Brike kueren

De trije susters Haverman sitte mei har trijen op ‘e pleats dy’t se ûnder útsûnderlike betingsten fan harren âlden krigen ha. De taakferdieling stiet as in hûs. Driget der al ris ien bûten de stringen te stappen dan is Beits, de âldste fan de trije der wol om de boel yn ‘e stokken te hâlden. Beits hâldt de grinzen skerp yn it each.
De jierren begjinne lykwols mei te spyljen en it swiere wurk falt de froulju geandewei swierder. Masinen binne harren frjemd en help fan bûten wolle se neat fan witte, seker net fan manlju.
De tiden feroarje mar de froulju net. Beits hâldt de kop derfoar al binne der noch safolle minsken dy’t klear steane mei wize ried. Benammen de amtners, dy geane omtrint op de stoel fan de boer sitten.
Der komt geandewei mear ferset fan bûten mar ek by de susters ûnder elkoar.
Buorman docht sa út en troch ek noch ris in sint yn it ponkje. Hy hat oare belangen en dy weachje swier. Dat de bom mei koarten barste sil is wis. Dat kin sels Beits net mear foarkomme……

It komt út ‘e loft

Taapke Haarsma skuort it hiele hûs oer ‘e kop en is alhiel fan ’t sintrum want har skoandochter út Amearika sil foar ’t earst komme om mei harren yn ‘e kunde te kommen.
Age Haarsma kin him der net drok om meitsje; it is in gewoane jongfaam fan Fryske komôf.
Age makket him drok om oare dingen; It doarp en de bewenners. Hy is dan ek al 25 jier foarsitter fan pleatslik belang.
Wybren Sikkema, de buorman, sit as ponghâlder yn it bestjoer fan pleatslik belang. De bestjoersgearkomsten wurde fansels belein yn ‘e herberch. It binne meast drege gearkomsten, dus de mannen nimme gauris ien… twa of trije nei ôfrin.
No wol it tafal dat Age de jûns foar ‘t de gasten komme noch in bestjoersgearkomste hat…

Frjemde fûgels

Durk Brinksma is as sakeman net altyd mei syn tiid meigien.
It sit Durk noch altyd dwers dat syn soan neat fan it bedriuw witte wol en hy dus gjin opfolger hat.
Sa út en troch lit er dit wolris fiele oan syn skoandochter Gelske.
Sy helpt omtrint alle dagen yn it bedriuw en dat makket in soad goed.
Durk Brinksma is wat fan slach de lêste tiid. Saapke Hamstra, de wurkster, hat him al ris hifke mar Brinksma lit neat los. Hy is op gjin stikken nei de âlde mear, hy fertroud syn eigen skoandochter net iens mear. It liket wol dat hy mear mei frjemd op hat as mei eigen. Mar… der sitte frjemde fûgels tusken.
Of soe de leafde………? Durk is al jierren widner dus je witte it nea. Saapke soe grif gjin nee sizze

Siebe wit hoe’t it moat

Siebe is in man dy’t ivich en altyd klear stiet mei “goede” rie.
Dout hat in kreaze dochter, Jolanda, wêr’t se grutsk op is.
As Jolanda op reis moat om ’t se mei problemen tangelt kriget mem it regear oer har flat.
Mem hat der slim muoite mei dat Jolanda problemen en ek dat ik liket dat der gjin manljusfleis oan har sit.
It liket der op dat it oan mem leit dat de jonges komme, efkes snuve en wer fuort binne.
As bliken docht dat der ien op kommende wei is kriget mem it op ‘e senuwen.
Siebe tinkt dat der him wol rêde kin mei ditsoarte folk ek al moat hy der hiel wat foar op it spul sette.

Kalm bliuwe

By de famylje Spykstra liket alles tige yn’e es, mar dat liket allinne mar sa. De Spykstra’s hawwe beide in tige goede baan en dat levert flink wat jild op, benammen frou Spykstra hat it tige drok. De hûshâlding komt dan faaks op it twadde plan en de bern krije meast harren gerak en omtinken ek net altiid. Foar hûshâldlik wurk is meast wol folk te finen, al wie der net sa folle ynteresse om by frou Spykstra oan’e slach te gean. Harren dochter An falt wat tusken wâl en skip, mar pake Spykstra wol har noch wolris riede, mar in pear dingen geane pake dochs wat al te fier. Swaantsje, de help yn’e hûshâlding en soms ek wolris foar oare needgefallen, kin mei de help fan pake in bulte problemen oplosse en it makket pake neat út hokker middels hy der soms foar brûke moat, as it mar helpt.
NB Rjochte fan opfiering en publikaaksje lizze by de erven fan de skriuwer: Jaap de Vries, info@jabik.nl

Reade roazen

(noch gjin beskriuwing)
NB Oer de rjochten sjoch by:
VRIES, Pyt de, ‘Kalm bliuwe’.

It erfskip fan omke Gerben

It wiere aard fan in mins komt pas echt boppe as it giet om erfenissen. Emoasjes kinne heech oprinne. Net om it fertriet om it ferlies fan de dierbere mar om it ferpatten fan de neilittenskip. Hoefolle famyljes binne der al net út inoar fallen troch rûzjes oer erfenissen? Joute Turkstra hoecht dêr net bang foar te wêzen as hy erft fan omke Gerben. Hy is nammentlik de ienichste erfgenamt. Omke Gerben wie nammentlik net troud en hie gjin bern. Joute hoecht neat te dielen, alles is foar him. Ien besite oan de notaris en alles is regele, tinkt er. Mar sa ienfâldich is it net. De notaris hat in grutte ferrassing foar Joute. De eksintrike omke Gerben hat ien betingst oangeande de erfenis. Dit wurdt in dreech beslút foar Joute. It jild is oantreklik mar sit earne oan fêst wêr’t Joute net op sit te wachtsjen.

Sa fést as in hûs

(noch gjin beskriuwing)
NB Oer de rjochten sjoch by:
VRIES, Pyt de, ‘Kalm bliuwe’.

Feenstra mei in lange F

Haadpersoan yn dit stik is Pake. Hy stiet der allinnich foar. Pake makket der in grutte rommel fan yn ‘e hûs. Alteast sa prakkesearret skoandochter Lutske der oer. Dit kin sa net langer. Lutske doart it wol te sizzen: se nimt gjin bléd foar de mûle. Soan Goffe, man fan Lutske, is de slûge kant neist. Hat neat yn te bringen; docht oars net as neiprate. Dochter Hil bemouit har net sa folle mei heit. Har man Roel is de meast “gewoane” persoan. Hy moat dan ek mar tsjin pake sizze dat it better foar him is om nei in âldereintehûs te gean.
Dér is Pake noch lang net oan ta! Hy makket de bern tige nijsgjirrich mei syn sizzen dat hyy ris in moai protsje jild wûn hat by it hynstespul. Hy hat it jild opburgen mar wit net mear wér………………. Lutske begjint fuort te sykjen.
Pake wol net nei it tehûs mar set in advertinsje foar in húshaldster. Teats komt hjir op ôf. Se nimt it heft alhiel yn hannen. Pake hat neat mear yn te bringen. Se soarget der ek foar dat har dochter Bauk by pake ûnderdak kriget. Pake mei wol oer har…….
Ek komt har freon Tjisse oer de flier. De bern wolle Teats de doar wize, dit slagget net alhiel.
Dan docht blyken dat Goffe de heit is fan Teats har dochter Bauk. Goffe begjint no ek fan him ôf te biten: Hy set Lutske te plak. Tjisse hat yntusken it jild ûtdutsen yn ‘e klok. Lutske wol daliks it jild parte mar pake hat oare plannen…………….
Foar de rjochten sjoch by:
Vries, Pyt de, “Kalm Bliuwe”

Serenade foar Beits

Twa âldfeinten, dy’t in ferversbedriuw hawwe, libje mei in húshâldster dy’t harren tige ûnder de kwint hat. Hja hawwe in feint oannommen dy’t se de kâns jaan wolle om de saak oer te nimmen. De nije feint deart it oan dat dy beide manlju sa stjoerd wurde en winliken gjin eigen libben hawwe. Hy slacht harren foar om har te helpen: hy wol besykje de húshâldster te feroarjen en slagget dat net, dan moat se har plak romje foar in oarenien. Mei har trijen sette se har foar it blok dat sy set foar in wike ôf.
Underwilens makket de feint in advertinsje op foar in nije húshâldster, mei dêr by (sonder meiwitten fan ‘e manlju) dat in houlik net útsluten is. Hja litte fan de gadinmakkers ien ‘op besjen’ komme en se switte it út fan benaudens. Wilens komt Beits werom, om’t se ynsjoen hat dat se ferkeard hannele hat. Se seit ta dat se har ta deugd oanstelle sil tenei, mei yn ‘e efterholle dat op ’t minst ien fan ‘e beide manlju trouplannen hat, oan ‘e advertinsje te sjen. De iene broer fertinkt dan de oare derfan dat dy him bûten spul sette wol; hy is gau beret en wurdt it mei de âld-húshâldster iens.
Dan komt de moard út: de feint syn wurk hat it west, mar it beteart allegearre goed: de twadde broer kriget de nije húshâldster en de feint slacht de beukerjuffer oan ‘e heak.