De Sate

Yn dit stik komme wy yn ‘e kunde mei de húshâlding Slatterly. Earst mei de trije susters letter mei de oaren. De âldste fan de trije – Wendy – is nei twa jier troud west te hawwen skieden en is dêr frijwat ferbittere ûnder. Jenny, de middelste, is op jacht nei in man. Beide binne se skoaljuffer. De jongste, Brenda, docht eins neat oars as tsjin de maatskippij oanskoppe en tsjin alles wat se thús heart en sjocht. De ferhâlding tussen de trije susters is fier fan optimaal. It gesin wurdt behearske troch de heit. Hy mient dat de bern tsjin him binne, en pakt se dan ek hurd oan. Hy is oan ‘e drank en docht oars neat as flokke en ôfjaan op de bern. Ek syn frou kriget der fan lâns.
Sy, de mem, is wat in hússloof en besiket op alle mooglike manearen de frede te bewarjen. It wurdt al gau dúdlik dat dizze minsken net mear op in normale manear mei elkoar prate kinne. Stik foar stik binne se op de ien of oare wize teloarsteld yn it libben. As soan Arthur – it swarte skiep fan ‘e famylje – ûnferwacht foar de doar stiet mei belangryk nijs is der efkes hope dat dat feroaring bringe sil yn it fêst ruste libbenspatroan. Mar al fjochtet Mem noch sa om de boel by elkoar te hâlden, de Heit soarget dat alles op ‘e non rint. Arthur dy ’t it leafst mei dichtsjen de kost fersjinje wolle soe, wurdt op in ûnminsklike manear oanpakt troch de Heit. Arthur reizget teloarsteld ôf en as de efterbliuwende famylje Slatterly de deiske tried wer oppakt, liket it, dat der neat bard is.
Kommintaar:
In realistysk stik weryn de karakters moai en helder beskreaun binne. Troch wat der ûnder de tekst sit, ûntstiet der in broeierige benauwende sfear. In stik mei prachtige dialogen.
It stik is noch alhiel fan dizze tiid. It konflikt sil foar elk (jong en âld) werkenber wêze. It sil net makkelik wêze om mei de ûnderdrukte emoasjes fan de rolfigueren om te gean en sjen te litten.
Mar mei in regisseur dy ’t wat oandoart en mei in dito ploech spilers, is dit in prachtig stik.

AJ

Himmel waar hjoed

It stik spilet him ôf yn in ynrjochting foar geastlike ‘probleemgevallen’. Dizze minsken binne fêstrûn. Hieltyd wer dogge se deselde dwangmjittige hannelingen, meitsje se op deselde wize kontakt mei oaren, wêrfan se tinke dat it sa yn de maatskippij wenst is. Mar dy maatskippy hat dizze minsken al lang lyn oan kant skood.
Dêrtroch binne se op elkoar oanwiisd. De ûnderdienige, passive Albert is as tahearder ûnmisber foar de swetsende Haring. De groteske mânljusgek Katryn hat de skriemerige Minke nedich om har agresje kwyt te kinnen. Oanienwei meitsje se elkoar fertocht en dogge dan wer in berop op elkoar. Mar elke kear as immen him jilde litte wol, kriget er inkeld befêstiging om ’t de oar geastlik ôfwêzich is.
De mânlju helje fertekene bylden op oer de oarloch. Of der wurde anekdoates út harren ferline ferteld dy ’t as los sân oan elkoar hingje. Sa tôgje se harsels fan moarnsbrea nei jûnsmiel. Troch it banale praat hinne kriget de taskôger lykwols hieltyd mear sicht op de leechte yn it bestean fan dizze minsken. Mar ek sjocht er hoe ’t harren omgongsfoarmen útfergruttings binne fan de wize fan mei elkoar omgean yn de “normale” maatskippij.

Kommintaar:
Krekt as yn “De Sate” (sjoch de beskriuwing dêr) wurde ek yn dit stik de karakters hiel goed beskreaun. It stik is in maatskippijkrityske oanklacht, sûnder moralistysk te wêzen. Nettsjinsteande de tryste sitewaasje is it in stik mei in soad humor en komyske tastannen, sûnder de personaazjes bespotlik te meitsjen.

NB Yn 1983-’84 spile troch Tryater.