Diagnoaze B.E.R.N.

Tom is in jonkje mei in protte fantasij. En dat moat ek wol, want hy is wol gauris allinnich thús.
Syn heit en mem binne altyd oan it wurk en dêr binne se tige grutsk op. Under iten prate se ek inkeld mar oer harren wurk. En se harkje alhiel net nei elkoar.
Tom sit mar wat ferlern by al dat gekeakel. It hûs , dêr’t se yn wenje stiet alhiel oan ’e oare kant fan de stêd en Tom syn maten wenje dus, jawol, krekt oan de oare kant. Ferfelend, as men alteast net sa’n protte fantasij hat as Tom.
As syn âlders der net binne en somtiden ek as se der wol binne, fantasearret Tom hiele ferhalen by elkoar. Syn fantasij is sa grut, dat er alle karakters, alle bisten en meunsters en minsken ek echt sjocht en fielt. Mar syn âlders dus net en dat is hiel spitich, want dan kinne se net meidwaan yn syn ferhalen. Dat dogge se dan ek net!