De krante is hjoed let
In troud pear wennet op ‘e romte. De frou hat it net mear nei ’t sin en sil fuort gean. Op dat stuit komme der in man en in frou oan ‘e doar, dy ’t fanwege it minne waar dêr oernachtsje moatte. It docht bliken dat de beide lêstneamden in ferhâlding mei elkoar ha en och sa wiis meiinoar binne. De oare moarns beslút de frou dochs werom te gean nei har eigen man.
It troude pear bliuwt mei wat in kater achter…. en de frou begjint wer oer fuortgean.
De man hat oars net te sizzen as dat de krante wer let is…..