Froulju op ‘e barrikaden

Tema: de emansipaasje fan de frou. Boerinne Atsje, dy’t kontakt hat mei in emansipaasjebeweging foar de frou, sil de stellingen fan dy beweging thús yn praktyk bringe. Dat is der de oarsaak fan dat har man Sytse skjin syn nocht kriget, mei fan gefolgen dat er har it mannewaar opseit en hja de koffers pakt en nei har mem giet. Dochter Froukje, dy’t fierhinne mei har ideeën ynstimt, hat kunde oan Jan Engelsma, in berops-aktivist, dy’t yn in kommune libbet en oars net docht as demonstraasjes organisearje. Heit Sytse hat noed mei syn dochter en wol mei Jan yn ‘e kunde komme, foardat er Froukje gewurde lit. Dat petear falt noch net iens sa gek út: Jan sil Sytse op ‘e pleats helpe as soan Jelke in skoftsje nei Kanada is.
Dy reis giet lykwols net troch, want Jelke kriget in auto-ûngemak en dat bringt tagelyk syn heit en mem wer byinoar. Fierder kriget Jan syn Froukje en Jelke syn Goaitske, dêr’t er kunde oan krigen hat.

Froulju op sicht

Tema: In âldman, dy’t net mei syn skoandochter oer de wei kin. Klaas de Vries moast destiids trouwe mei Minke en hoewel’t er in hekel hat oan spul, hat dat feit makke dat er him wat te maklik ûnder syn frou deljoech. Se hat dêr rynsk gebrûk fan makke, sis mar fan misbrûk. Se hawwe in soan, Okke, fan 27 jier, dy’t noch net safolle mei froulju omgien hat, dat it op trouwen liket. Fierder ferkeart Pake, Klaas syn heit, dêr yn ‘e hûs, mar dy en Minke kinne it net roaie. Sy is skytskjin en pake rûgelet om it hurtsje tabak en jiske, mar de oast sit djipper: se kin de âldman net om har hinne ferneare. En se stjoert him no en dan sonder dat se ferlet hat om in boadskip de buorren yn.
Okke is fan doel om in advertinsje yn ‘e krante te setten om ferkearing te krijen en hy riedt pake oan om in húshâldster te freegjen en dan mei dy yn in âldereinwentsje te gean om sa syn selsstannigens werom te krijen. It giet oan: der wurde twa advertinsjes opjûn. Klaas, dy’t nachttsjinst hat, wurdt oangeande Okke syn plannen yn betrouwen nommen en de sollestanten wurde oproppen as Minke in dei nei in gearkomste fan de plattelânsfroulju sil.
De earste sollestante foar Okke liket der net op en de twadde is Freke, it buorfamke.. Dy beide wurde it iens.
De earste sollestante foar húshâldster by pake liket der ek net op en de twadde is… Minke, syn skoandochter. Sy hat brieven fûn, guon ôfskreaun en hat har mei in prûk op foar ien fan ‘e gadingmakkers trochgean litten. Pake, dy’t der gjin erch yn hat, fertelt fan de swierrichheden mei syn skoandochter en sa. Dat beteart fansels mâl. Hoe?