Bekroande earsteling

De ‘dochter des huizes’ hat in boek skreaun dêr’t alle persoanen yn it stik model foar stien hawwe. Allinne sitewaasjes en omstannichheden binne romantisearre en befantasearre. It útkommen fan it boek jout fansels gâns opskuor en dan benammen by famyljeleden en yn de neiste kunderûnte. Yn it twadde tafriel fan it earste bedriuw wurdt in scène út it boek spile troch deselde persoanen mei oare nammen: dy fan it boek. De problemen binnen útarbeide yn ‘e rjochting fan ferhâldingen bûten it normale ferbân fan it houlik. Dat heit en mem binne deabenaud dat sy der op oansjoen wurde sille. Lykwols, it docht bliken dat alk fan de kunde it boek omraak wurdearje kin. En – hoe kin ’t sa bryk – muoike (âldfaam) rekket der noch troch oan ‘e man, in dokter noch wol (âldfeint).
En de nije skriuwster en har Nico falle elkoar oan ‘e ein yn ‘e earms.