Acht froulju

Op in moarntiid om Krysttiid hinne komt de âldste dochter thús fan har kostskoalle yn Ingelân, elk is like optein. Dat feroaret as bliken docht dat heit op syn keamer deastutsen is mei in dolk, de telefoan ôfsnien is, de auto ûnklear makke, de hûnen ferjûn binne en de útgong fan it hiem blokkearre is. Opsluten meiinoar, begjinne de froulju fan alles nei te gean en dan komt it: beppe is in nepert, mem woe by heit wei, tante is hysterysk en begnúft elk, de âldste dochter moat in bern ha, de húshâldster hat kaartskulden by de baas, de faam hie in ferhâlding mei him, syn suster hat tippele en sjantearre him en de jongste dochter is in oerkommeling. Dan docht de jongste dochter út'e doeken, dat se gearspand hat mei heit om gewaar te wurden hoe't de froulju echt binne as it masker fallen is. Sy hat in sabeare moard yn sêne set en in mikrofoan yn'e keamer ferstoppe....

Dit stik oanfreegje
Skriuwer(s): THOMAS, Robert
Titel: Acht froulju
Skreaun yn: ?
Utjoen yn: 1990
Te keap: 1
Oersetter: Beintema, Tabe
Oarspr. Titel: Acht vrouwen
Ynfierdatum: 1998-05-28
Dekor: 1
Omfang: Jûnfoljend
Rjochten: Dit stik is útjûn troch de Stuft. As jo it stik spylje wolle moatte jo de boekjes by de Stuft keapje. Ynljochtingen oer de opfieringsrjochten stean yn it boekje.
Tal froulju: 7
Tal manlju: 0