Wa ’t de lears past

Oan ‘e stamtafel fan kastleinske Richtsje, earne yn it wetterlân, wurdt drok praat oer in rige ynbraken dy’t der de lêste wiken yn ‘e kontreien foarfallen binne. It each falt geandewei mear op twa bekende figueren, foaral om ’t noait ien der efter komme kin wêr’t dy mannen altyd mar wer mei oan ‘e kost komme. Aldergeloks binne der in pear nij-ynkommers, allebeide plysjeman yn ‘e stêd, dy’t it slagget om de saak op te rôljen en dan docht it bliken dat de skuldige net ien oars is as in fêste pensiongast fan Richtsje, dêr’t oant no ta noait ien op komme sillen hie.
En oan ‘e ein fan it stik kriget Richtsje ien fan ‘e beide plysjes ta man, en dan moat fansels dy syn kollega ek oan ‘e frou holpen wurde, en dat wurdt dan har muoikesizzer, Froukje.
Ienfâldich fan opset dit stik, mar fleurich en net botte swier om te spyljen.

Hjoed is de lêste dei

Frits Deen, skriuwer fan syn berop, hat in tige kreaze frou troud, mar fergiet al fan oergeunst as oaren mar nei har sjogge. It pear is befreone mei Fred Burns en syn húshâldster. En no fertinkt Frits syn frou derfan dat dy it mei Fred hâldt. Dat levert in slimme scène op.
Syn frou kin it net mear oan en mist ek de macht om ûnder de sitewaasje wei te kommen. Frits jout har dan in toanielstik te lêzen, dêr’t er harren sitewaasje yn dramatisearre hat. In sitewaasje dy’t útrint op neat minder as in moard. Fuort dêrnei wurdt Frits yn ‘e bosk dea oantroffen en komt de plysje yn it spul. Fred wurdt hâlden foar de skuldige, mar oan ‘e ein docht bliken dat it selsmoard west hat, mei de bedoeling om Fred – en tagelyk ek syn frou – te treffen.
In lûdbân bringt op ’t lêst de oplossing.