Mutsen

Seis suskes, seis ferskillende froulju. Elk mei harren eigen problemen en eigenaardichheden. Toch geane se elk jier in wykein mei elkoar fuort. Net mei syn seizen mar altyd mei syn fiven. Yn it ferline ha twa suskes mei elkoar brutsen. Dit jier komt de ferlerne sus ûnferwachts del. Dit liedt foar de ien ta in flinke botsing en foar de oaren ta komyske situaasjes. Ynearsten liket it der op dat allinnich dizze twa sussen problemen hawwe mar as elk earlik en iepen is docht bliken dat se allegearre in ferburgen geheim hawwe. Froulju fan rûn de sechstich binne tsjintwurdich absolút gjin mutsen. Se ha allegearre al it ien en oar meimakke. Mannen binne kommen en wer gien, bern binne grut en útflein, karriêre’s binne stoppe of yn in ôfbouwende faze. Toch ha alle sussen ien ding wat harren bynt. It ferline. Mutsen is in komeedzje foar froulju fan dizze tiid.

Oanrieders

Aktrise Vera is troud met Mark. Se ha ien soan, Martijn. Vera fertsjinnet, neist har wurk as aktrise, in bulte jild mei oandielen. Mark sit al jierren sûnder wurk. Hy seit sels dat er filmprodusint is, mar hy hat mar ien film makke en dat is in flop wurden. De film is makke mei it jild dat Vera fertsjinne hat mei de oandielen. Paula, in freondinne fan Vera, wennet by harren yn om by te kommen fan de skieding en sit meast depressyf op de bank. Vera wurket tefolle, Mark drinkt tefolle. It is it jier 2008, krekt foar de finansjele krisis. It liket as is jild net belangryk.

Gjin dei spyt

Kim is krekt by de man wei en wennet foar ’t earst yn har libben allinnich. Mar de rêst dy’t se siket fynt se net. Suster Laura, mem Sophie en freon Dennis komme te pas en te ûnpas lâns. Laura en Sophie meitsje har drokker om de ‘dwaze dagen’ fan de V&D as oer wat him ôfspilet yn it libben fan Kim. Tim, in freon fan Dennis, komt ek del en lit net allinnich de herten fan de froulju hurder klopje, mar ek dat fan Dennis. mar foar wa kloppet Tim syn hert eins hurder?