In smekeling

Lies, in four op jierren, is it paad somtiden nuver bjuster.
Wat der net yn it minske libbet: eangst, betizing…
Yn in smekeling lit Jabik Veenbaas sjen dat pesten in minske foar syn libben skeine kin. In frou sjocht werom op in bernetiid en in houlik fan utskolden en bûtensletten wurde. Se is in frou wurden dy’t der allinne fan dreame kin rjochtop troch it libben te gean. In griis mûske is se dy’t har mûle noait mer iependocht om’t der dochs net nei har harke wurdt. Jabik Veenbaas hat har in stim jûn.
In oangripende monolooch oer âlder wurden.

Moeke

Moeke in frou fan ± 75 jier, dy’t sa stadichoan net safolle mear kin. Har stok is har ienige hâldfêst! It libben fan Moeke bestiet út seuren en kankerjen, mar as jo goed lústerje komme jo der efter dat Moeke lykas safolle âlde minsken iensum wurdt. In minske dy’t allinne noch mar oer harsels en eartiids prate kin. En dat docht se.. prate.. har hiele libben giet oan jo foarby. En dat wie net sa’n maklik libben. Sa falt fan it iene ferhaal yn’t oare en begjint de boel trochinoar te heljen. De dochter dy’t sa no en dan by har komt lit alles mar wat oer har hinne komme, al is soks somtiden net maklik. Sels de krityk dy’t mem op har man hat nimt se foar leaf. Dizze dochter hâldt fan har mem en sil oan’e ein ta foar har mem soargje!
Moeke: in werkenber stik.

Der wie in man, dy’t Job hiet

Undertitel: “in dramatyske gelikenis”; it stik is dus in hjoedendeiske ferzy yn drama fan it bibelske boek Job. Hjir is Job in smoarrike yndustrieel, dy’t alles hat: frou, bern, freonen, jild, macht en ynfloed. Troch in ferskaat oan oarsaken rekket er alles yn koarte tiid kwyt. Dochs besiket hy betrouwen te hawwen yn de minsken en syn lot te dragen. As blykt dat sels syn frou him yn’e steek lit foar syn bêste freon – dy’t Job út jaloerskens ferriedt – wurdt dat betrouwen swier op’e proef set.
De haadfertelling wurdt trochsnijd troch in koar fan rouwende froulju, in manke swalker (in spegel fan it takomstige lot fan Job) en in fjouwertal fertellers.
It stik behânnelet eins deselde fraach as it bibelboek, mar dan yn ‘in wrâld sûnder God’: hoe is it kwea te fernearjen?

Reis nei Rome

In âlde man fertelt oer in reis dy’t hy makke hat nei Rome. Dit wurdt ôfwiksele troch in (syn) stim op in lûdbân, wêrop’t wy ûnderfinings hearre út de tiid doe’t de man noch in jonkje wie. Stadichoan wurdt de relaasje tusken it jonkje en syn heit dúdliker en op it lêst witte wy ek hoe’t de reis nei Rome dizze pynlike oantikens út it ferline oproppe koe.

Winkelsintrum

Arsjitekt Ubbo wynt him op in jûn yn in ferlitten winkelsintrum tige op oer in gearkomste mei de gemeente as it jonge famke Ytsje hommels deryn spat. Se waard efternei sitten troch in jonge út’e disko mei in mes. De folle âldere Ubbo slacht beskermjend syn jaske om har hinne en Ytsje komt by fan de skrik en de kjeld. De twa reitsje yn petear. Stadichoan slagt de eangst fan Ytsje om yn nijsgjirrigens en sels pleagerij tjsin har ‘redder’, dy’t har útleit wêrom’t er sa lilk is op ‘dy boeren’. De brutalens fan Ytsje, dy’t der alles útflapt wat har yn it sin komt, prikkelt him, mar as hy har tutet, byt sy him yn de tonge. Se driget om it op in razen te setten, as hy har net thúsbringe wol mei syn auto.

NB Foar ynformaasje oer ‘Hertejacht’ sjoch HOEKSTRA, L.- ‘Feesttinte’.
UBBO komt ek foar yn ‘Pikmarboulevard’ fan Wilco BERGA;
YTSJE yn ‘Ysselmardyk’ fan Hans BRANS.

Sear

It tema fan dizze koarte ienakter is: hoe ferwurkje âlden it ferlies fan in bern… It dramatyske fan dit stik bestiet út de emoasje dy’t it praat fan de man en, foaral, fan de frou opropt. Sy wol alles wat oan harren jonge tinken docht oan kant dwaan, mar hy hat dat lykwols noch nedich om syn ‘sear’ te ferwurkjen. Tegearre prate se der wol oer, mar se hearre net echt nei elkoar, sadat it op spul útdraait… oant se wer frede slute. Se komme wer ta harren sels, mar it ferlies bliuwt, dêr sille se mei fierder libje moatte.
Geskikt foar in ienakterfestival.

It hûs mei de roazen

Peter Fijnvandraadt, in man fan 48, wurket hurd en ambisjeus mei syn fennoat Lucien gear om harren bedriuw ta in súkses te meitsjen. Hy komt oarspronklik út Fryslân mar wennet mei syn frou Tilly en syn soan Alex yn Den Haach. Alex is in probleemgefal: ta grutte ergernis fan syn heit ferdomt hy it om op skoalle syn bêst te dwaan. It liket derop dat de arbeidsmoraal fan Peter syn heit, in soasjalistysk ûnderwizer út Jorwert, wol op de soan mar net op de pakesizzer oergien is. Nettsjinsteande it feit dat Alex wakker wiis mei syn pake is.
Op it stuit dat dy pake op stjerren leit, is Peter foar syn wurk yn it bûtenlân. As lêste fan syn húshâlding komt hy yn it âlderlik hûs oan, foar de begraffenis. Yn dit ‘hûs mei de roazen’ (Peter syn heit kweekte foar syn hobby roazen) bliuwt Peter syn mem no allinne achter. De ferwidering tusken heit en soan set troch. Alex giet fan skoalle ôf en ferlit it âlderlik hûs. In jier letter wennet hy mei in famke tegearre en ferwachtet sy in lytsen ien.
Syn heit wol er net mear sjen. Dy stoart him ûnderwylst hieltyd fanatiker op syn wurk. Hy seit syn frou ta dat se mei fakânsje nei Grikenlân sille, mar as alles regele is lit er it dochs wer ôfwitte, fanwegen in ‘belangrike opdracht’. Sels syn fennoat Lucien fynt syn iver te fier gean as Peter nei in hertoanfal fuort wer oan it wurk wol. Der komt no ek in ferwidering mei syn frou Tilly. Dy kriget in ferhâlding mei in kollega.
Nei in twadde hertoanfal wurdt Peter hieltyd mear pleage troch twifel en wroeging. Hy giet op besite by syn soan en syn freondinne, by syn mem yn Jorwert, en beseft dat der yn syn libben wat goed mis is. As hy dan dochs noch frij ûnferwachte ferstjert, is it him net mear slagge om it echt wer goed te meitsjen mei Tilly en Alex. By de berte fan Alex syn soan, hawwe mem en soan der beide fertriet fan dat sy immen, dy’t harren nettsjinsteande alles dierber wie, yn mear as ien opsicht ferlern hawwe.
KOMMINTAAR:
In oangripend, eigentiidsk ferhaal oer in man, dy’t mei in soad ynset en goede bedoelingen it meast dierbere ferliest dat er hat. It boeiende oan Peter is, dat it net in ‘gewoane’ karriêre-makker is, mar dat er dreaun wurdt troch in plichtsbesef, dat er oan syn heit ferskuldige mient te wêzen. De druk dy’t dêrfan útgiet is sá grut, dat er de oare kant fan syn heit – de geduldige roazekweker, de man dy’t sa rêstich skake koe mei syn pakesizzer – noait ûnderkende. En it liket derop dat krekt dy kant op Alex oergien is. Dêrmei jout it stik ek in byld fan it ferrin fan trije, sels fjouwer generaasjes; in byld mei sawol positive as negative kanten.
‘It Hûs mei de Roazen’ lit yn treffende, skerpe sênes stikje foar stikje de ûntwikkelingsgong en alle aspekten sjen, dy’t úteinlik Peter syn ûndergong ta gefolch hawwe, mar dy’t der ek ta liede dat de oare personaazjes foar in oar libben kieze. It bysûndere dêrby binne de suggestive, net-realistyske sênes, wêryn de taskôger suver binnen yn’e holle fan de haadpersoan sjen kin.