In frjemde gast
Rein en Henk Alkema, bruorren en frijgesellen, hawwe beide in leafhabberij. Rein hat in djoere juwielesamling en Henk sammelet flinters en soksoarte guod. Op in jûntiid komt der ynienen in frommeske troch de túndoarren by harren yn ‘e keamer. Hja seit dat der in man efter har oansiet en falt flau fan ‘e emoasjes. It komt der op it lêst fan dat hja dêr de nachts mar bliuwe sil. Foar de húshâldster fan de beide manlju oer hjit hja dan mar in nichtsje te wêzen.
De oare moarns komt der in plysjeman by harren en seit dat der by de buorlju ynbrutsen is en dat guon in frommeske by harren yn ‘e tún sjoen hawwe. Henk, dy’t de jongfaam, harren gast, yn beskerming nimme wol, seit dat hja neat fernommen hawwe. Elk fertinkt no it frommeske fan de ynbraak, mar Henk wol har helpe en biedt har jild oan en ek in advokaat om har foar it rjocht te ferdigenjen.
De nachts dêrop skillet der in oare plysjeman by harren oan. Hy seit dat er harren hûs wat op it each hâldt en wiist der op dat de túndoarren iepen steane. Hy is bang dat de dief no syn slach by harren slein hat. Hy freget de húshâldster ris yn ‘e sliepkeamer fan de jongfaam te sjen en as dy mei in tas mei stellen spul werom komt, liket de saak beslikke. Dan komt der lykwols in echte plysjeman ynstappen en dy ûntmaskeret de ûnechte en de húshâldster as de dieven, dy’t er mei help fan de jongfaam no te pakken krige hat.
Henk en de jongfaam binne it oan ‘e ein fierhinne iens en muoike, dy’t in net ûnbelangrike rol yn it hiele spul spile hat, hopet dat oan it frijgesellebestean fan Rein no ek mar gau in ein komt.
## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.
As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.