Mine Totalos

It priveekantoar fan in skroatferwurkjend bedriuw, mei as direkteur Jehannes Meindersma. Syn soan Eldert stiet op it punt him op te folgjen. Homme de Haan is de boekhâlder, Lyske Boersma de priveesiktaresse.
Fierder sjugge wy út en troch de bedriuwslieder Rolsma, Sytske it kofjefamke en de direkteursfrou Ike; boppedat boargemaster Eysinga foar it yn ’t wurk setten fan in merakels grutte autowrakkekreakmasine.
It ferhaal: Ike, de mem, hat der alles foar oer dat Eldert in goed houlik oangiet. ‘Goed’ is yn har opfetting: trouwe mei in bulte jild. En as Eldert fertelt dat er yn Grikelân omgong hân hat mei de dochter fan in ferskuorrend rike reder, is se hielendal út ‘e skroeven; se hat net yn ‘e smizen dat de jonge mar wat fantasearret om der ôf te wêzen. Heit wol mear fan it frommeske witte en as Eldert har namme neamt – Mine Tótalos – bringt him dat op it idee de nije kreak-masine dy selde namme te jaan en hy wol fansels ha dat de rike redersdochter it offisjele barren bywennet.
Dat set Eldert goed foar ’t blok. Mar…. in freon fan him hat kunde oan in bûtenlânsk fanke en dy is ree om foar de Grykske yn ’t plak te gean.
Hja komt, wat suterich yn ‘e klean, op ‘e tiid oan ‘e saak, mar kin mei net ien fan allegearre dêr prate en begrypt fan wat der tsjin har sein wurdt fansels ek net botte folle.
Hawar, de boargemaster hâldt syn taspraak en op it stuit dat de bedriuwslieder it handel oerhelje sil, komt der ynienen in frommeske de betsjinningsromte ynfleanen om te protestearjen tsjin it brûken fan har namme foar de kreaker.
No wurdt it in ferfelende boel foar Eldert, mar oan ‘e ein pakt it dochs noch goed foar him út – en foar him net allinne trouwens – want Sytske wit him oan de privee-siktaresse te plakken.

Heibel op Galamastins

Op it grûngebied fan de eardere Galamastins is in bungalowpark oanlein. It park is krekt iepene en de earste gasten wurde ferwachte.
It binne allegear spantsjes fan goede komôf, mar de karakters rinne frijwat útinoar en dat jout fansels oanlieding ta konflikten.
In dievepearke besiket dêrby ek noch harren slach te slaan. Lokkich hat de slûchslimme ober Oene de eagen goed iepen. Sa kin oan ‘e ein it goede beleanne wurde en it kwea bestraft en komt alles op syn poatsjes telâne.

Net te beteljen sa’n leadjitter

Westra en syn frou binne wat opelkoar útsjoen en beslúte dêrom om in skoft by elkoar wei te gean; Westra sil nei omke Durk yn Austraalje útfanhûs. Krekt as er ôfset, komt der in telegram fan omke dat dy ûnderweis is nei Fryslân. Hy sil syn kaptaal, dat er dêr yn’e fierte fertsjinne hat, ûnder syn famyljeleden ferpartsje. Dy famyljeleden binne in broer en in suster fan him en Westra, syn omkesizzer.
Frou Westra wol har it jild net graach ûntkomme litte, en freget in leadjitter, dy’t aardich op har man liket, dy syn plak yn te nimmen. Op in dei is der dan in famyljebyienkomst en omke Durk wurdt dêr troch de iene noch mear paaid as troch de oare. Mar wat sjocht elk raar op as der in man oan’e doar komt dy’t seit dat er Westra is en dat er de fleanmasjine nei Austraalje mist hat. Elk freget him ôf wa’t no de echte Westra is. Sels frou Westra wit it net en ek de frou fan de leadjitter sjocht net wa’t har eigen man is. It komt derop del dat it nochal eefkes duorret foardat frou Westra troch hat, dat der in frjemde man by har oer de flier is en dat har eigen man by de leadjittersfrou húsmannet.
Oan’e ein docht bliken dat in goede toanielploech ta grutte prestaasjes komme kin.

Oan’e ein fan’e reinbôge

Wolter Enkelaark, in amtner, hiert yn’e fakânsje mei frou en dochter in keamer yn in pensjon. Wolter hat lykwols hiel wat oars yn’t sin as noflik fakânsjehâlde. Syn pake en beppe ha jierren ferlyn yn ditselde hús wenne. Pake soe yn de twadde wrâldkriich in fertún oan gouden tientsjes ûnder de flier bedobbe ha om se út hannen fan de besetter te hâlden.
It hús rekke troch de oarloch slim ferrinnewearre, it waard ferkocht en letter wer opboud. Nimmen hat ea wer om dy tientsjes tocht…. Sa hat Wolter it fan syn heit heard en no is er perfoarst fan doel om dy skat yn hannen te krijen. As it moat is er ree om de hiele flier út it hûs te brekken. Mar dat giet samar net….

Tink om’e buorlju

Dokter Pil hat by syn jubileum in reis oanbean krige en sil 4 wike mei de frou fuort, buorman van Dalen en’e frou sille sa lang op it hûs passe. No hat it feest foar dokter gâns mear koste as de kollekte yn it doarp opbrocht hat en van Dalen, dy’t skathâlder fan’e feestkommisje wie, sit mei in tekoart fan sa’n f. 1.500,00. Hy wol besykje dat jild boppe wetter te krijen troch it doktershûs twa wike lang oan fakânsjegongers te ferhieren. Der komme pensjongasten, mar ek Jos, de dochter fan dokter, komt ûnferwachts in pear dagen thús…
It seit himsels dat der hiel wat keunstgrepen útfûn wurde om alles yn goede banen te hâlden. De brike sitewaasjes dy’t har foardogge, sille de fleur der by it publyk wol yn bringe.