Warschau is sa’n moaie stêd

It stik giet oer sechstigers en tritigers/fjirtigers. De sechstigers fan no hawwe har yn har studintejierren ôfset tsjin de festige oarder fan dy tiid. Se hawwe striden foar grutte idealen en binne, fine se sels, noch like iepen en romtinkend as eartiids. De jongfolwoeksenen fan no profitearje fan de frijheid en de iepenheid dy’t de sechstigers mooglik makke hawwe. Mar wat as dy beide generaasjes foar elkoar oer komme te stean?


Sietse de Vries hat mei ’Warschau is sa’n moaie stêd’ yn de kategory ’Jûnfoljend’ de earste priis wûn by de priisfraach nei oanlieding fan it 50-jierrich jubileum fan de StUFT.

De Tredde helte

De Ljouwerter PvdA-wethâlder Kees krijt fan syn partijgenoaten te hearren dat er nei de ferkiezingen net werom komme kin. De partij hat ferlet fan farsk bloed. Hy makket in goede kâns om boargemaster fan It Bildt te wurden, mar der binne twivels oer syn affiniteit mei it plattelân. As se him op syn bertedoarp De Ryp freegje om by it 75-jierrige jubileum fan de fuotbalferiening in stânbyld te ûntbleatsjen, is dat syn kâns om foar it each fan Omrop Fryslân – foar it programma ‘ De reuny’ – te bewizen dat er in jonge fan it plattelân is. Foarôfgeand oan it jubileum moetsje Kees en syn frou An – ek in âld-Rypster – fjouwer leeftydsgenoaten op in reuny. Mei de trije jonges siet Kees krapoan fjirtich jier earder yn it tige suksesfolle C-alvetal.