True West

 

It ferhaal giet oer twa broers, Austin en Lee, dy’t elkoar jierren net sjoen ha. Se binne gjin bêste freonen en de striid om de macht begjint.

Austin is in senarioskriuwer yn Hollywood en past op it hûs fan harren mem, wylst sy op fakânsje is yn Alaska. Lee, dêrfoaroer, is in dief en swerver.

Op in dei moetet Lee Saul, in producer, dy’t gearwurket mei Austin. Troch in weddenskip mei Lee sels in senario skriuwe dat Saul produsearje sil. Lee beweert dat hy in ‘echte’ Western skriuwe kin, om’t hy it westernlibben libbe hat. Dit idee liket te slagjen oant Austin der achter komt dat syn senario oan ’e kant skood wurdt.

De broers krije in heftige rûzje en drinke oant se lazarus binne. De oare dei komt mem thús, mar se is te senyl om de gaos yn it hûs te sjen.

Uteinlik wurget Austin syn broer mei de telefoantried, mar Lee oerlibet it

 

 

De earbellen

Floor komt by har beppe op besite. Se sil trouwe mei in man dy’t se noch mar in heal jier ken. Se wol graach de earbellen fan beppe liene op har troudei, de earbellen mei pearels. Beppe fynt it mar neat dat Floor sa gau trouwe wol en seit dat se net wit wêr’t de earbellen binne.

Floor moetet Piter by har beppe. As bern wie Floor al in kear mei Piter ‘troud’, yn de tún by pake en beppe. Floor droech doe de earbellen ek.

Ramon, de freon fan Floor, bellet hieltyd dat Floor thúskomme moat, want se soenen te iten mei de baas fan Ramon. Floor wol earst de earbellen. As se dan noch efkes in spultsje dwaan sil mei beppe, fynt se de earbellen. Mar beppe wol eins net dat Floor de earbellen draacht as se trout mei Ramon.

As it foar Ramon te lang duorre hat komt er by beppe om Floor op te heljen. Dan sjocht er dat Floor en Piter tútsje, en wol er Floor net mear mei ha. Hy giet allinne nei hûs.

Floor bliuwt lekker by beppe te iten.

 

’t Labyrint

De simmer is foarby, it nije toanielseizoen stiet foar de doar. De earste gearkomste presintearret Tonia, de regisseur, it stik dat se keazen hat foar it kommende seizoen. Spitigernôch komt se der rillegau efter dat de leden fan ’t Labyrint sa harren eigen, net al te reële winsken ha. Mei har stik wurdt it neat.

Se jout de spilers de opdracht om sels wat út te sykjen. Dat falt fansels net ta. Uteinlik komme se op it lumineuze idee om harren sels te spyljen. Dat wurdt net troch eltsenien op deselde wize útlein.

Brieven fan Friso Huisker – wa is dy man? — spylje, benammen yn it twadde part, in wichtige rol. Friso Huisker wit troch wat er skriuwt de saak aardich yn it hûndert rinne te litten. Cora en har man Peter komme der ôfgryslik troch yn de problemen.

Justus Eilander, sjoernalist, is fereale op Marieke – in jonge frou dy’t samar ferdwûn is. Hy docht mei Kees, dy’t siket nei syn biologyske âlden, alle war om út te finen wêr’t se bleaun is.

Utsein Ham, Tonia en Fra, hawwe alle spilers problemen yn de persoanlike sfear.

Oft alles ta in oplossing komt, is noch mar de fraach.

’t Labyrint is in spannend stik, net sûnder humor, dêr’t spilers en publyk in protte wille oan belibje kinne.

Ik kom oan

De ferhaalline folget it earste jier yn Nederlân fan de famylje Varga, dy’t fan Hongarije nei Nederlân giet om dêr in nij libben op te bouwen. In ferslachjouwer/presintator docht dit troch alle ôfleveringen oanelkoar te praten. It foardiel fan sa’n ferteller is dat we maklik fan de iene sêne nei de oare gean kinne. We kinne wat flugger troch de tiid sûnder tefolle yn detail te gean. As reade tried en komyske noat komt de klachteline nei de gemeente der tuskentroch. De telefoan giet, de gemeente nimt op en in ynwenner wol in klacht melde. De famylje Varga hat in tragysk foarfal meimakke, de bern hawwe harren heit en mem in jier lyn ferlern en wenje no mei harren pake en beppe (dy’t trouwens net tarekkenber binne) yn 1 hûs yn Hongarije. Yn Hongarije komme de dreamen fan de jongste dochter mar net fan ’e grûn. Mar sy hat sa’n 3 moanne lyn Annemarie Bongers moete. Dy hat har de eagen iepene en neamt Nederlân it lân fan har dreamen. Dêr soe har idee foar in Tiny Houses Projekt slagje moatte. Yn Hongarije is de fraach nei Tiny Houses mar lyts, mar yn Nederlân dêrfoaroer is der grut ferlet fan wenningen en de romte beheind. In ideaal lân foar in makeler om kavels te ferkeapjen foar Tiny Houses.

 

 

In skat fan neat?

Trije jonge piraten sykje nei in skat op trolle-eilân. Se witte net wat de ynhâld fan de skat is. It blykt dat se net de iennigen binne dy’t de skat ha wolle. Trollen en elven wolle ek de skat en hawwe altyd rûzje en wolle de baas wêze. Der komt feroaring yn as blykt dat in trol eigentlik in elf is. Mar wat is de skat en fan wa is hy no? Of gean de piraten dermei fan troch.

In stik oer freonskip en taal. Foar 13 persoanen/bern

 

It lêste rûntsje

It lêste rûntsje spilet yn in âld brún kafee: De traktaasje. In kafee yn in Frysk doarpke dat te lijen hat ûnder de krimp en fergrizing.
Wietse, de putsjeman, jout kroechbaas Bruinsma tsjingas wannear’t Bruinsma de oerheid de skuld jout fan it tichterby kommende fallisemint. Dan komt ynienen Emma ta de doar yn om in buorrel te drinken. Bruinsma sjocht har as de rêdende ingel. Mar Wietse hat noch in apeltsje te skilen mei har.
Nei in heftige sêne beslute Bruinsma, Wietse en Emma mei-inoar in repair café yn it doarp te begjinnen.

Muoike is net maklik!

Jo komme krekt werom fan in hearlike fakânsje. Mar dan leit der in brief op de matte dy’t ALLES hielendal op ’e kop set. Je moatte sa gau as mooglik in oplossing fine. Mar wêr fynst dy?
Dat is gjín maklike opjefte! Gelokkich… dêr is dyn trouwe rjochterhân. De oplossing is ynienen sa maklik! Mar dat blykt dochs net sa te wêzen, want binnen in kertier sitst al oant de nekke yn noch folle gruttere problemen… Los dat mar ris op! Dizze 9 rollen sille mei-inoar in jûn gekjeie, want foegje der ek noch in pear hearlike typkes oan ta en de disoarder is kompleet! En muoike?
Kin sy alles noch oplosse? Fansels! Dêr is muoike foar!

Heart it as in klucht? Ja, it is in klucht! Mar dan wol… fan dizze tiid, op ien dekôr, mei leeftiden dy’t foar eltse feriening yn te foljen binne… en… mei mar ien doar! Dat makket it foar de dekôrploech yn alle gefallen WOL in maklike opjefte!

Hoe Jort ferdwûn út Gotwert

Welcome to Gotwert! 歡迎來到阿姆斯特丹! Ach, dat leaflike Gotwert, it lytste doarpke fan de gemeente Noardsúdeastwest-Fryslân. It is der stil, want it leit oan in dearinnende dyk, alhiel mids de greiden. It liket wol fan eltsenien fergetten. It stiet nea yn ‘e krante, want der bart nea wat. Toeristen komme der inkeld as se ferdwaald binne. De lêste nijbou is fan 1913.
Iuwenlang binne de bewenners dêr rêstich en yn frede harren eigen gong gien, mar de moderne tiid mei al syn feroarings knaget oan harren bestean. Hoe lang hâlde se it noch út, wylst de iene nei de oare foarsjenning ferdwynt? Giet Gotwert fan ’e kaart? Stiet it trouwens eins wol op ’e kaart?
Krekt as de Gotwerters it net mear sitten sjogge, begjinne se ynienen allegear mysterieuze berjochtsjes te krijen. It skynt dat immen, Jort Kolder, grutte plannen mei Gotwert hat. Mar wa is dat? En wat wol er no krekt?

In tizeboel

In tizeboel spilet yn de filla fan it echtpear Bouma, yn in doarpke op ’e Veluwe. Fedde Bouma hat it op ’e saak sa drok dat er it absolút net oan tiid hat om mei syn frou op fakânsje te gean. Syn frou makket er wiis dat de saak der sa min foar stiet, dat it noadige fakânsjejild foarlopich net útbetelle wurde kin. Fansels is dit foar syn frou Sjoukje in swiere tsjinfaller want se seach sa út nei de oansteande fakânsje. No is Sjoukje net it type dat by de pakken del sitten giet en se docht in yn har eagen unyk útstel om de filla tydlik as pension te ferhieren. Sa kinne se oan it needsaaklike fakânsjejild komme. Fedde jout mei tsjinsin ta en Sjoukje set in advertinsje. Fedde fertelt it hiele ferhaal oan syn freon Ype, en Ype sjocht der de humor wol fan yn. Tusken him en Fedde wurdt in plan smeid. Dat dêrby net alles giet sa’t se graach wolle, wurdt mei feroarsake troch de foarnommen rolwikseling tusken Fedde en Ype tsjinoer de pensiongasten. It wurdt dan úteinlik ek in hiele tizeboel.

Roes

Leararen Melle, Tseard, Pytsje en Nanne binne freonen en kollega’s op in middelbere skoalle yn Drachten. Alle fjouwer wrakselje se mei net bot motivearre learlingen en hawwe se it gefoel dat har libben slim ferfeelsum wurden is. Yn it ramt fan in itentsje ta eare fan Nannes fjirtichste jierdei, komt it petear op psychiater Finn Skårderud, dy’t in teory ûntwikkele hat dy’t der op del komt dat in alkoholgehalte yn it bloed fan in heal promille der foar soarget dat jo kreativer en tagelyk mear ûntspannen wurde. De teory ynspirearret benammen Melle. Hy is down troch syn houlik en gesinslibben, dat in sleur wurden is. Ynspirearre troch de teory fan Skårderud begjint er te drinken op it wurk. De oare trije beslute om syn foarbyld te folgjen; se sjogge it as in psychologysk eksperimint om de teory fan Skårderud te testen. Se stelle in tal regels op: har bloedalkoholgehalte (BAG) mei nea leger wêze as in heal promille en se meie net drinke nei acht oere jûns. Yn de koartste kearen fine alle fjouwer sawol har wurk as har priveelibben folle leuker. Benammen Melle is optein, as er der lang om let wer yn slagget kontakt te krijen mei syn frou, syn bern en syn klasse. Hy is wer de ynspirearjende learaar dy’t er ea wie.

De fjouwer binne it deroer iens dat it eksperimint fuortset wurde moat en ferheegje de ynset: de deistige BAG-limyt giet omheech nei 0,1. Se binne noch hieltyd fan miening dat har libben der better fan wurdt en beslute it op in sûpen te setten, om sa fêststelle te kinnen hoe’t har lichem en geast dêr op reagearje sille. Sa hawwe se in moaie jûn en nacht, mar as se lam thús komme, wurde sawol Nanne as Melle konfrontearre mei wat har húshâldings der yntusken fan fine. It gesin fan Melle uteret syn soargen; syn frou en bern fine dat er ôfglidet nei alkoholisme en fertelle him dat er al wiken sichtber dronken is. Nei in heftige diskusje, wêryn’t Melle’s frou Amarens tajout him ûntrou te wêzen, ferlit Melle har. De fjouwer beëinigje it eksperimint.

Letter binne alle fjouwer oerdei ophâlden mei drinken, mei útsûndering fan Tseard, dy’t alkoholist wurden is. In pear dagen nei’t er mei syn dronken kont op skoalle ferskynd is, docht Tseard himsels tekoart. De trije oerbleaune freonen geane nei Tseards begraffenis mei elkoar út te iten en lykje yn it earstoan net fan doel te wêzen om te drinken, mar bestelle úteinlik dochs sjampanje, omdat Tseard dat ek dwaan soe. Under it iten krijt Melle in app’ke fan syn frou, dêr’t út bliken docht dat se ree is om harren houlik in nije kâns te jaan. Underwilens komme de learlingen, dy’t krekt har eksamen helle hawwe, feestend by it restaurant del. Melle, Pytsje en Nanne ferlitte it restaurant en drinke en fiere feest mei har learlingen. Melle, dy’t froeger op jazzballet siet, en oant no ta wegere om te dûnsjen, dûnset no ek entûsjast mei de feestgongers mei.

In de ban fan Broadway

Grace Rogers, in famke fan ienfâldige komôf, hat mar ien dream. As aktrise skitterje op it poadium fan it Majestic teäter op Broadway. Om har doel te berikken, besiket se yn kontakt te kommen mei har grutte idoal: de bekende Broadway-stjeraktrise Margo Miller.
Dat slagget har fia Margo har freondinne Karen, dy’t Grace nei in foarstelling mei nimt nei de klaaikeamer om har foar te stellen oan Margo. As Grace har libbensferhaal oan Margo fertelt, kriget dy meilijen mei har en nimt se Grace ûnder har hoede. Dan sil al gau blike dat Grace net it nayve famke is wer’t elk har foar hâldt. Op in berekkenjende manier besiket se har doel te berikken, en wurdt Margo úteinlik fan har troan stjitten.

De himmelsters

Yn ‘De himmelsters’ sjogge wy fjouwer froulju, dy’t op de ôfdieling Húshâlding van in
middelgrutte ûnderwiisynstelling wurkje. Se komme nei de simmerfakânsje wer foar it earst op it
wurk. Gewoanwei binne se altyd mei syn fiven, mar ien fan harren, Anita, komt net opdaagjen.
Grut is de skrik, as blykt dat Anita dea op it húske sit. Wat is der bard en wat moatte se no dwaan?
En hoe kin it, dat gjinien har mist hat?

Begryp my net ferkeard

Dizze lichtfuottige komeedzje giet oer in famyljeman fan middelbere leeftyd, Karel de Boer, dy’t yn New York, dêr’t er foar saken wie, in koarte affêre hân hat mei in Frysk famke, Marloes. Werom yn Fryslân tinkt er dat er gjin spoaren achterlitten hat, hy hat har syn thúsadres en telefoannûmer net jûn bygelyks. Mar it slagget har al om him op te spoaren en op in jûn stiet se foar de doar! Troch foar syn frou Marleen achter te hâlden wa’t se werklik is, komt Karel, en syn broer Robert, dy’t helpt by de bedragerij, yn in searje hilaryske komplikaasjes telâne, dy’t fersterke wurde troch de komst fan de frou fan Robert, Marlies. Om de saken noch fierder yn de hobbel te skoppen, wurdt al gau dúdlik dat Marleen sels ek in romantysk geheim hat.

Drop, kroketten en ândere onwinnigens

Jelte, in Bilkert om fierens, wennet yn Kanada. Hy siket om fragen út ’t ferline. Hy tinkt wer in protte oan Aukje, syn freondinne yn Fryslân. Wêrom gong se net mei nei Kanada?
Doe’t Jelte nei Kanada gongen wie, krige Aukje al gau in poppe. Soe dy fan Jelte wêze? Jelte wol it eins wol wite.
Hy giet nei Fryslân om dit út te sykjen.
As hy har sjocht, tinkt er dat it net syn dochter is. Se liket net op him.
Letter komt er der achter dat sy de selde medisinen brûkt as hy, foar in seldsume bloedearmoede, dy’t Jelte ek hat.
Dus toch!

It hat west

Hy (Siebe) is mei betider pinsjoen, sy (Gatske) is in fleurige jong eagjende frou. Se ha harren te wenjen set yn it bertedoarp fan Siebe. Harren hûs stiet op it lân dat Siebe syn heit eartiids yn gebrûk hie.
De lêste tiid komme der lytse skuorkes yn it goede houlik. Gatske stiet op oarder en regel en Siebe wurdt wat ferjitlik en hat no en dan eigenaardige bylden yn ’e holle. Dat jout oanlieding ta argewaasje oer en wer.
Yn harren fierder doch wol rêstige libben komt grutte feroaring as in eardere doarpsgenoat fan Gatske (Gerrit Huizing) weromkomt út Kanada. De man is bepaald net fan it noflikste soart.
Bliid binne se as der in brief komt fan dochter Gelske út Halifax, dat se fan doel is in pear wiken thús te kommen.
Yn dy wiken komme der pynlike saken foar it ljocht en wurde der hurde maatregels nommen.

Echt wier

Jurjen en Baukje binne in stel fan sa’n fjirtich jier. Jurjen hâldt fan fiskjen en nimt it net sa krekt. Baukje is syn frou en tegearre wenje se yn in húske oan ’e mar.
Op in dei skillet tante Hippe, de tante fan Jurjen. Se wol in pear dagen útfanhûzje by Jurjen en Baukje.
Tante Hippe en Jurjen binne ‘close’ mei elkoar, Baukje en tante Hippe lizze elkoar net. Dat jout spanning. Mar tante Hippe komt dochs.
Is it echt, of is it net wier…?

In kring fan in ring

Frederik en Isabel ha, op it lêste perron fan it stasjon, perron 12, rûzje oer de brulloft. Lilk, omdat se har sin net krijt, smyt se de djoere ferlovingsring oer de reling, dy komt telâne op in leger lizzend part fan it stasjon, yn de folksmûle perron 13. De ring wurdt daliks al fûn troch in swalker. As Frederik op perron 13 oankomt om de ring te sykjen, is dy al poater. Wylst er om de ring siket leart hy de minsken, swalkers en bidlers, dy’t op it terrein tahâlde, better kennen. De âlde Arie, de bline Ronny, swalkers, en Rita en Vanessa, twa ûnbetroubere bidlers, dy wenje allegear ûnder de brêge fan perron 12. Fierder is der noch de heechswangere Suzy. De grutte fraach is: wa hat de ring fûn en foaral: wa hat de ring no? En komt it noch goed tusken Isabel en Frederik?

De wiere Jacob

It is Bob syn jierdei en syn freon hat foar him in keamer yn in hotel regele, mei sjampanje en in ‘eskort’ famke. De keamerhear fan it hotel, Jacob, soarget dat alles maklik en diskreet ferrint, sawol yn dizze keamer as yn de keamer hjirneist, dêr’t in diner regele wurdt foar twa minsken dy’t elkoar troffen ha fia in ‘dating’buro. It slot op de doar tusken beide keamers is stikken. Hjirtroch komt de dame fan de diner-ôfspraak by Bob op de keamer en sy tinkt dat sy by him wêze moat. Om’t hy leaver in diner mei har hat as betelle seks, betellet hy Jacob om mei te wurkjen om de ferwarring yn stân te hâlden.

Paspoart

Aurora wol de Nederlânske nasjonaliteit oanfreegje, omdat se tinkt dat dat har libben yn Nederlân makliker meitsje sil, en omdat se ek stimme wolle kin by de earstfolgjende provinsjale en de lanlike ferkiezings. Boppedat wol se dat har soantsje Bernardo yn Nederlân deselde kânsen krije kin as syn klasgenoaten; as sy de Nederlânske nasjonaliteit kriget, wol se dy trochjaan oan Bernardo.
Op it stedskantoar treft se Ingrid, dy’t fynt dat it minsken net te maklik makke wurde moat om de Nederlânske nasjonaliteit te krijen. Einlik wol se dat soks hielendal net bart. Der binne al genôch minsken dy’t in Nederlânsk paspoart krigen hawwe sûnder de taal te praten of ús gebrûken te kennen, fynt se. Hoe sil dit gean?

Hûs te keap

Heit wol foar dochter Marte, dy’t noch thús wennet, in hûs keapje yn Ferwert.
Hy wol har it hûs út ha, hy wol mear romte foar him en mem.
Hy wol wat mear ‘romantyk’ foar him en mem. Hoe lang is it al lyn dat se tegearre…
Marte wol it net, te fier fuort.
Mar de oare dochter, dy’t skieden is, wol it wol ha. Mem sjocht it ek wol sitten.
Lang om let bliuwt heit allinne achter en set er harren eigen hûs te keap.