Letter is better
Jurjen is dwaande mei syn boere bedriuw, alles op de kompjûter, modern, fan dizze tiid, allinne hy hat noch gjin frou fine kinnen. Mem dy ’t ek op de pleats wennet hat dêr sa har eigen tinken oer, it moat foaral in passende boerinne wêze dy ’t op de pleats komt. Foaral no ’t se sels yn koarten nei in oanleunwente ferhûzje sil.
Jurjen is it lêste skoft lid wurden fan in klup foar minsken dy’t allinnich binne. Dêr komt er Jeltsje tsjin. Hy is wei fan har, mar mem is in probleem… Jurjen tinkt letter kin ik alles wol fertelle, earst mar net,. Hy wol alles stikem wat regelje, en as ’t klear is nei bûten komme mei Jeltsje. Letter is yn dit gefal better…