De muzykstrjitte

De muzykstrjitte is in hjoeddeisk mearke dat tige geskikt is om troch basisskoallebern opfierd te wurden. It is yn’e foarm fan in musikal getten en befettet in ferskaat oan muzykstilen. It ferhaal spilet him ôf earne yn in strjitte. De strjitte wurdt sa njonkenlytsen bewenne troch bern fan alderhanne kultueren en elk hat syn eigen soarte fan muzyk. Skinny Kealkop (Skinhead) fynt it mar neat. Mei in keppeltsje oanhingers wol hy dy “bûtenlanners” út’e strjitte weiwurkje. Ien famke lûkt har it lot fan har buorsters oan. Mar hoe kinne jo agresje ombûge yn tolerânsje? Eltsenien hat syn rie wol klear, mar it docht al gau bliken dat net alles dêrfan seadden oan’e dyk set.