De sneltrein hâldt hjir net
De trein fan fiif menuten oer njoggenen bringt by de âld-baanwachter Batai alle dagen weroan in foarfal fan jierren ferlyn yn ’t sin, doe’t in freon fan him op ‘e oerwei ferongelokke is. Wie de dea fan dizze man syn skuld? It rjucht hat him frijsprutsen en fansels hat er sels ek net tajûn dat er skuldich wie. Mar yn syn hart wit er wol better: it wie moard, it mei dan wier wêze dat syn freon him bedragen hie.
Dan komt der in frjemdling by him dy’t him ferget op in bekentenis. Mar hy kin der mar net ta komme, oant er op ’t lêst ynsjucht dat dizze frjemde man gelyk hat.