Richard Corban is pas troud mei in frou mei jild (Françoise), mar is drok dwaande om dat jild der troch te bringen mei gokken en sûpen. Syn frou hat dêr har nocht fan en wegeret fierder fan har jild te jaan.
De tsjinstfaam, Louise, hat ferkearing mei ien dy’t krekt út ‘e finzenis frijkommen is en dy’t as twa druppen wetter op Richard liket. As dy in sakereis makket, hellet Françoise út need in notaris yn ‘e hûs om in skieding mei har man te berêden. Om tawurd te jaan, moat Michel, sa hjit de frijlitten feint, foar Richard trochgean.
It rint oars, omdat Richard earder thús komt as dat soe. Hy kriget rûzje mei syn frou en by de fjochterij dy’t dêr út fuortkomt, wurdt Richard deadlik rekke troch in kûgel út syn revolver. As notaris ûntdekt dat er mei in oar as Richard te meitsjen hat, ferskuort er de skiedingsformulieren en wol er de plysje ynljochtsje. Mar no komt Louise fanwegen, omdat Michel faaks wer opsletten wurde soe. Hy sjit de notaris dea en de beide liken wurde efter yn ‘e tún begroeven.
Sa gau ’t Françoise de kâns kriget, skillet se de plysje en as dy dwaande is mei it ûndersyk, komt Richard wer thús en seit dat syn frou wol faker waanfoarstellings hân hat, mar dat it diskear wol och sa slim is.
As de plysjes ôfsette, kriget Françoise te hearren dat se yn ‘e fûke rûn is (en se is de fyfte al): Richard leit it allegeduerigen oan mei rike froulju en set harren der dan sa tusken, dat se harsels tekoart dogge, sadat hy mei syn helpers – Louise en de saneamde notaris – it jild opstrike kinne.
As dy skurken dat oan Françoise ferteld hawwe, is de lêste slach foar har. Unferwachts binne de plysjes der wer en rekkenje it trijetal yn. Françoise wie nammentlik in lokfûgel fan ‘e plysje.
## Dit stik is net mear leverber. Jo kin fan dit stik gjin boekjes mear keapje. Wol ha we noch in pear sichtboekjes, se kinne dus noch wol lêzen wurde.
As jo dit stik spylje wolle, matte jo sels de boekjes kopiearje.