Geskaei om ‘e kaei

Jan en Frouck sitte thús. Jan is wat ûnrêstich en giet efkes in eintsje te kuierjen. Syts en Klaas sitte ek thús en hawwe spul. Klaas hat harrren dochter de pil meijûn fan Syts, want sa seit er: “dan wurdt er yn alle gefallen brûkt”. Klaas giet mei in mâle kop de doar út. Lize en Libbe sitte ek thús. Libbe hat ûnferwachts in jûn frij, om’t in gearkomste net troch giet. Dêr skrikt Lize fan, sy hat har frijer útnoege om jûn by har te kommen. Se betinkt in ferlechje om Libbe de doar út te krijen en Libbe giet. De trije manlju moetsje elkoar yn de herberch fan Annie. Dêr sit Alletta, in hoer, oan de bar. Sy sjocht hannel, trije mannen lilk fan hûs, dêr falt oan te fertsjinjen. De mannen reitsje oan de praat en hawwe it oer harren saaie houliken en bazige froulju. Se begripe inoar poerbêst. Alletta konkludearret dat de manlju wolris in ‘houliksfakânsje’ fertsjinne hawwe en doelt dêrmei op in jûntsje mei har ‘it bedsteed yn’. De mannen fine it in goed plan, mar ynterpretearje in ‘houliksfakânsje’ wol wat oars. Se beslute om harren kaaien te ruiljen. Sa komt eltsenien by in oare frou. Mar de froulju geane fansels net samar akkoard mei it wylde plan. Der ûntsteane hiel wat misferstannen, mar gelokkich komt alles wol wer goed.

In swarte nacht

In húshâlding fan man en frou, in dochter fan 23 en in soan fan 21 jier. De âldelju binne gauris oan ‘e jui: feestjes dy’t oant djip yn ‘e nacht ta duorje mei net te min drank en wat der by heart en dêrnei bringt de iene de oare syn frou thús.
De dochter mei dêr wol oer, want oan dy frijheden ûntlient se it rjocht om te dwaan wat har goed tinkt. Om ’t hoartsje komt se mei wer in oare feint thús en diskear is ’t ien dy’t út it selde hout snijd is. De soan is oars. Hy hat ferkearing mei in deeglik fanke fan noch mar 17 jier. Hy sjocht it libben fan syn âlden en syn suster as in ferdjer en makket dêr foar himsels sa’n libbensgrut probleem fan dat er him oan ‘e ein fan it stik tekoart docht.
Dat bart yn ‘e nacht as heit en mem wer ris oansketten thúskomme.

In nuver gefal

Afke Bottema, in famke fan 17 jier, hat gauris in oar feintsje. It liket earst allegear wakker, mar dan ruilet se him ek sa mar foar in oarenien yn. Op’t stuit hat se ien oan’e hân dêr’t se alhiel oerémis fan is, want Menno is hiel wat oars as oars, sa’t liket. Dat wurdt se gewaar as bliken docht, dat er minsken ûnder hypnoaze bringe kin.
It stik spilet yn de krûdesaak fan de Bottema’s en sadwaande krije wy ek te meitsjen mei in pear “pasjinten” dy’t de krûden net goed bekommen binne. Guon krije reade plakken om’e holle en in frou hat der samar in snor fan krigen om fan de sturt, dy har man fan’e salve krigen hat, mar net te praten. De saak fan’e Bottema’s rint oars goed, de frou docht de winkel en de boekhâlding en de man mei syn broer brouwe de krûden. Sy wolle de saak noch útwreidzje troch gear te wurken mei Hinke, in frou dy’t oan’e eagen fan’e minsken sjen kin wat harren mankearret en dan kin Bottema foar de kwalen syn krûden leverje.
Sa fertoane Menno en Hinke harren keunsten en leverje tsjininoar ek noch in kampslach dat it sta seit….
Dizze klucht, oer alle boegen, is en hjit “In nuver spul”.

Spul om ’t spul

Op de buorkerij fan de Albeda’s is in ûnderhûds konflikt merkber. Soan Henk studearret ôf as yngenieur en syn mem is dêr tige wiis mei. Mar soan Durk, dy’t mei syn heit it famyljebedriuw liedt, hat der argewaasje oer dat syn jongere broer op de pleats neat út ‘e wei set, wylst hy him in ûngelok wurket.
Hy wurket as ûnbetelle krêft op de buorkerij fan syn heit, dy’t it drokker hat mei it ôfrinnen fan gearkomsten dan mei syn eigen bedriuw. It gesin hat alle war dien om soan Henk studearje litte te
kinnen. Hieltyd wer hat hy spul mei syn broer, dy’t net yn ‘e gaten hat wat de oarsaak is fan Durk syn ûnfrede. Wylst Henk syn freondin út syn stúdzjetiid yn ‘e steek lit en tinkt yn it âlderlik hûs in skoftje op in sêft sin sette te kinnen, makket Durk him klear foar de oanfal. Tsjin de slappe hâlding fan syn heit yn, wol hy jild liene foar in nije lisboksetâl om út te breidzjen. By de bank kriget hy it lid op ‘e noas: syn heit is net mear kredytweardich. Ek syn pake kin him net mear helpe. De konfrontaasje mei Henk ferskerpet him as dy ek nochris de (froulike) feedokter besiket te fersieren.
Uteinlik leit Durk it byltsje derby del: nettsjinsteande syn leafde foar it bedriuw, wol hy net langer foar syn heit wurkje. Hy giet it hûs út en sil him in oar fak leare. Henk moat no marris in skoftsje de hannen út ‘e mouwen stekke.
KOMMINTAAR:
In echt, oarspronklik Frysk ‘boeretoanielstik’. De karakters binne goed tekene, de ûnderlinge ferhâldings en ferwachtings komme goed út ‘e ferve. Boppedat giet it stik ek noch earne oer. Ik ha net de yndruk dat it echt datearre is, ek al binne der dan yntusken in soad dingen feroare yn it boerebedriuw. Foar in ploecht dy’t ris in serieus stik fan eigen boaiem spylje wol is dit wol wat.

HB