De dream

Jildou en Jochem binne troud en hawwe ien soan. Jochem hat op it stuit gjin wurk en is drok oan it sollisitearjen. Dat wol allinnich net sa bot slagje. Hy spilet yn in band en yn syn dreamen is er in grutte stjer. Hy dreamt oer bjusterbaarlike optredens en moaie froulju. Mar as de wekker giet wurdt hy wekker yn syn deistiche libben.

Tinken is gjin witten

Gauke en Metha de Vries hawwe twa bern: Hylkje en Matsje. Matsje freget oft se dy jûn fuort mei. Se wol te stappen mei har freondinnen. It mei, as se mar wer feilich thúsbrocht wurdt. Dêr hat se oan tocht en Gjalt, de broer fan ien fan har freondinnen, sil har wer thús bringe. Nei dizze jûn feroaret Matsje, se is wat ôfwêzich en sleau. Dan docht bliken dat Matsje heroine brûkt. Har heit hat id der oe sa dreech mei en giet faker nei it kafee. Hylkje en har mem besykje it thús noch wat gesellich te meitsjen, mar dat slagget net. Heit fertinkt Gjalt der fan dat hy Matsje oan de drugs holpen hat, mar it docht letter bliken dat dat net sa is. Matsje is ek noch yn ferwachting. Hylkje en har mem doare dit net oan Gauke te fertellen. As se it ferelle wurdt Gauke sa lilk dat hy Mentha mei in faas op ‘e holle slacht. Matsje kriget in miskream en letter wurdt ek dúdlik wa’t har oan de drugs holpen hat en fan wa’t se yn ferwachting rekke is.

De bokaal

Ruurd en Harke moatte rippetearje foar in stikje wat se dwaan sille op de jierdei fan harren beppe. Harke hat der gjin nocht oan en wol net. Soenen se it iens wurde?