De lêste etappe
Dit stik lit yn seis tafrielen in stikje sjen fan it deistich libben yn in âldereintehûs, dêr’t minsken út hiel wat ferskillende miljeu’s mei hiel ferskillende achtergrûnen byinoar wenje. Guon binne o sa op ’t skik en guon kinne harren mar min skikke yn ‘e gong fan saken fan libje moatte neffens de regels fan it tehûs en as se kieze koene…?
Mar troch allinne mar yn it ferline te libjen, sjogge se soms ek de goede dingen fan hjoeddedei foarby…..