De kaarten op tafel

Gerard van Haren – nochal wat fan komôf – sil in boek skriuwe oer de selskant fan de maatskippij. Om dêrfoar materiaal te sammeljen, komt er geregeld yn in stamkroech fan ûnderwrâldfigueren en dêr besiket er mei hoeden útkloarkjen wat oan’e weet te kommen. Dat slagget him mei Willem, dy wurdt syn kroechmaat en it fanke achter’e taap, dêr krijt er it fan te pakken. Dat wiist mâl, want hy is befreone mei Mia en dy en har mem dogge alle war him yn har netten te beflappen.
Op in moarn komt er fan’t bêd mei in blau each en in bêste kater en fynt maat Willem by him yn’e hûs. Op dat stuit komme ek Mia en har mem delsetten. Dat jout fansels trammelant, mar Willem rêdt it op om dy beiden mei swiete praatsjes de doar út te krijen.
Dan moatte fansels de kaarten op tafel, net allinne dy fan Gerard, mar ek dy fan Jet en Willem. It docht earst dan bliken, dat Willem de heechste troef yn hannen hat.