Tút

Wat we net allegear dogge om bemind te wurden. Mem kin it net mear fine by heit, dus wurdt heit oan ‘e kant smiten en wurd der in plastysk sirurch ynskeakele. Alles moat moai, strak, glêd en foar altyd jong. De dochter tinkt der oars oer en de plastysk sirurch trouwens ek. In anargistyske klucht wêr’t luchtich mar hurd de striid oanbûn wurdt mei de ‘schoonheidscultuur’.

16!

Maja wurdt hast sechtjin jier en wol dêrom in grut feest hâlde. Willem wol fêste ferkearing mei Maja en hat in kettinkje foar har kocht. Brecht, in freondinne fan Maja is ek fereale op Willem. Baukje is it suske fan Brecht en is ek altyd by har suster en har freonen om’t der gjin bern fan har leeftyd binne yn it doarp. Hjir binne Brecht, Maja en Willem net sa bliid mei, se fine Baukje noch sa’n baby. Tommy fynt it wol leuk en kin it goed mei Baukje fine. Dan is it de jûn fan it feest. Willem jout Maja in brommer op har jierdei. Hjir is Maja net bliid mei, se mei ommers dochs gjin brommer hawwe fan har heit. As hy dan ek noch in kettinkje jout mei net de W fan Willem der op mar de M fan Maja, wol Maja neat mear mei him te krijen hawwe. Se naait út mei Tommy. Ut wraak giet Willem mei Brecht dy’t dit wol wat oer it mad komt en neat wol.
Uteinlik bedarje Baukje en Willem tegearre yn de karavan. Willem dreauwt syn sin troch en giet fiersten te fier mei Baukje, hy komt har te nei. Dêrnei binne de ferhâldings tusken de freonen foar altyd feroare.

Himelsblau

In frou sit op in blauwe stoel. Ek de froulju yn’e seal moatte op blauwe stuollen sitte. Middels in tal triviant-kaarten hat, stelt se harsels en de froulike taskôgers mei in mannestim in hiel soad fragen, dy’t alles te krijen hawwe mei de ferhâlding tusken manlju en froulju en de ôfstân dy’t beide seksen skiedt.

Stasjon

Op it perron fan in lyts stasjon wachtet húsfrou Ria (48) op in âlde freon, dy’t werom komt nei it doarp. Dat blykt Renate te wêzen, in transeksueel. Ria wol har sa fluch mooglik op de folgjende trein nei Ljouwert sette, om’t se tinkt dat de komst fan Renate tefolle opskuor yn it doarp bringe sil. Mar Renate hie safolle moed nedich om it oan te doarren en nei jierren werom te kommen as frou, dat se lit har no net fuortstjoere. De twa reitsje yn petear oer harren mienskiplike bernetiid. Ald sear komt boppe driuwen. It docht bliken dat Ria sels nea de stap sette doarde om fuort te gean. Stadichoan fine de freonen fan doe dochs noch wat fan harren freonskip werom.

NB
9e sêne út ‘Hertejacht’. Sjoch HOEKSTRA, L. – ‘Feesttinte’ foar mear ynformaasje oer dit stik. De sênes kinne ek apart spile wurde.
RIA komt ek foar yn MIEDEMA, Baukje – ‘Atelier’.
RENATE komt ek foar yn BOER, Tsjitske de – ‘Yngong feesttinte’.

Benaud

In studinte fan Ubbo Emmius is mei de bus ûnderweis fan Ljouwert nei Drylts foar in wykein by har âldelju mei in tasfol smoarge wask. Yn ‘e benaude smoarfolle bus set se har walkman op mei it nijste bantsje fan Robert Palmer en hat gjin ferlet fan oanspraak. De âldere man neist har kin it net litte en stel har in stikmannich fragen. As se dêr gjin antwurd op jaan wol, blykt hy al gâns oer har te witten. Sels wit er mei wa’t sy yn Ljouwert omgiet, en spesjaal dy iene donkerhierrige jonge. As de man útstapt, is er net folle wizer wurden, mar in jongere jonge nimt it petear oer. Hy wol mei har op stap sneontejûn en nei wegering fan ús studinte docht bliken dat hy ek in bulte oer har frije tiidsbesteging wit. Dêrnei moetet se in âld skoallefreondinne fan har út Drylts, dy’t har út ‘e doeken docht dat in mienskiplike freondinne in och sa’n spannend seksueel aventoer belibbe hat mei leuke donkerhierrige jonge út Ljouwert…KOMMINTAAR:
Ferrassende dialogen, spannend oant en mei de ein. Ein is iepen, wat
it namste sterker makket. De muoite wurdich foar in ferfolch.

JV