Yn Adam’s kostúm

It giet om in âldfeint, dy’t njonken wat besit ek diamanten hjit te hawwen. Hy is ferstoarn en dêr komme alle omkesizzers mei oantrouden op ta setten; de measten taalden oant no ta net nei omke. Se fertrouwe mekoar foar gjin stoer – gjinien hat de moed om oanjefte te dwaan, ek it minske net dat wolris in hân foar d’âldman útstiek. As se it nei gâns hakketakje sawat iens wurden binne oer it ferpartsjen, dan komt omke libbensliif troch de doar en sette de measten fan ‘e famylje gau op hûs ta.
In aardich blijspul, dat folop faasje ferget, omdat der gauris in hiele kliber spilers tagelyk op binne en foaral omdat it praat eins oanienwei oer ien en it selde giet: it hoe en wat fan it ferstjerren en it hawwen en krijen. De typearring sil it dus fierhinne fan ôfhingje oft in útfiering mei dit stik slagget.

Bernespul

Anne Hartstra bewennet mei har soan Jelle en har dochter Inge in rojaal hûs en omdat der gjin heit mear skynt te wêzen, moatte se ek wat it wenjen oangiet in stap tebek. Se sykje in lytser hûs en dat stiet te keap. De soan hat koartlyn in autoûngemak hân en is doe by in boerefamylje yn ‘e hûs opnommen, krekt salang as er wer nei hûs ferfierd wurde koe. Yn ’t begjin fan it stik komt der in dochter fan dy boer mei in lyts bern by harren oanrinnen en freget om tydlik ûnderdak. It is mei dat bern allegearre wat heimsinnich en sadwaande binne der al fertinkingen dat Jelle de heit wolris wêze kin.
Tagelyk ferwachtet de famylje besite fan de âldelju fan Sybren, in jongeman dêr’t Inge wat gedoente mei hat. Dy mei har trijen en noch in suster fan Sybren syn mem komme dêr oan op in momint dat dat om reden fan dy jonge frou mei it bern alhiel net past.
Dêr komt noch by dat omke Karst ek oankundige hat komme te sillen. No is Anne yn ‘e ferûnderstelling dat it har broer is, dy’t almeast yn it bûtenlân tahâldt, mar as er foar de doar stiet docht bliken dat it har sweager is, dy’t deselde namme hat, mar dat in ynbrekker is, dy’t krekt wer in jier as wat yn it tichthús sitten hat.
As men dêrby noch wit dat mefrou Sudema – sa hjit de famylje dy’t op besite komt – it tige heech yn ‘e holle hat en de Hartstra’s winliken mar boargerlik fynt, mar mient de relaasje oanhâlde te moatten mei it each op dy rike omke en dat pa Sudema in kollega blykt te wêzen fan de omke-ynbrekker, mar no tige ûnder it plak sit fan syn frou, dan is der genôch oanlieding ta blijspulscènes.
Hawar, it lyts bern docht bliken te wêzen fan in frou, dy’t yn it sikenhús leit en de omke docht op it fakgebiet noch in stunt, dêr’t de net-troude muoike fan Sybren safolle bewondering foar hat dat se it mei de omke iens wurdt op it lêst.