en lit twa bankminsken en in klant mei de hannen omheech stean. Mar it pakt raar út foar Meinte; se ha by de bank kâns sjoen om op ‘e alarmskille te drukken.
Boargemaster en plysje ûnderskatte de saak net en skeakelje leger en M.E. yn. Der wurdt hannele, as hiene se mei de slimste terrorist te krijen, wylst it winliken om in simpele grap giet.

In mercedes mei trekhaak

Hâns en Anneke ha in jûnpraterij op tou set mei âld-freonen fan Hâns, te witten, Wolter (opkeaper) mei de frou en Jurjen, kantoarman en noch frijfeint. Wolter hat net trochleard mar is in betûft sakeman en rydt yn in grutte mercedes. Hy is net fij fan in skeane bak en is oars ek net sa fynbeslipe. Jurjen sit noch altyd by mem ûnder ‘e plak, sy wol him net kwyt.
Op in stuit docht Hâns it útstel nochris as fan âlds sûnder de froulju te kampearjen. Dit slacht oan.
Yn Wolter syn mercedes sette se in wykmannich letter ôf nei de Snitsermar, dêr ’t se nei in soad tûkelteammen te stoel en te bank komme. As se eefkes sitte te bekommen, strike der in pear ferpleechsters by harren del dy ’t it paad bjuster binne. De maten besykje dy froulju wat op ‘e lije side te kommen, mar dizzen ha op ‘e tiid yn ’t snotsje dat se mei fjoer boartsje en spylje fan ruten. As de manlju harren deljûn ha, begjint op ûnferklearbere wize de auto te riden en rekket de tinte. Sy reitsje mei allerhande mankeminten nei ’t sikenhûs dêr ’t deselde ferpleechsters harren fersoargje moatte.
Brike sitewaasjes, mar Jurjen hâldt der in frou oan oer…….

Magnetron

Fokke Heeringa, in man allinne, libbet hiel ienfâldich op’e romte, sûnder alle hjoeddeiske geriif fan masines en apparaten. Kontakt hat er allinne mei de buorlju. Bûtensteanders fine it by him yn’e hûs in grutte binde, mar Fokke is der lokkich mei.
De gemeente is lykwols fan betinken dat der wat oan dien wurde moat en stjoert in maatskiplik wurkster op ûndersyk út. It frommeske wit Fokke safier te krijen dat er in wike by har yn’e húshâlding sil. Der moat him wat hygiëne en beskaving bybrocht wurde.
Grutter tsjinstelling as tusken it frije, rêstige, natuerlike libben fan Fokke en it fleanen en jachtsjen yn’e húshâlding fan de maatskiplik wurkster en har man en bern is der net te betinken.
De útfanhûzerij mislearret dan ek folslein.