In ferlegene boel

Yn ‘e húshâlding fan Ben en Bonny, mei harren twa dochters en in soan dogge har gâns swierrichheden foar, dy’t by allegearre spanningen oproppe. Martsje, de âldste dochter, flechtet it hûs út om de jongfeint, dêr’t se fan seit te hâlden, efternei te reizgjen nei Frankryk, dêr’t er hinne flechte is, omdat er it thús net mear úthâlde koe by syn swier oerspande heit. Soan Bote wol fan skoalle ôf om’t er gjin nocht oan learen hat en wat fertsjinje wol, tewyl’t de jongste dochter Aly alhiel oeral is fan in kealleferkearing mei in doktorandus.
De heit ferwachtet in promoasje dy’t mar net komt en kin sadwaande net folle oan ‘e holle útstean. Hy réagearret fuortdaliks mei lilkens as der mei de bern wat oars giet of driget te gean as dat hy mient dat it gean moat. Ien en oar réagearret er almeast op mem ôf. Dy komt jin temjitte as wat in hússloof, dy’t tige har bêst docht om de swierrichheden op te heinen, mar dy’t der ûnder dizze omstannichheden ek net tsjin op kin. Dêrom is it goed dat har suster by harren komt om alles in bytsje mei ferstân en ferdrach by te stjoeren dêr’t dat kin.
Heit kriget syn promoasje wol, mar botte fleurich is er net as er heart dat syn dochter útnaaid is. Hy set har fuort efternei nei Frankryk en thús bliuwe hja yn spanning efter, hoe’t dit ôfrinne sil.
As hja op ’t lêst wer thús bine, is de boat foargoed oan as bliken docht dat de dochter yn ferwachting rekke is; teminsten dat hie heit begrepen. Alle reboelje is om neat, wat dat oangiet, want it is in misbegryp. De âldste dochter wol fan skoalle ôf om jild te fertsjinjen om de jonge, dêr’t se ferkearing mei hat, leare te litten.
Hawar, by eintsjebeslút komt it measte wer op syn poatsjes del en sa einiget it stik doch noch yn in feeststimming fanwege de promoasje.