Bungalow 847

In troud pear hat in priis wûn, in fakânsje yn in bungalow. De mem fan de man giet ek mei, dan is de frou bûn en hy hat de hannen frij. Der komt noch in stel yn deselde bungalow. Mei de frou fan dit stel hat er in ferhâlding en der komt ek noch in hoerke del.
Dochs is de man net lokkich, hie er it mar noait útmakke mei syn earste leafde.
Syn frou en de man fan it twadde stel litte net langer mear gewurde wat harren partners dogge en begjinne tegearre in relaasje.
Dan komt de earste leafde fan de man op it toaniel, komt it dan dochs noch goed?

Bungalow 847

Cor komt mei syn frou Antsje en mem (yn in ynvalideweintsje) oan yn in bungalowtsje yn in fakânsjepark. Se binne dêr om’t se neffens Cor in priis wûn hawwe. Cor blykt in frouljusfersierder te wêzen dy’t der sels in boekje op nei hâldt dêr’t er syn feroveringen yn byhâlden hat. Hy wol der hûndert yn hawwe foar’t er moarn tritich wêze sil. Allinnich syn mem hat him yn ‘e gaten. It famke Veronika, troch Cor ynhierd om noch yntiid de hûndert te heljen, wurdt gau troch Cor de doar útwurke om’t se te betiid is. Underwilens komt der noch in stel by, Bontsje en Roelof, dat deselde priis wûn hawwe soe. Eltsenien fynt it in nuvere saak, útsein Cor en Bontsje, dy’t mekoar yn de earmen fleane sagau’t de oaren fuort binne. Se meitsje plannen om inoar jûns te moetsjen. Bontsje wit net dat Cor dy middei al plannen hat mei Veronika…. Nei it brochje reaget Cor eltsenien nei it subtropysk swimparadys om mei Veronika allinnich te wêzen. Dat slagget mar min, want de iene nei de oare komt him oer it mad. As hy tinkt dat Veronika ûntdutsen wurde sil, docht bliken dat se troch it finster útnaaid is. Letter komt Veronika dochs wer werom. Mem hat har ferskûle wylst Cor Veronika yn ‘e kast pakt. As Antsje mei pineholle op bêd wol, moatte der allerlei toeren úthelle wurde om Veronika de doar út te wurkjen. Antsje hat in petear mei Roelof, dy’t al wit dat syn frou him net trou is. Even letter geane Bontsje en Cor der út om de hûn út te litten. Antsje sit mei itselde probleem; sadwaande wurde se yn mekoars earmen dreaun. Bontsje naait allinne út en Cor besiket dochs noch syn record te heljen mei in juffer fan de camping dy’t in earder freondintsje blykt te wêzen.

Kommintaar:
In kluchtich stik. Benammen de haadpersoan hat it smoardrok om allegeduerigen alles en elkenien foar de kroade te riden. It is eins de bedoeling dat de macho-achtige Cor in bytsje te kakken set wurdt, mar dêrta is it parody-elemint yn dit stik dochs net sa sterk. De oanstriid om te laitsjen moat benammen komme út de opienfolging fan situaasjes dy’t omtrint net op te lossen binne. Guon personaazjes binne frijwat klisjee-mjittich, lykas Veronika, mar dat heart miskien by dit type stik. De mem yn it ynvalideweinstje is wol in orizjinele figuer.

HB

Thús

Bareld fertelt op humoristyske wize oer syn libben as húsman en oer syn frou Jantsje, dy’t harsels Jeanice neamt, sûnt se in baan hat.
Wat is se feroare. Doe’t Bareld noch yn’ e bou siet gie er gauris te fiskjen mei syn maat Piter.
As dy him freget om wer ris mei te gean, seit Bareld dit ta. Mar wat sil Jeanice hjir fan sizze/

Komt Kerst mei kryst

In man tinkt lûdop oer syn libben. Hoe’t er jong wie yn de 60-er jierren, syn opstannigens en syn berêsting.
Hy is no allinnich. Frou en bern ha him yn’ e steek litten.
Hy praat der oer tsjin de jonge frou fan de thússoarch. Hy praat oer syn grutte leafde fan eartiids, dêr’t er noch faak oan tinkt. Yn it petear ûnder in spultsje damjen komme sy der achter wa’t de grutte leafde fan de man krekt wie.

Hektor

No giet it oer grytman Hector. It spilet him ôf om 1800 hinne. It ferhaal giet oer de lêste telch út de aristokratyske grytmansfamylje Fan Haersma dy’t fan 1600 oant 1800 har domisylje yn Aldegea hie en diel útmakke fan de Grietenij Smellingerlân. Inkele histoaryske feiten binne bekend. It ferhaal is basearre op in miks fan sosjale tastannen. Ryk trout mei ryk, earm mei earm.
De rike Hector wurdt fereale op de moaie Jannigje fan de heide. It is it klassike drama. Fanwegen it stânsferskil kinne se net mei elkoar trouwe. Hector wurdt keppele oan de dikke, ûnsjogge, gemiene Gesina. Dy twa ha nochal ris rûzje. Hector ferset him earst tsjin de skynhilligens fan tsjerke en aristokrasy, mar docht úteinlik ek mei oan it ûnearlike libben. Hoe’t dat ôfrint, is ymposant. Net echt in ein dat je fan in iepenloftspul ferwachtsje. Dan moatte je wol wat oandoarre!

Min oer jins ferlies kinne

In man, krekt yn’e VUT, libbet allinnich. Op dizze dei wachtet er op syn freon dy’t geregeld by him komt te damjen. Tidens it wachtsjen gean syn tinzen werom nei it ferline. Tegearre mei syn kanarje bewennet hy in flat fan in wenninboubedriuw. As de belle giet en hy tinkt dat it syn dammaat en âldkollega Kerst is, blykt it de man fan de jierlikse kachelkontrôle te wêzen.
Hingjend yn syn ferline begjint er tjin dizze kontroleur te fertellen oer syn eks-frou, harren bern, oer syn kollega en syn wurk fan eartiids.
De kachelman heart dit oan op in wize fan “no ja, lit mar”.
In goedens en ûnderdanigens wrakselt dizze iensume man nei syn ein.

In kolderike Skets

Gatzon, in butler is yn tsjinst by in Lord. No sil der in Baronesse op besite komme dy’t op it jild fan de Lord út is, mar de Lord is yntiid ferstoarn sûnder dat de Baronesse hjir fan op de hichte is. As de Baronesse komt is der dus mar ien dy’t har dat fertelle kin: Gatzon! En dy sjocht der nochal wat tsjin oan, want de Lord hat syn jild net oan de Baronesse fermakke mar oan syn trouwe butler Gatzon. As de Baronesse der is en it hege wurd fan it ferstjerren fan de Lord en de erfenis is der út, draait de Baronesse om as in blêd oan de beam en besiket it oan te lizzen mei de no rike butler.
KOMMINTAAR:
In echte klucht, dy ’t mei gefoel foar tempo en ritme spile wurde moat en beslist net maklik is, dus net foar begjinnende spilers. Der sitte moaie kolderike situaasjes yn, bygelyks it hieltyd wer stroffeljen fan de butler Gatzon oer it taske fan de Baronesse, kommintaar nei it publyk en sa mear. Der is in hiel dúdlike list mei rekwisiten en klean by it stik oanwêzich, sadat jo wat dat oangiet al in moai soad wurk út hannen nommen wurdt.

GD