De faas
Yn dit stik sitte der fjouwer minsken op de trein te wachtsjen. Alteast, dêr hawwe se it oer en njonken harren stuollen steanen in pear koffers klear. Mar jo soene likegoed sizze kinne dat se yn it park, of yn de wachtkeamer fan in psychiater of soksawat sitte. Of dat it fjouwer akteurs op in toaniel binne, dy’t boartsje mei dialogen en mei rollen. Op in bepaald stuit hawwe se sels yn ‘e gaten dat der, yn de seal, noch oare minsken nei harren sitte te sjen. De petearen spatte alle kanten út. Eintsjebeslút lykje it twa steltsjes te wêze, mar dochs geane de twa manlju in oare kant op as de froulju.
KOMMINTAAR:
In eksperiminteel, frij humoristysk toanielstikje dêr’t fan alles fan te meitsjen is. Wêr ’t oer giet is eins net sa maklik te sizzen. Men soe sizze kinne: oer minsken dy’t hieltiid njonken inoar hinne prate; oer minsken dy’t tsjinoer oaren in rol spylje moatte; oer deistich praat dat ris flink troch inoar skodde wurdt.
HB