De lantearnepeal, it bankje en de doazen

Sa earm as Job, gjin sint op hun melis, sa goar as Yfke, gjin hûs om yn te wenjen en gjin bêd om op te sliepen. Dan kinne jo wol in gelokje brûke. Mar dêr moatte jo wol goed oer neitinke! Mei in sûch en in suffert oan de iene kant en gejammer fan de oare kant falt dat net mei.

Dizze revu wurd spile op in pleintsje earne efterôf. It ‘wenplak’ fan trije swalkers: Sjoerd, Sippie en Kees. Lekker rêstich. Dat hat Skelte, de strjittemusikant, ek tocht doe’t er dit pleintsje útsocht as wurkterrein.

Op knibbels yn ‘e kroech

Dizze revu ‘Op knibbels yn ‘e kroech’ spilet him ôf yn in kafee yn samar in doarpke op it plattelân fan Fryslân. Samar in kafee mei in kroechbaas en syn frou en fansels mei syn eigen stamgasten.
Troch de wike bart der net folle yn it kafee, mar wykeins kin it der soms raar om ta gean. Ek dizze freed en sneon, it tiidsbestek weryn de revy spilet, gebeure der wer ûnferwachte dingen.
De reade tried yn dizze revu is it ferhaal fan Gurbe, wat troch in liet ‘fertelt’ wurdt. Derneist binne der sketskes en lieten welke gean oer de gebeurtenissen die ’t him, neist it ferhaal fan Gurbe yn de kroech ôfspielje.